Springe nei ynhâld

Frije Universiteit

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan VU)
Frije Universiteit Amsterdam
Namme
Ynternasjonale namme VU University Amsterdam
Latynske namme Universitas Libera (Amstelodamensis of Reformata)
Lokaasje
Lân Nederlân
Plak Amsterdam
Oare bysûnderheden
Type Bysûnder ûnderwiis
Oprjochting 1880
Rektor Prof. dr. Vinod Subramaniam
Tal studinten 24.517 (2012)
Netwurken EUA, SAE, Santander
Offisjele webside
www.vu.nl
Frije Universiteit

De Frije Universiteit (faak ôfkoarten ta FU, soms mei de plaknamme útwreide ta Frije Universiteit Amsterdam) is de ienige algemiene protestantske universiteit fan Nederlân. It FU-kompleks leit oan de De Boeleleane yn stedsdiel Suderamstel.

De FU is ien fan de twa universiteiten yn Amsterdam. De oare is de Universiteit fan Amsterdam. De FU hat ek in eigen akademysk sikehûs, it FUmc. De universiteit wurket nau gear mei de Kristlike Hegeskoalle Windesheim yn Swol.

De FU is oprjochte op 20 oktober 1880 troch in groep otterdoks-protestantske kristenen ûnder lieding fan Abraham Kuyper (ek oprjochter fan de Anti Revolúsjonêre Partij). It wurd frij yn de namme doelt op it frij wêzen fan bemuoienissen fan tsjerke en steat, omt hja allinnich bûn is oan it wurd fan God.

De skiednis fan de FU wurdt beskreaun yn it boek Een hoeksteen in het verzuild bestel: de Vrije Universiteit 1880-2005 (In hoekstien yn it ferpyldere. De Frije Universiteit 1880-2005) ISBN 90-351-2867-2, 2005, troch Arie van Deursen.

It byldmerk fan de FU is de griffioen. Dit fabelbist út de easterske en Grykske âldheid hat it ûnderliif fan in liuw, de kop en wjukken fan in earn en de earen fan in hynder. De demystifisearre bynamme fan de griffioen is lykwols 'FU-hin'. De griffioen stiet foar it wittenskiplike én foar it 'frije' fan de FU: midden yn de werklikheid, nijsgjirrich, dynamysk en net-foar-ien-útlis fetber.

Yn 2005 hie de FU ûngefear 3600 meiwurkers (wêrfan 2000 yn wittenskiplike funksjes, wêrûnder sa'n 300 heechleararen).

Rektor Magnifikus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 2006 is Lex Bouter Rector Magnificus fan de FU. Hy folget hjirmei Taede Sminia op dy't sûnt 1997 dizze funksje hie.

Bekende persoanen ferbûn oan de FU

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De FU en har studinten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de jierren hinne hat de Frije Universiteit hieltyd mear in algemien-kristlik karakter krigen. De kristlike ynspiraasje fan de FU is ûnder oaren werom te finen yn har motto 'gewoan bysûnder'. It is in gewoane universiteit dêr't ûnderwiis en ûndersyk bedreaun wurde, en tagelyk in bysûndere fanwege har sterke maatskiplike belutsens. Der is relatyf in soad oandacht foar de libbensbeskôglike, kulturele en maatskiplike kanten fan de wittenskip. Mei hjirtroch hat de FU fergelike mei oare universiteiten yn Nederlân in soad allochtoane studinten. Boppedat is de earste imamoplieding fan Nederlân oan de FU fêstige.

It haadgebou fan de FU stie eartiids yn it sintrum fan Amsterdam. Troch it tanimmende oantal studinten ferhuze de universiteit yn 1973 nei de hjoeddeiske lokaasje oan de De Boeleleane. Yn 2006 hie de FU mear as 18.000 studinten. Hast tagelyk mei de universiteit is it ferbûn studintekorps ûntstien: it Studintenkorps oan de Frije Universiteit, ek wol L.A.N.X.. Oan de FU is in studintefakbûn aktyf, it SRVU.

De opliedingen fan de FU binne ûnderbrocht yn tolve fakulteiten. Elke fakulteit hat in beskaat wittenskipsgebiet. Dizze binne dan wer ûnderferdield yn spesifike fakgebieten. De tolve fakulteiten:

  • Fakulteit fan 'e Ierd- en Libbenswittenskippen
  • Akademysk Sintrum Toskhielkunde Amsterdam
  • Fakulteit fan 'e Bewegingswittenskippen
  • Fakulteit fan 'e Ekonomyske Wittenskippen en Bedriuwskunde
  • Fakulteit fan 'e Eksakte Wittenskippen
  • Fakulteit fan 'e Genêskunde
  • Fakulteit fan 'e Godsgeleardens
  • Fakulteit fan 'e Letteren
  • Fakulteit fan 'e Psychology en Pedagogyk
  • Fakulteit fan 'e Rjochtsgeleardens
  • Fakulteit fan 'e Sosjale Wittenskippen
  • Fakulteit fan 'e Wiisbegearte

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
 
Universiteiten yn Nederlân
Bekostige

Amsterdam · Delft · Eindhoven · Frije Universiteit · Grins · Iepen Universiteit · Leien · Maastricht · Nimwegen · Rotterdam · Tilburch · Twinte · Utert · Wageningen

Oanwiisd

Humanistyk · Kampen (Broederweg) · Nyenrode · Protestantse Theologische Universiteit · Saba · TIAS · T.U. Apeldoorn

Ynternasjonaal

Limburg · Webster University

Eardere universiteiten

Harderwyk · Frjentsjer · Kwartierlijke Academie van Nijmegen · K.T.U. Utrecht

· · Berjocht bewurkje