Springe nei ynhâld

Universiteit fan Amsterdam

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan UfA)
De Agnietenkapel oan de Oudezijds Voorburgwal
It Maagdenhuis, bestjoersgebou fan de UvA oan it Spui
De lokaasje fan de Universiteitsbibleteek Amsterdam oan it Koningsplein
De akademyske klup en de mensa fan de UvA oan de Grimburgwal
It Kohnstammhûs oan de Wibautstrjitte

De Universiteit fan Amsterdam (UvA), earder ek oantsjutten as GU (Gemeente Universiteit), is ien fan de twa universiteiten fan Amsterdam. De oare is de Frije Universiteit Amsterdam (VU).

De UvA bestiet sûnt 1632 as it Athenaeum Illustre - de illústere skoalle - dy't siet yn de Agnitenkapel. Doe hâlden Casparus Barlaeus en Gerardus Vossius harren ynaugurele redes.

Yn 1815 folge wetlike erkenning fan it Athenaeum Illustre as ynstelling fan heger ûnderwiis. Pas yn 1877 waard it Athenaeum omfoarme ta in gemeentlike universiteit, en krige it ek it promoasjerjocht.

De heechleararen waarden oarspronklik troch it bestjoer fan Amsterdam beneamd. De Amsterdamse boargemaster wie foarsitter fan it universiteitsbestjoer oant 1961. Sûnt dy tiid waard de ryksoerheid ferantwurdlik foar de finansjen.

De Universiteit fan Amsterdam kaam lanlik yn it nijs yn 1969. Doe waard it Maagdenhuis, it bestjoerlik sintrum fan de universiteit op it Spui, troch studinten beset omdat se mear demokratyske ynfloed hawwe woene. Yn de sechtiger, santiger en tachtiger jierren hat de Universiteit fan Amsterdam faak it sintrum west fan lanlike studintenaksjes, yn in soad gefallen oansetten troch de ASVA.

De UvA is ien fan de grutste Nederlânske universiteiten en hast alle stúdzjerjochtingen kinne hjir folge wurde. Yn 2009 hie de UvA sa'n 28.000 studinten en rom 5.000 personeelsleden. Der binne 7 fakulteiten.

Gearwurking UvA-HvA

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De UvA wurket yntinsyf gear mei de Hegeskoalle fan Amsterdam (HvA). Troch dizze gearwurking binne der goede oerstapmooglikheden (foar studinten fan beide ynstellings) en op elkoar oanslutende ûnderwiisprogramma’s.

De UvA en de HvA wurde sûnt 1 septimber 2003 bestjoerd troch in mienskiplik Kolleezje fan Bestjoer, dat foarme is troch in personiele uny. It hjoeddeiske kolleezje bestiet út: dr. Karel van der Toorn (foarsitter), prof. dr. Dymph van den Boom (rektor magnifikus) en drs. Paul Doop (fise-foarsitter). Yn it ramt fan de yntinsive gearwurking mei de HvA is prof. dr. Niek Urbanus sawol foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch fan de HvA as fan de UvA.

De Universiteit fan Amsterdam is fertsjintwurdige yn de Stichting Akademysk Erfgoed, in stichting dy't as doel hat om universitêre kolleksjes en kultuerskatten yn stân te hâlden.

De oare universiteit yn Amsterdam is de Frije Universiteit fan Amsterdam, dy't meastal koartwei mei VU oantsjutten wurdt en dy't fan protestantsk-kristlike sinjatuer is. UvA en VU binne yn gearwurking mei de gemeente Amsterdam dwaande mei de tastânkomming fan it Amsterdam University College (AUC). It AUC sil per septimber 2009 starte mei in nije bacheloroplieding op it mêd fan liberal arts and sciences. Dizze brede, Ingelstalige oplieding rjochtet him op eksellinte studinten út binnen- en bûtenlân. De nije kampus, mei studintehûsfesting, fan it AUC komt op it Science Park en is yn 2012 klear. Oant dy tiid is der hûsfesting fûn oan de Plantaazje Muidergracht.”

De UvA sit tige ferspraat oer Amsterdam yn sa'n 65 gebouwen. De kommende jierren wurdt it oantal lokaasjes werombrocht en wurde besibbe wittenskiplike dissiplines ûnder ien dak brocht: alfa, bèta, gamma, medysk; respektivelik op it Binnengasthûsterrein, yn de Watergraafsmeer (Science Park), op it Roeterseilân en yn Amsterdam Súdeast.

It Science Park Amsterdam wurdt ûntwikkele ta ynternasjonaal kennissintrum mei ûndersyksynstituten as it Nasjonaal Ynstitút foar subatomêre fysika (NIKHEF), it FOM-ynstitút foar Atoom- en Molekúlfysika (AMOLF), it Sintrum foar Wiskunde en Ynformatika (CWI) en SARA Rekken- en Netwurktsjinsten.

De Universiteit hat in belangrike universiteitsbibleteek, de Universiteitsbibleteek fan Amsterdam (faak ôfkoarte as UBA), ferspraat oer 27 gebouwen yn Amsterdam. De haadfestiging is tagelyk de grutste en stiet oan Singel 425. De Bibleteek Bysûndere kolleksjes, sûnt 2007 oan de Oude Turfmarkt, is yn syn soarte ien fan de wichtichste en grutste yn Nederlân, tegearre mei de bysûndere kolleksjes fan de Universiteitsbibleteek Leien en de Keninklike Bibleteek. De Bysûndere Kolleksjes beheare âlde drukken, bysûndere moderne útjeften, hânskriften, kaarten en byldmateriaal as printen, affysjes en foto’s. Der binne bekende en grutte kolleksjes op it mêd fan boekskiednis en grafyske foarmjouwing, hebraïka en judaïka, soölogy en protestantisme. De kolleksjes fan alle UvA-bibleteekfestigingen mei-inoar binne troch te sykjen yn de online UvA-katalogus.

De universiteit hat yn 2007 as fakulteiten:

Undersyksynstituten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Universiteit hie yn 2007 das ûndersyksynstituten:

Opliedingsynstituten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boppedat hat de universiteit nog een paar opleidingsinstituten:

(Ald-)meiwurkers en studinten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In soad generaasjes akademisy hellen in bul oan de Universiteit fan Amsterdam. De UvA organisearret foar har alumny (ôfstudearden) alderlei byienkomsten en aktiviteiten. De Amsterdamse Universiteits-Feriening (AUV) is de algemiene alumnyferiening fan de UvA. Fia de webstee fan de UvA is it Album Academicum te besjen: in ynternetside mei in oersjoch fan alle heechleararen dy't oan de UvA ferbûn binne en west ha. Ek hawwe in soad hjoeddeiske meiwurkers in persoanlike webside. Under de alumny fan de UvA binne in soad wittenskippers, sjoernalisten, politisy, skriuwers, ûndernimmers fan namme. In karút:


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Universiteiten yn Nederlân
Bekostige

Amsterdam · Delft · Eindhoven · Frije Universiteit · Grins · Iepen Universiteit · Leien · Maastricht · Nimwegen · Rotterdam · Tilburch · Twinte · Utert · Wageningen

Oanwiisd

Humanistyk · Kampen (Broederweg) · Nyenrode · Protestantse Theologische Universiteit · Saba · TIAS · T.U. Apeldoorn

Ynternasjonaal

Limburg · Webster University

Eardere universiteiten

Harderwyk · Frjentsjer · Kwartierlijke Academie van Nijmegen · K.T.U. Utrecht

· · Berjocht bewurkje