Maarten van Traa

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Maarten van Traa
High-contrast-accessories-text-editor.svg politikus
Persconferentie PvdA in Nieuwspoort Maarten van Traa , kop, Bestanddeelnr 933-2793.jpg
echte namme Maarten van Traa
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
bertedatum 18 maaie 1945
berteplak Oegstgeest (Noard-Hollân)
stjerdatum 21 oktober 1997
stjerplak Amsterdam (Noard-Hollân)
etnisiteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
partij PvdA
lid fan de Twadde Keamer
amtsperioade 19861997

Maarten van Traa (Oegstgeest, 18 maaie 1945Amsterdam, 21 oktober 1997) wie in Nederlânsk politikus. Hy hie fan 1986 oant syn dea foar de PvdA sit yn 'e Twadde Keamer. Van Traa waard benammen bekend as de foarsitter fan 'e Parlemintêre Enkêtekommisje Opspoaringsmetoaden (ek wol de kommisje-Van Traa neamd), dy't ynsteld waard nei oanlieding fan 'e opsjochjaande IRT-affêre. Van Traa kaam yn 1997 om it libben by in ferkearsûngemak op 'e Ring om Amsterdam.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid, oplieding en sjoernalistyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Traa waard yn 1945 berne yn Oegstgeest as de soan fan heechlearaar ekonomy Piet van Traa en sjoernaliste Jet van der Burg. Nei it ferstjerren fan syn heit, yn 1988, kaam oan it ljocht dat er eins berne wie út in bûtenhoulikse relaasje fan syn mem mei har kollega Sybout Colenbrander. Foar Van Traa wie dat doe oanlieding om kontakt mei syn biologyske heit te sykjen, mei wa't er oant dy syn dea yn 1993 in goede ferstânhâlding hie.

Van Traa genoat middelber ûnderwiis oan it Stedsk Gymnasium yn Leien, en neitiid studearre er rjochten oan 'e Universiteit fan Amsterdam. Letter died er in stúdzje politike wittenskippen, earst fan 1967 oant 1968 yn Frankryk, en dêrnei fan 1970 oant 1972 yn 'e Feriene Steaten. Tuskentroch wurke Van Traa fan 1968 oant 1970 as sjoernalist foar it Algemien Hannelsblêd, en dêrnei wied er yn 'e Feriene Steaten oant 1972 njonken syn stúdzje korrespondint foar de Frânske krante Le Monde. Nei't er syn stúdzje ôfrûne hie, wurke er oant 1979 by de Nederlânske tillefyzje, sawol foar de VPRO as de NOS.

Politike karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1974 waard Van Traa lid fan 'e PvdA, en foar dy partij waard er yn 1979 ynternasjonaal siktaris. Dy funksje oefene er út oant april 1987. As lid fan it partijbestjoer rjochte er him yntinsyf op 'e fredesbeweging, en yn 't bysûnder op 'e gearwurking mei it tsjerklike IKV. Nei de oprjochting fan it Komitee Krúsraketten Nee, yn 1982, kaam er ek yn it bestjoer fan dat gearwurkingsferbân. By de Nederlânske ferkiezings fan 1986 waard Van Traa foar de PvdA yn 'e Twadde Keamer keazen, en op 3 juny fan dat jier naam er syn sit dêre yn. Dy sit soed er oan syn dea ta behâlde. Yn 'e Twadde Keamer wie Van Traa foar de PvdA-fraksje wurdfierder op it mêd fan bûtenlânske saken, en oant 1994 ek wurdfierder oangeande it frjemdlingebelied.

De opsjochjaande IRT-affêre late yn juny 1994 ta it ynstellen fan in parlemintêre wurkgroep nei de opspoaringsmetoaden dy't hantearre waarden troch de Nederlânske plysje. Fan dy wurkgroep, dy't oant oktober 1994 bestie, waard Van Traa de foarsitter. Doe't der nei oanlieding fan 'e útkomsten fan it ûndersyk fan 'e wurkgroep besletten waard en hâldt in parlemintêre enkête, waard Van Traa ek de foarsitter fan 'e Parlemintêre Enkêtekommisje Opspoaringsmetoaden. Troch dy funksje krige er yn Nederlân grutte bekendheid. De kommisje konkludearre dat de opspoaringstsjinsten gebrûk makken fan yllegale metoaden, en die foarstellen om in stikmannich fan dy metoaden te legalisearjen, en de oaren út te bannen. Ut dy foarstellen kaam letter de Wet Bysûnder Opspoaringsfoech fuort.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1969 oant 1992 wie Van Traa troud mei de Fransêze Delphine de Pury, mei wa't er yn it Amsterdamske studintelibben yn 'e kunde kommen wie. Op 1 novimber 1996 wertroude er mei de eardere PSP-politika Andrée van Es, mei wa't er al fan 1990 ôf in relaasje hie.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maarten van Traa kaam op 21 oktober 1997 hommels om it libben by in ferkearsûngemak op 'e ôfslach fan 'e Ring om Amsterdam nei de Rykswei A4. Yn Nederlânske politike fermiddens hearske in skoftke it fermoeden dat der sabotaazje dien wie oan syn auto. De plysje stelde dêr in djipdollend ûndersyk nei yn, mar koe dêr gjin bewizen foar fine. Nei ynsjoch yn it plysjerapport joegen sawol VVD-politikus en jeugdfreon fan Van Traa Benk Korthals as KristenUny-politikus en lid fan 'e IRT-kommisje André Rouvoet oan dat se derfan oertsjûge wiene dat it om in 'gewoan' ûngelok gie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.