Mirjam Sterk
Willemina Roziena Catharina (Mirjam) Sterk (Zeist, 23 maaie 1973) is in Nederlânske politika. Sy is sûnt 2002 lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal foar it Kristen Demokratysk Appèl (CDA). Neist Kamerlid is Sterk ek predikante yn de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke (no PKN).
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sterk studearre teology oan de Ryksuniversiteit Utert en de tsjerklike oplieding oan de Universiteit fan Amsterdam. Nei har stúdzje waard Sterk dosint godstsjinst en wurke hja in skoft by de IKON. Yn 2000 waard sy bestjoersassistint fan de Rotterdamske wethâlder Jacques van der Tak.
Yn 2002 waard Sterk keazen as Twadde Keamerlid. Yn de CDA-fraksje is Sterk wurdfierder Yntegraasje en Ymmigraasje/Asyl Nasjonaliteitswetjouwing en Earerelatearre geweld.
Foar de ferkiezingen fan 2002 waard Mirjam Sterk troch goed 500.000 minsken op de ynternetside Politiek-digitaal.nl keazen as it meast oantreklike kandidaat-keamerlid.
Sterk besleat om net mei te dwaan oan de Twadde Keamerferkiezingen fan 2012. Doe't se op 19 septimber 2012 de Twadde Keamer ferliet waard se beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Mirjam Sterk waard yn april 2013 de nije 'ambassadeur jeugdwurkleazens'. Yn dy funksje spilet se in bemideljende rol by it weromkrigen fan wurkleazens ûnder de jongerein, dy't troch de ekonomyske krisis, sûnt 2008, oprûn wie oant 15 persint. Dy funksje is se foar twa jier oangien.
Yn novimber en desimber 2013 presintearre Sterk it telefyzjeprogramma yn seis dielen 'Jij bent Sterk' (EO/IKON). Yn dat programma brocht se minsken foar it fuotljocht fan wa't de minskerjochten skeind wurde en kaam se yn aksje foar harren.
Persoanlik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mirjam Sterk is troud en hat in soan en in dochter. Sy is lid fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN).