Geert Mak
Geert Ludzer Mak (Flaardingen, 4 desimber 1946) is in Nederlânsk jurist, sjoernalist en skriuwer.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mak waard berne yn Flaardingen, as neikommelinkje fan dominy Catrinus Mak en Geertje van der Molen, yn in húshâlding fan acht persoanen. Hy groeide op yn Hurdegaryp, en folge it Grifformeard Gymnasium yn Ljouwert. Yn 1966 begûn er mei in stúdzje steatsrjocht en rjochtssosjology aan de Frije Universiteit te Amsterdam, om yn 1967 oer te stappen nei de Universiteit fan Amsterdam. Doe't er yn 1972 ôfstudearre waard er yn 1973 dosint steats- en fremdljingerjocht oan de Universiteit Utert. Sûnt 1975 wurket er foar de Groene Amsterdammer en NRC Handelsblad, en dêrnei foar de VPRO. Yn de tachtiger jierren wurket er as fraksjemeiwurker by de PSP. Yn de njoggentiger jierren waard er fulltime skriuwer. Hy beklaaide de Wibautlearstoel oan de Universiteit fan Amsterdam fan 2001 oant 2003.
Alhoewol't Mak gjin oplieding ta histoarikus folge hat, waard er twa kear troch it Historisch Nieuwsblad útroppen as histoarikus fan it jier[1] en krige er yn 2004 in earedoktoraat fan de Iepen Universiteit "foar syn wichtige en orizjinele bydrage oan de skiednisskriuwerij".[2]
Yn it ramt fan de festiviteiten by it 25-jierrich bestean fan it Zentrum für Niederlande-Studien fan de Westfälische-Wilhelms Universität (WWU) Münster waard Geert Mak op 11 desimber 2014 troch de fakgroep Skiednis/Filosofy fan de WWU Münster in earedoktoraat útrikt.[3] Yn de taljochting by it te ferlienen earedoktoraat wurdt derop wiisd dat Mak ”as begenedigd skiedferteller by steat [is] fakwittenskip, popularisearring, orzjinaliteit en engaazjemint mei elkoar te ferbinen”.[4]
Mak is boaske oan Mietsie Ruiters, hat twa styfbern, twa bern en fiif bersbern.[5]
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1992 - De engel van Amsterdam
- 1995 - Een kleine geschiedenis van Amsterdam
- 1996 - Hoe God Verdween uit Jorwerd
- Fryske oersetting: Hoe't God Ferdwûn út Jorwert (fert. Abe de Vries, 2017)
- 1997 - Het stadspaleis
- 1998 - Het ontsnapte land (boekewike-essay)
- 1999 - De eeuw van mijn vader
- 1999 - Ooggetuigen van de wereldgeschiedenis in meer dan honderd reportages (ynlaat en gearstalle troch Geert Mak en René van Stipriaan)
- 2000 - De zomer van 1823 / Lopen met Van Lennep (mei Marita Mathijsen)
- 2001 - De goede stad (oraty)
- 2002 - De nachtmerrie van Steiner (tegearre mei Felix Rottenberg)
- 2004 - In Europa
- 2005 - Gedoemd tot kwetsbaarheid
- 2005 - Nagekomen flessenpost
- 2006 - Het eiland
- 2007 - De brug (Boekewikepresint)
- 2007 - De goede stad
- 2008 - Verleden van Nederland (mei Jan Bank, Gijsbert van Es, Piet de Rooy en René van Stipriaan)
- 2012 - De hond van Tišma
- 2012 - Reizen zonder John. Op Zoek naar Amerika
- 2012 - Mijn land. Een minigeschiedenis voor beginners
- 2015 - De brug, ISBN 978-90-450-2953-5
- 2016 - De levens van Jan Six, ISBN 978-90-450-2776-0
- 2019 - Grote Verwachtingen. In Europa 1999-2019, ISBN 9789045038919
- 2020 - Epiloog bij Grote Verwachtingen ISBN 978-90-450-42
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1999 - Roland Holst-priis foar Hoe God verdween uit Jorwerd
- 2000 - Bol.com Literatuer-priis foar De eeuw van mijn vader
- 2000 - Trouw Publykspriis foar it Nederlânske Boek foar De eeuw van mijn vader
- 2004 - NS Publykspriis foar it Nederlânske Boek foar In Europa
- 2008 - Leipziger Buchpreis zur Europäischer Verständigung foar In Europa
- 2009 - De Otto Von der Gablentzpriis
- 2015 - Gouden Ganzenveer
- 2015 - Comeniuspriis
- 2017 - Oeuvrepriis fan it Prins Bernhard Kultuerfûns
- 2021 - Karlsmedaille für europäische Medien
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Geert Mak
- Nederlânsk sjoernalist
- Nederlânsk rjochtsgelearde
- Nederlânsk skiedkundige
- Nederlânsk heechlearaar
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk telefyzjepresintator
- Frysk sjoernalist
- Frysk rjochtsgelearde
- Frysk skiedkundige
- Frysk heechlearaar
- Frysk publisist
- Frysk telefyzjepresintator
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Frysk persoan fan Nederlânsk komôf
- Hurdegaryp
- Jorwert
- Persoan berne yn 1946