Springe nei ynhâld

Hoe't God Ferdwûn út Jorwert

Ut Wikipedy
Hoe't God Ferdwûn út Jorwert
algemiene gegevens
oarspr. titel Hoe God Verdween uit Jorwerd
auteur Geert Mak
taal Nederlânsk
foarm non-fiksje
sjenre skiednis
1e publikaasje 1996, Amsterdam/Antwerpen
oarspr. útjwr. Uitgeverij Atlas
prizen Roland Holst-priis 1999
kodearring
ISBN 9 05 54 23 459
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Hoe't God Ferdwûn út Jorwert
publikaasje 2017, Ljouwert
útjouwer Het Nieuwe Kanaal
oersetter Abe de Vries
ISBN oers. 978-9 49 24 57 066

Hoe't God Ferdwûn út Jorwert, yn it oarspronklike Nederlânsk: Hoe God Verdween uit Jorwerd, is in non-fiksjeboek fan 'e hân fan 'e Nederlânske skriuwer Geert Mak. It ferhellet oer it doarp Jorwert, yn 'e Fryske Greidhoeke, en de feroarings dy't dêr plakfûnen yn it tiidrek tusken 1945 en 1995. It soe omskreaun wurde kinne as de biografy fan it doarp. Mei dit boek briek Mak troch en rekke er bekend yn hiel Nederlân, en yn 1999 wûn er der de Henriëtte Roland Holst-priis mei. Hoe God Verdween uit Jorwerd waard foar it earst publisearre yn oktober 1996, troch Uitgeverij Atlas, yn Amsterdam. De Fryske oersetting, makke troch Abe de Vries, ferskynde yn 2017 by Het Nieuwe Kanaal, yn Ljouwert.

Hoe't God Ferdwûn út Jorwert ferhellet oer de feroarings dy't yn Jorwert plak hawwe nei de Twadde Wrâldoarloch. Dêrby wurdt benammen de ûndergong fan it boerelibben op it plattelân yngeand beskreaun. Iuwenlang hat it doarp suver stilstien yn 'e tiid en is der net in soad feroare. Mar nei de oarloch ûntjout Jorwert him fan in lyts boeredoarpke nei in wenplak foar forinsen dy't net yn 'e stêd wenje wolle, en in rekreaasjebestimming foar toeristen. Wêr't de minsken foar de oarloch bot oaninoar besibbe wiene, feroaret dat neitiid allegear.

De melkmasine docht syn yntree, mei as gefolch dat de boere-arbeider gjin wurk mear hat. Boeren krije in molkkwotum taparte, en moatte har geandewei oan almar mear regeljouwing hâlde dy't har fan oerheidswegen oplein wurdt. Foar in protte fan harren kin dat net út, en sadwaande moatte guon ophâlde, wat de oerbliuwende feehâlderijbedriuwen helpt om hieltyd grutter te groeien.

Minsken fan bûten komme yn it doarp te wenjen ('ymport'), dy't de drokte fan 'e stêd ûntflechtsje en rêstiger wenje wolle. Dat binne lju dy't net groetsje, mar inoar op 'e dyk stil foarbyrinne. Fierders komt de bus net mear by Jorwert del, de plysje ken de strjitten net mear út 'e holle en de opfeart wurdt ôfdame. Yn 1951 stoart de tsjerketoer yn, en sa set de 'revolúsje' stadichoan troch. De slachter hâldt op, it postkantoar wurdt opheft en de smid kriget gjin wurk mear. Ek de winkelman moat ophâlde om't er de konkurrinsje mei de supermerken yn 'e omlizzende gruttere plakken net mear oan kin. Wêr't earder alle Jorwerters by him kamen om boadskippen, litte se har no inkeld nochris sjen as se wat by de supermerk fergetten binne.

De ferpyldering yn Nederlân, mei de ûnderskate politike en godstsjinstige streamings, hawwe de Jorwerters net in soad mei te krijen. De pear roomsen yn it doarp wurde net op har leauwe ôfrekkene. Wol kriget de stêd hieltyd mear ynfloed op 'e pleatslike jongerein. De bern wolle de bedriuwen fan harren âlden net mear oernimme; se wolle nei stêd. En troch de regels fan 'e oerheid wurdt it buorkjen de boeren almar swierder makke. De iene nei de oare hâldt op.

Jorwert.

De doarpsbewenners fiele gjin mienskipssin mear mei-inoar. Net allinnich troch de minsken dy't fan bûten ynkommen binne, mar ek troch it ûntbrekken oan ûnderling fertrouwen. Waard de foardoar earder ornaris iepenlitten, no moat de boel ticht om't der oars ynbrutsen wurdt, en moat men de fytsen op 't slot sette tsjin 'e stellerij. Uteinlik komme de Jorwerters inkeld noch gear as der merke is en by it iepenloftspul.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoe God Verdween uit Jorwerd waard yn febrewaris 2017 ûnder de titel Hoe't God Ferdwûn út Jorwert yn it Frysk útbrocht troch de útjouwerij Het Nieuwe Kanaal yn Ljouwert. De fertaling waard makke troch Abe de Vries, dy't him dêrfoar neat oanloek fan 'e staveringsferoaring fan 2015, sa't bliken docht út de ûndertitel: In Nederlânsk Doarp yn 'e Tweintichste Ieu ('ieu' moat fan 'e Fryske Akademy sûnt 2015 stavere wurde as 'iuw'). De oersetting waard publisearre mei finansjele stipe fan 'e Provinsje Fryslân, it Jacob Krol Fûns yn behear by de Stifting Frysk Akademyfûns, en de Boersma-Adema Stichting. Der wie in (ek fertaald) wiidweidich en aktueel neiwurd troch Geert Mak oan dizze útjefte tafoege.

Oare oersettings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

'Hoe God Verdween uit Jorwerd' is ek oerset yn ferskate oare talen, te witten: it Dútsk, Frânsk, en Ingelsk. De Dútske ferzje kaam yn 1999 út en waard oersetten troch Isabelle de Keghel ûnder de titel: Wie Gott Verschwand aus Jorwerd: Der Untergang des Dorfes in Europa. De Ingelske fertaling, troch Ann Kelland, waard yn 2000 útbrocht en hat koartwei de namme Jorwerd. Yn 2005 folge de Frânske oersetting troch Pierre-Jean Brassac mei as titel Que Sont Devenus les Paysans?

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Mak, Geert, Hoe God Verdween uit Jorwerd: Een Nederlands Dorp in de Twintigste Eeuw, Amsterdam/Antwerpen, 1996 (Uitgeverij Atlas), ISBN 9 05 54 23 459 (hardcover), ISBN 9 02 54 08 77X (paperback).
  • Mak, Geert, Hoe't God Ferdwûn út Jorwert: In Nederlânsk Doarp yn de Tweintichste Ieu (oers. Abe de Vries), Ljouwert, 2017 (Het Nieuwe Kanaal), ISBN 978-9 49 24 57 066.