Springe nei ynhâld

Skanoskrift

Ut Wikipedy
Skanoskrift nûmer 21, febrewaris 2013

It Skanoskrift wie in Frysktalich periodyk tydskrift fan de eardere stúdzjeferiening Skanomodu (2007-2014). Skanomodu wie ferbûn oan de stúdzje Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins. Sûnt it akademysk jier 2013-2014 waard de stúdzje Frysk fuortset as de bacheloroplieding "Minorities and Multilingualism". Foar dy oplieding is der in nije stúdzjeferiening: Multi.

It Skanoskrift ferskynde alle fearnsjierren. It blêd waard folle mei wittenskiplike stikken út de frisistyk, nijs en aardichheden oer de stúdzje en de feriening, resinsjes, proaza, poëzij, ferslaggen en trivia. Der binne in oantal spesjale útjeften fan it Skanoskrift ferskynd. De foarste is it Breuker-nûmer, dat ferskynde ta gelegenheid fan it ôfskie fan dosint Pieter Breuker. It twadde spesjale nûmer is it Vries-nûmer, dat oan dosint Oebele Vries oanbean waard by syn ôfskie. It tredde nûmer is de SkanoGlossy, it snuteboek fan de feriening. De SkanoGlossy hat kwa ynhâld wat fan in tradisjoneel almenak en kwa foarm fan in moderne glimmer.

De lêste redaksje fan it Skanoskrift waard foarme troch de fjouwer bestjoersleden fan stúdzjeferiening Skanomodu: J. Ybema, S. Kingma, M. Reitsma en N.J. de Vries.

Nei it opheffen fan de feriening op 1 jannewaris 2015 ferskynde it Skanoskrift net mear. Yn totaal ferskynden der 29 nûmers. De feriening gie fierder as in stifting: Stifting Skanomodu, dy't it nije Y-skrift (ynternettydskrift) Skanomodu útjout.