It Parfum

Ut Wikipedy
It Parfum
De Fryske oersetting, útjûn troch Utjouwerij Regaad.
De Fryske oersetting, útjûn troch Utjouwerij Regaad.
algemiene gegevens
oarspr. titel Das Parfum
auteur Patrick Süskind
taal Dútsk
foarm roman
sjenre histoaryske roman, fantasy
1e publikaasje 1985, Zürich
oarspr. útjwr. Diogenes Verlag
prizen World Fantasy Award 1987
kodearring
ISBN 3 25 70 16 786
oersetting nei it Frysk
Fryske titel It Parfum
publikaasje 2018, Grins
útjouwer Utjouwerij Regaad
oersetter Jan Popkema
ISBN oers. 978-9 08 21 97 082

It Parfum, yn it oarspronklike Dútsk: Das Parfum (mei as ûndertitel Die Geschichte eines Mörders, "It Ferhaal fan in Moardner"), is in roman fan 'e hân fan 'e Dútske skriuwer Patrick Süskind. It is literêre histoaryske roman mei sokke sterke magysk-reälistyske eleminten dat it ek wol omskreaun wurdt as in fantasyroman. It ferhaal fertelt oer in parfummakker yn it Frankryk fan 'e achttjinde iuw, dy't begjint te moardzjen om it perfekte parfum te meitsjen. Das Parfum waard foar it earst publisearre yn 1985, en is sûnt yn likernôch fyftich talen oerset. Anno 2012 wiene der fan it boek al mear as 20 miljoen eksimplaren ferkocht, wêrmei't it ien fan 'e meast súksesfolle oarspronklik Dútsktalige boeken út 'e hiele tweintichste iuw is. Das Parfum stie njoggen jier oan ien wei troch yn 'e bestsellerlist fan it wykblêd Der Spiegel. Süskind wûn der yn 1987 de World Fantasy Award mei. De Fryske oersetting ferskynde yn 2018.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jean-Baptiste Grenouille (grenouille is Frânsk foar "kikkert") wurdt yn 1738 yn Parys berne. Syn heit is ûnbekend, en syn mem wurdt frijwol daliks dêrnei oppakt op beskuldiging fan ynfantiside op har fjouwer eardere poppen, dêr't se neitiid ek foar terjochtsteld wurdt. Grenouille bliuwt as wees efter. Hy wurdt fanút in weeshûs yn in pleechgesin pleatst, mar hy is in dreech, solitêr bern. Uteinlik wurdt er learjonge by in leartouwer. Sûnder dat oare minsken it witte, hat Grenouille in útsûnderlike rooksin en in bûtengewoane feardichheid om roken faninoar te ûnderskieden. Dêrtroch kin er dingen dwaan dy't foar oaren wol tsjoenderij lykje, lykas ferkearde grienten oanwize troch de rook fan 'e wjirms dy't se befetsje, of besikers identifisearje as se syn hûs noch net iens berikt hawwe. Ek kin er him sûnder swierrichheden troch folslein tsjuster bewege, trochdat er alle foarwerpen om him hinne rûke kin.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Op in dei, as er suver alle roken fan 'e stêd al út 'e holle ken, wurdt er ferrast troch in unike geur. Hy folget dy mei de noas werom nei de boarne, en komt ta de ûntdekking dat de rook ôfjûn wurdt troch in jong famke dat krekt de puberteit berikt hat en dêrmei mar justjes jonger is Grenouille sels. Hy wurdt yn ferfiering brocht troch har rook, en mient dat omdat hy dy as iennichste wurdearje kin, hy der ek alle rjocht ta hat om har rook as iennichste te besitten. Dêrom fermoardet er it famke en bliuwt by har lyk oant de rook weiwurden is. Neitiid rekket er obsedearre troch de keunst fan it meitsjen fan parfum, en dêrom giet er yn 'e lear by de grutte parfummakker Giuseppe Baldini. Foar parfummeitsjen is Grenouille troch syn útsûnderlike rooksin bûtengewoan geskikt, hoewol't inkeld Baldini dat ûntdekt. Uteinlik fertelt Baldini him dat der behalven distillaasje ek oare techniken brûkt wurde kinne om in wiid ferskaat oan geuren te preservearjen, en dat er sokke techniken ûntdekke kin yn it sintrum fan 'e parfummakkerij, de krite fan Grasse, oan 'e Frânske Riviêra.

Underweis nei Grasse reizget Grenouille troch it Frânske plattelân, en ûntdekt er dat er walget fan 'e minsklike rook. Hy begjint bewenne plakken te mijen en libbet jierrenlang yn in grot. Dat primitive mar freedsume bestean einiget as er ta it besef komt dat er sels gjin lichemsrook hat. Hy reizget nei Montpelier, dêr't er, om syn fersliten klean en fersmoarge uterlik te rjochtfeardigjen, it ferhaal fertelt dat er ûntfierd is en jierrenlang yn in grot finzen holden is. Yn Montpelier makket er in lichemsrook foar himsels út aldendeiske materialen, en ûntdekt dat dy nije momkape oare minsken misliedt om te tinken dat it de rook fan in minske is. No wurdt Grenouille ynienen akseptearre yn 'e minsklike maatskippij, en om't dat earder net sa wie, rekket er derfan oertsjûge dat al syn eardere swierrichheden te witen wiene oan it ûntbrekken fan in lichemsrook. Mar no't er de minskheid misliede kin mei in ienfâldige geur, groeit ûnderwilens syn minachting foar oare minsken fierder ta. Hy beseft dat er roken ûntwikkelje kin dy't 'boppeminsklik' of sels 'ingelich' binne, en dy't in nea earder sjoen effekt hawwe sille op hoe't oare minsken oer him tinke.

Einlings oankommen yn Grasse giet Grenouille op 'e nij yn 'e lear by parfummakkers en leart er hoe't er geuren ûntlûke en preservearje moat. Op in dei komt er in nije rook tsjin dy't noch hearliker is dy fan syn earste slachtoffer. It is de geur fan in jong famke dat Laure Richis hjit. Grenouille beslút dat er diskear besykje sil om 'e rook fysyk te bewarjen en net inkeld yn syn ûnthâld, en begjint dêrnei in nij wurkpaad as searjemoardner fan lekker rûkende jonge famkes, mei as doel om te oefenjen yn it preservearjen fan harren lichemsrook. Dêrta knipt er harren hier ôf, mei't dat it diel fan it lichem is dat it sterkst de lichemsrook fêsthâldt. Fierders rekket er syn slachtoffers net oan, mei't er net ynteressearre is yn seks, mar inkeld yn geuren. Laure har rike heit Antoine Richis beseft op in stuit dat syn dochter it úteinlike doel fan 'e searjemoardner wêze moat, en bringt har nei in feilich plak ta. Mar Grenouille komt harren efternei troch har rook te folgjen, en as se ûnderweis hohâlde om te oernachtsjen, fermoardet er Laure en wit er mei súkses har lichemsrook te preservearjen.

Koarte tiid letter wurdt Grenouille oppakt en ta de dea feroardiele. Underweis nei syn eksekúsje draacht er lykwols in nij parfum dat er makke hat, dat oaren ûntsach en ferearing ynboezemet. Hoewol't syn skuld oan 'e rige moarden fêststiet, rekket de kliber folk dy't op 'e terjochtstelling ôf kommen is, dêrtroch sa fan Grenouille yn 'e besnijing, dat er befrijd wurdt. Sels Antoine Richis fertelt him dat er him graach oannimme wolle soe as soan. Troch Grenouille syn parfum rekket hiele Grasse belutsen by in massale orgy, dêr't neitiid nimmen ea wer oer praat. Grenouille sels beseft no lykwols pas hoefolle oft er alle oare minsken hatet, en dat sels de macht dy't syn parfum him oant no ta jûn hat, him net gelokkich makket. Hy reizget werom nei Parys en as er dêr in kloft folk sjocht, jit er de hiele ynhâld fan syn parfumfleske oer himsels hinne. De lju wurde dan sa sterk ta him oanlutsen, dat se harsels twongen fiele om stikjes fan him te bemachtigjen en op te iten. Sadwaande wurdt Grenouille útinoar skuord troch de breinroere mannichte. Dat wie in gefolch dat er foarsjoen hie, en it oer himsels útjitten fan it hiele parfumfleske is dan ek in foarm fan selsmoard. It boek einiget mei de kliber minsken dy't troch harren eigen dieden beskamme binne, mar har tagelyk ek tige grutsk fiele om't se foar it earst wat út leafde dien hawwe.

Mooglike ynspiraasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It is mooglik dat Süskind foar syn roman oer de searjemoardner Grenouille ynspirearre waard troch it wiere ferhaal fan 'e searjemoardner Manuel Blanco Romasanta (1809-1863), byneamd 'de Wolfsman', dy't ferskate froulju en bern ûntfierde en fermoarde om harren lichemsfet te winnen en dêrmei sjippe te meitsjen. De namme Grenouille soe ynsprirearre wêze kinne troch de wiere Frânske parfummakker Paul Grenouille, dy't syn efternamme feroare yn Grenoville doe't er syn 1879 syn eigen parfumery begûn.

Adaptaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Das Parfum waard yn 2006 ferfilme troch regisseur Tom Tykwer, ûnder de titel Das Parfum: Die Geschichte eines Mörders. Yn Moskou gie yn desimber 2010 in musical fan Igor Demarin yn premiêre dy't basearre wie op 'e roman. Demarin krige dêrfoar tastimming fan Süskind nei't er twa jier lang korrespondearre hie mei de fertsjintwurdigers fan 'e auteur. Fierders komme yn 'e ôflevering Sense Memory fan 'e Amerikaanske plysjesearje Criminal Minds sa'n soad oerienkomsten mei de roman foar, dat dy dêr wol (loskes) op basearre wêze moat. Ek binne ferskate lieten op it boek basearre, wêrûnder Scentless Apprentice fan 'e Amerikaanske band Nirvana, Du riechst so gut fan 'e Dútske band Rammstein en 향 (Scentist) fan 'e Súdkoreaanske jongesgroep VIXX.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Das Parfum waard yn 2018 ûnder de titel It Parfum yn it Frysk oerset troch Jan Popkema. Dy fertaling waard útbrocht by Utjouwerij Regaad te Grins, mei finansjele stipe fan 'e Provinsje Fryslân. De boekfersoarging waard dien troch Peter Boersma, dy't ek ferantwurdlik wie foar de omslach. It printwurk waard útbestege oan Drukkerij Douma yn Dokkum.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.