Julianatsjerke (Aldebiltsyl)
Julianatsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Ds. Schuilingstraat 4-6 | |
koördinaten | 53° 18′ 3″ NB, 5° 43′ 5″ EL | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tsjerke | |
subtype | fermanje | |
boujier | 1806 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 46547 |
De Julianatsjerke (Biltsk en Nederlânsk: Julianakerk) is in tsjerkegebou yn it doarp Aldebiltsyl, yn 'e Fryske gemeente It Bilt.
Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke waard yn 1806 boud as in minnistyske fermanje en yn 1860 fergrutte mei de derfoar leine pastory. De yngongspartij fan 'e pastory hat in pilasteromlisting en in rûnbôgich fronton. Yn 1909 waard boppe-op de pastory in houten geveltoer mei toerspits yn neoklassisistyske styl boud. Nei de berte fan prinsesse Juliana, datselde jiers, waard de tsjerke nei har ferneamd en waard yn 'e iepenwurke bekroaning fan 'e toer in liedklok hongen.
It ynterieur fan de rjocht sletten sealtsjerke wurdt oerdutsen troch in houten tûneferwulft. It oargel, út 1896, is makke troch Bakker & Timmenga.
De Julianatsjerke hat de status fan ryksmonumint. Sûnt 1997 hat it gebou gjin tsjerklike funksje mear. It waard dat jiers oankocht troch de gemeente It Bilt en yn 2009 trochferkocht oan 'e Stifting DBF, dy't yn Fryslân mear monuminten op 'e noed hat. Sûnt 1999 wurdt de tsjerke brûkt troch it kultureel besikerssintrum de Aerden Plaats, dat it gebou ter besichtiging oanbiedt en der tentoanstellings organisearret.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|