Springe nei ynhâld

Strjitten yn Aldebiltsyl

Ut Wikipedy

De Strjitten yn Aldebiltsyl:

Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y

  • Aldebiltdyk - De Aldebiltdyk (ek wol Alde Biltdyk en yn de folksmûle neamd Ouwe Dyk) is in yn 1505 oanleine dyk yn de gemeente It Bilt.
  • A.C. Bakkerstrjitte
  • Atteswei
  • Burdinewei - Burdine is in âlde namme foar De Boarn.
  • Klaine Kaizer Padsy - ferbynt de Monnikebiltdyk mei de Krelis Annesstrjitte. Nei Gerrit Keizer (*1874) dy't syn lingte fan 96 sintimeter en gewicht fan 20 kilo brûkte om de merken ôf te reizgjen en sa oan de kost te kommen mei syn handikap.
  • De Kolk - nei de kolk fan de slûs.
  • Ds. Schuilingstrjitte - Op de hoeke stiet de eardere Doperske tsjerke, werkenber oan de julianatoer dêr't no it Bildts kultuurtoeristysk "Informasysintrum", in doarpswinkel en in loazjemint yn sit.
  • Ds. Marinus Mooijstrjitte, ferneamd nei dûmny Marinus Mooij.
  • Keuningsstreek - Yn it Keuningshuus wenne eartiids de aksynsmaster dy't de aksyns foar de keizer of kening ynbarre moast. Dat Keuningshuus waard yn 1932 ofbrutsen. Troch de strjitnamme wurdt dúdlik dat Aldebiltsyl eartiids in seehavenplak wie. Oant 1973 wie oan de strjitte de merk. No allinnich noch in bradery dy't om it jier hâlden wurdt.
  • Kodyk
  • Kr. Annesstrjitte - Cornelis (Krelis) Annes wie timmerbaas yn Aldebiltsyl yn 1717 en bewarre de omkriten foar in oerstreaming.
  • Leijsterstreek
  • Monnikebildtdyk
  • Nijebildtdyk
  • Readpaad - Oflaat fan de kleur fan it pún dat foar it ferhurdzjen brûkt waard. Dat pún kaam fan it yn 1919 ôfbrutsen tichelwurk fan de bruorren Watse en Kornelis Bierma. Yn dat tichelwurk waarden reade bakstiennen bakt.
  • Tjeerd Thijssenstrjitte - Tjeerd Thijssen Polstra (Hallum, 8 desimber 1783 - Froubuorren, 17 septimber 1843 ) wie earmfâd fan it earmhûs yn Froubuorren. Hy sette him tige yn foar de befeiliging fan de syl yn Aldebiltsyl. By de stoarm fan febrewaris 1825 wie it mei oan Polstra te danken dat de ringmuorre dy't op de Aldebiltdyk by in pleats lâns stie, ôfbrutsen wurde koe en dat de stienen yn sekken kamen. Dêrnei smieten se de sekken yn it wetter, om it wetter fan de slûs te kearen. Letter is Tjeerd Thijssen dan ek tasichthâlder fan "de Syl" wurden.