Marinus Mooij

Ut Wikipedy

Marinus Mooij (Apeldoarn, 16 maart 1852 - Ermelo, 16 novimber 1918)[1] wie fan 1875 ôf frij-evangelysk dûmny fan Alde Leie en omkriten.

De nij-oprjochte tsjerklike mienskip fan Aldeleie hie Mooij in foar dy tiid goed traktemint fan 500 gûne tasein. Doe’t er dêr wie die lykwols bliken dat de tritich húshâldings net mear as 50 gûne opbringe koenen. Mooij bleau en waard in omreizgjend evangelisaasjedûmny. Hy sammele in tal jongerein om him hinne en as de ‘Emausgongers’ teagen se de omkriten fan Aldeleie troch. Mooij hat him foaral ek talein op de drankbestriding.

Mooij krige foaral oanhingers yn Aldebiltsyl. Dêr wie in situaasje dy't like op dy fan Aldeleie. De herfoarmden woenen de mooglikheid hawwe om sneins yn Aldebiltsyl sels nei tsjerke te kinnen. De tsjerkerie fan Froubuorren, dêr't Aldebiltsyl ta heart, fûn soks net nedich. Guon herfoarmden binne doe oergien nei de besibbe frij-evangelysken. Mooij krige sa de lieding fan in gruttere gemeente. Yn 1879 waard Mooij ek noch dûmny yn Frjentsjer.

Mooij wie, mei syn broer, in foaroansteande dûmny by de frij-evangelysken. Hy wie ek dwaande mei de oplieding fan frij-evanglyske dûmny's. Mooij hat bûten de frij-evangelysken namme makke yn de Maranatha-beweging. Dy wie oprjochte troch de evangelist Johannes de Heer. Yn guon rûntes yn Fryslân wienen de Maranatha-gearkomsten in begryp.

Yn 1900 moast Mooij om sûnensredenen syn amt oerjaan. Hy gie nei Varsseveld dêr't er pensionhâlder waard. Dêr rjochte er him benammen op de opfang fan sindelingen, evangelisten en predikanten. Earst yn 1905 begûn er wer geregeld te preekjen. Hy ferhuze yn 1907 nei Arnhim. Yn 1910 waard er predikant fan de sindinggemeente yn Ermelo, de memmegemeente fan de Vrije Evangelische Gemeenten. Yn dat plak ferstoar er yn 1918.

De soan fan ds. Marinus Mooij, A.Th. Mooij (A. Marja) is bekend wurden as Nederlânsk literatuerkritikus. Hy wie ek ien fan de oprjochters fan de Regionale Omrop Noard.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: