Auke Johannes Vleer
Auke Johannes Vleer | ||
politikus | ||
Boargemaster A.J. Veer (l.) en Hedzer Rijpstra | ||
echte namme | Auke Johannes Vleer | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 21 desimber 1911 | |
berteplak | Aldebiltsyl | |
stjerdatum | 9 oktober 1981 | |
stjerplak | Swol | |
etnisiteit | Frysk | |
Boargemaster fan Ynskedee | ||
amtsperioade | 1965-1977 | |
foargonger | Wim Thomassen | |
opfolger | Dirk Roelofs |
Auke Johannes Vleer (Aldebiltsyl, 21 desimber 1911 - Swol, 9 oktober 1981) wie in Nederlânsk boargemaster fan Ynskedee.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vleer ferfear 1930 nei Nederlânsk-Ynje om dêr in twajierrige oplieding oan de bestjoersskoalle ôf te meitsjen. Syn earste beneamingen wienen yn de provinsjes Atjeh en Riau op Sumatra fan 1932 oant 1936. Oktober 1936 kaam er werom nei Nederlân om dêrnei oan de Universiteit Leien Yndology te studearjen, mei as spesjalisme Yndysk rjocht. Yn 1940 hie er dy stúdzje dien. It útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich wjerhâlde him derfan om nei de koloanjen werom te gean. Yn de oarloch wurke hy foar it Reade Krús. Oan de ein fan de oarloch siet er by in groep ryksamtners dy't nei Ynje stjoerd waard om dêr de frede te bewarjen. Yn dy rol die er mei oan de Rûne Tafel Konferinsje fan augustus oant novimber 1949 yn De Haach. Groeiende politike spannings makken dat er weromgie nei Nederlân yn 1956. Dêrnei spile er in rol by de opset fan in Technyske Hegeskoalle yn Eindhoven en wie er fan 1965 oant 1977 boargemaster fan Ynskedee.