Easterbierrum
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | De Waadhoeke | ||||
Ynwennertal (2014) | 561 | ||||
Webstee | Webstee Easterbierrum |

Easterbierrum (útspr.: "jesterbjirrum", pleatslik lykwols: "esterbjirrum") is in Frysk doarp yn it noarden fan 'e gemeente De Waadhoeke. Foar de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 hearde it ta Frjentsjerteradiel, en foar de weryndieling fan 1984 foel it ûnder Barradiel. It doarp hie op 1 jannewaris 2014 561 ynwenners. Der wurdt in noardlike foarm fan it Klaaifrysk sprutsen dy't Bjirmsk hjit. Troch Easterbierrum hinne rint de Middelwei fan Tsjummearum yn it easten nei Seisbierrum yn it súdwesten. Dy wei is yn de jierren 1839-1841 in stik ferbrede en ferbettere wurden. Likernôch twa kilometer súdeastlik fan Easterbierrum, oan in B-wei dy't pleatslik bekend stiet as De Bjuzze, leit de buorskip mei doarpsstatus Kleaster-Lidlum, wêrfan't de ynwenners foar de measten dingen op Easterbierrum oriïntearre binne.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It doarp waard eartiids wierskynlik Aesterbarra neamd. Noardwestlik fan Easterbierrum leit op in hege terp oan de seedyk de pleats ‘Koehoal’. Hjir waard yn 1183 it kleaster Lidlum stifte.
Oant yn de Lette Midsiuwen wienen diken oer lân meastentiids ûnbegeanber en wie men foar it grutstepart op ferbining oer it wetter oanwiisd. Dy wiene ek wichtich foar de ûntwikkeling fan de doarpen. Troch de eardere slinke hie Easterbierrum altyd in goede ferbining mei Tsjummearum.
Fan in rige doarpen yn de streek Bierumer Bjirmen dy't ûntstien binne op in strânwâl is Easterbierrum de meast eastlike; fandêr de namme. It is wierskynlik sûnt de iere Midsiuwen bewenne.
Yn 1431 sloegen de muontsen fan it kleaster Lidlum de doetiidske koster fan Easterwierrum dea yn syn pastorije.
Yn it súdwesten fan it doarp stie in stins fan it skaai Haerda.
Easterbierrum hie tusken 1903 - 1935 in stasjon oan it spoar Harns - Stiens.
Sint Joaristsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De goatyske tsjerke krige om 1500 syn hjoeddeiske foarm en wie wijd oan Sint Joaris. Nei inkele jierren koartwei ´de tsjerke fan Easterbierrum' neamd te wêzen hat it sûnt 2005 wer de name St. Joaristsjerke. Moast in deade eartiids fan fier komme, dan barde soks yn in lykkoets, lutsen troch ien of twa hynders. De koets moast dekt wêze mei ta op in heale meter fan de grûn kommende swarte kleden.M Op it tsjerkhôf stiet in sark fan Rienk Doedes mei in skip der op ôfbylde. Dit omdat hy syn besittingen oermakke hat oan de diakonij en earmfâden op betingst dat syn grêf nea iepene wurde soe.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Easterbierrum kaam mids 2005 mei in doarpsfyzje mei in algemien karakter, dy't troch de gemeente goedkard waard. Neitiid gie Doarpsbelang Easterbierrum/Kleaster-Lidlum oan 'e gong mei in neiere útwurking. De bedoeling wie om de leefberheid fan it doarp te behâlden en sa mooglik te fergrutsjen. It doarpshûs hjit It Mienskar. Yn juny wurdt it doarpsfeest holden, dat organisearre wurdt troch de Kristlike Oranjeferiening fan Easterbierrum/Kleaster-Lidlum.
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Berne yn Easterbierrum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Jelle Zijlstra (1918 - 2001), ekonoom, heechlearaar en politikus
- Jan Pyt Janzen (1945 – 2005), publisist, learaar en histoarikus
- Sjoerd Dirk Janzen (1955 - 2006), keunstner
Sport en rekreaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Troch dit plak rint de Jeropeeske kuierrûte E9 ek wol North Sea Trail of Deltapaad neamd. De E9 rint lâns de kust fan Portugal nei de Baltyske steaten. Ek is hjir de start fan de Slachtemaraton oer de Slachtedyk.
Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De Slachtedyk rint fan Easterbierrum oant Raard by Snits en is mear as 40 km lang. De dyk is opboud út seepolderdiken dy't sûnt de 10e iuw oanlein binne om de Middelsee.
- In bekende ynwenner wie Jelle Zijlstra, de eardere minister-presidint en direkteur fan de Nederlânske Bank (*1918).
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
't Nebke, Alef van Idsingawei, Bauke Poelstrastrjitte, Brits, Buorren, Dr Jelle Zijlstraleane, Eilân, Eilânswei, Fiskerspaed, Haerdawei, Hoarnestreek, Keatsebuorren, Konkelswei, Lidlumerwei, Sedyk, Sint Jorisstrjitte, Skoalstrjitte, Slachte, Stasjonsreed, Terp.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |