Jelle Zijlstra
Jelle Zijlstra (Easterbierrum, 27 augustus 1918 - Wassenaar, 23 desimber 2001) wie in ekonoom. Hy promovearre yn de Hannelswittenskippen, wie sûnt 1948 heechlearaar oan de Frije Universiteit fan Amsterdam en wie Earste- en Twadde Keamerlid foar de ARP. Fan 1967 oant en mei 1981 wie Zijlstra presidint fan De Nederlandsche Bank N.V..
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it heljen fan it MULO- en HBS-diploma yn Harns folge Zijlstra in oplieding oan de Nederlânske Ekonomyske Hegeskoalle yn Rotterdam.
It ferfollen fan de militêre tsjinstplicht en syn ûnderdûken yn de Twadde Wrâldkriich (hy wegere yn 1943 de foar studinten ferplichte loyaliteitsferklearring te tekenjen) moast er de stúdzje foar ûnderbrekke. Yn syn stúdzjetiid wie er lid fan de Societas Studiosorum Reformatorum Roterodamensis (S.S.R.-R.). Hy waard lid fan it dispút U.C.R.I.G.E.S. Oktober 1945 behelle er syn doktoraaleksamen ekonomy. Dêrnei gie er oan it wurk as assistint en fan 1946 ôf as haadassistint ekonomysk ûndersyk by de Nederlânske Ekonomyske Hegeskoalle. Yn 1947 waard er dêr beneamd ta lektor.
Desimber 2001 stoar Zijlstra mei 83 jier. Hy kaam te hôf yn Wassenaar.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wittenskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Zijlstra promovearre 1948 op it proefskrift "De omloopsnelheid van het geld en haar betekenis voor de geldwaarde en het monetaire evenwicht". Itselde jier noch waard er beneamd ta heechlearaar yn de teoretyske ekonomy oan de Vrije Universiteit fan Amsterdam.
Minister
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 2 septimber 1952 oant 24 july 1963 wie er minister fan Ekonomyske Saken yn it twadde kabinet Drees en yn it tredde kabinet Drees, fan Ekonomyske Saken en fan Finânsjes as "ad interim" yn it Twadde kabinet Beel en fan Finânsjen yn it Kabinet-De Quay.
Steatsfûns foar de ierdgasynkomsten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn deselde snuorje wegere Zijlstra de oprop om in steatsfûns foar de ierdgasynkomsten te stichtsjen. In histoarysk fersin dat lang om let late ta de saneamde Dutch Disease (Hollânske sykte). De Nederlânske gûne waard sa hurd dat de ynternasjonale konkurrinsjeposysje der bot ûnder te lijen hie. Teffens waard it gasjild fan opinoar folgjende kabinetten brûkt om de fersoargingssteat te beteljen. Fan de goed 200 miljard euro dat it gas opsmiet yn 50 jier, waard noch gjin 15% ynvestearre.
Heechlearaar
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Zijlstra waard nei it ministerwêzen beneamd ta heechlearaar yn de lear fan de iepenbiere finânsjen oan de Frije Universiteit fan Amsterdam. Fan 1963 oant 1966 wie er ek earste keamerlid.
Minister-presidint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de fal fan it Kabinet-Cals wie er fan 22 novimber 1966 oant 5 april 1967 minister-presidint en minister fan finânsjes fan it tydlik-kabinet mei syn namme. De beneaming ta presidint fan De Nederlandsche Bank, troch minister Vondeling, moast foarearst ûngedien makke wurde fanwegen dat Zijlstra premier waard.
Bankier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1967 oant en mei 1981 wie Zijlstra presidint fan De Nederlandsche Bank N.V.. Tegearre mei de direkteur bûtenlânsk belied fan dy bank, André Szász, ûntjoech er it "hurde-gûnebelied". De gûne waard keppele oan de Dútske mark en Nederlân folge it Dútske monetêre belied. De ekonomy fan de Bûnsrepublyk Dútslân groeide fluch yn dy dagen, en dêr heakke Nederlân graach by oan. Ek wie Zijlstra yn dy jierren Presidint fan de Bank foar Ynternasjonale Betellings yn Basel.
Op 30 april 1983 waard Zijlstra beneamd ta Minister fan Steat. Hy hat in soad bestjoersfulkjes hân en wie ek peetomke fan Kening Willem-Alexander.
Funksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1952-1959 minister fan Ekonomyske Saken yn it Twadde- en Tredde kabinet Drees
- 1956, 1959 fraksjefoarsitter ARP Twadde Keamer
- 1956 lid Twadde Keamer
- 1958-1963, 1966-1967 minister fan Finansjen
- 1963-1966 lid Earste Keamer
- 1966-1967 minister-presidint
- 1966-1967 minister fan Algemiene Saken
- 1967-1982 presidint fan de Nederlânske Bank.
- 1983 minister fan Steat.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jelle Zijlstra hat jierrenlang in hûs yn De Tike hân.
- Wim Kan song yn 1967 - "waar we heen gaan Jelle Sal Wel Sien"
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- G. Puchinger, Dr. Jelle Zijlstra; Gesprekken en Geschriften, A.J.G. Strengholt, Naarden, 1978
- J. Zijlstra, Gematigd Monetarisme; 14 jaarverslagen van de Nederlandsche Bank n.v. 1967-1980, Stenfert Kroese, Leien, 1985
- C. Goedhart e.a.(eds), Jelle Zijlstra, A Central Banker's View; Selected Speeches and Articles, M.Nijhoff, Dordrecht, 1985
- Jelle Zijlstra, Per slot van rekening, memoires, Utjouwerij Contact, Amsterdam, 1993
- Jonne Harmsma, Jelle zal wel zien. Biografy, Prometheus, 2018
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dr. J. (Jelle) Zijlstra, Parlement.com
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Frysk ekonoom
- Frysk heechlearaar
- Frysk politikus
- Frysk bankier
- Frysk konservatyf
- Nederlânsk ekonoom
- Nederlânsk heechlearaar
- Nederlânsk politikus
- ARP-politikus
- Earste Keamerlid
- Twadde Keamerlid
- Nederlânsk minister fan Ekonomyske Saken
- Nederlânsk minister fan Finânsjes
- Nederlânsk minister fan Steat
- Premier fan Nederlân
- Nederlânsk bankier
- Presidint fan de Nederlânske Bank
- Nederlânsk konservatyf
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Ridder Grutkrús yn de Oarder fan Oranje-Nassau
- Ridder Grutkrús yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw
- Persoan berne yn Easterbierrum
- Persoan berne yn 1918
- Persoan stoarn yn 2001