Springe nei ynhâld

Underdûken

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ûnderdûken)

Underdûken is in praktyk wêrby't men jin beskûl hâldt, en (almeast tydlik) út it iepenbiere libben ferdwynt, om beskate maatregels te ûntrinnen. Yn 'e Nederlânske kontekst wurdt by 'ûnderdûken' al gau oan 'e besetting fan Nederlân troch nazy-Dútslân yn 'e Twadde Wrâldoarloch tocht, doe't in protte minsken ûnderdûke moasten om oan 'e nazys te ûntkommen. Sa waarden Joaden en Roma socht om fermoarde te wurden yn ferneatigingskampen, mar ek oare lju wiene op 'e flecht, lykas fersetslju fan wa't de identiteit bekend wurden wie, jongemannen dy't net meiwurkje woene oan 'e Arbeitseinsatz, Jehova's Tsjûgen, homoseksuelen, soldaten dy't net wer yn kriichsfinzenskip gean woene, Alliëarde piloaten dy't it delstoarten fan harren fleantugen oerlibbe hiene, ensfh.

Ek tsjintwurdich komt ûnderdûken noch wol foar, bgl. as in politikus, sjoernalist of tsjûge yn in rjochtsaak en syn of har húshâlding bedrige wurde. De opfang fan slachtoffers fan húslik geweld en oare foarmen fan frouljusmishanneling yn in Blijf-van-Mijn-Lijfhûs is ek in foarm fan ûnderdûken, en itselde jildt foar lju dy't in nije identiteit oanmetten krije yn it ramt fan in tsjûgebeskermingsprogramma.

Der bestiet gâns ferskil tusken dizze foarbylden fan hjoeddeistich ûnderdûken en it ûnderdûken sa't dat bgl. yn 'e Twadde Wrâldoarloch foarkaam, en op guon plakken yn 'e wrâld no noch wol. Yn 'e oarloch moasten boargers harren foar de oerheid (en kollaborearjende oare boargers) ferside hâlde, mei't de oerheid in ferfolging fan beskate groepen ynsteld hie. Guon fan dy groepen moasten har yn alle opsichten ûnsichtber meitsje om oan dy ferfolging te ûntkommen, wat yn feite late ta it útwiksjen fan harren bestean yn 'e maatskippij. By it ûnderdûken sa't dat hjoed oan 'e dei yn Nederlân noch foarkomt, wurde minsken net troch de oerheid efternei sitten, mar troch persoanen of troch groepen út 'e maatskippij. Dêrby is der altiten sprake fan in besteande konneksje fan 'e ûnderdûker mei dejinge foar wa't er ûnderdûkt en wurdt de ûnderdûker dus net fan 'e kant fan 'e oerheid rjochteleas makke.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: