Kriichsfinzene

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Kriichsfinzenskip")
Gean nei: navigaasje, sykje
Eastenryksk-Hongaarske kriichsfinzenen yn Ruslân ûnder de Earste Wrâldoarloch.

In kriichsfinzene of kriichsgefangene is in persoan dy't troch in partij yn in wapene konflikt finzen holden wurdt ûnder of drekt nei datselde konflikt. Sa'n persoan kin sawol in lid fan 'e (wapene) tsjinpartij wêze as in non-kombatant, immen dy't net aktyf oan it konflikt dielnommen hat mar der, yn 'e regel tsjin syn of har wil, dochs by belutsen rekke is, bgl. om't it konflikt yn syn/har wenkrite útfochten wurdt.

Partijen dy't dielnimme oan in oarloch hâlde kriichsfinzenen fêst fanwegen in breed skala oan legitime en yllegitime redens, lykas om derfoar te soargjen dat fersleine fijanlike soldaten har net op 'e nij by de kriichsmacht fan 'e fijân jouwe, om útdrukking te jaan oan 'e eigen oerwinning, om fijanlike kombattanten te ferfolgjen en te bestraffen foar oarlochsmisdieden, om harren te eksploitearjen foar twangarbeid, om har op frijwillige of ûnfrijwillige basis te ronseljen foar tsjinst yn it eigen leger, om militêre en politike ynljochtings fan harren los te krijen, of om harren te yndoktrinearjen mei nije politike of religieuze ideeën.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aldheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It grutste part fan 'e minsklike skiednis draaiden kriichsfinzenen in raar gat yn, mei't se yn 'e measte gefallen ferwachtsje koene om òf deade, òf ta slaaf makke te wurden. Sa wiene bgl. de earste Romeinske gladiators oarspronklik kriichsfinzenen út konflikten mei de Samniten, de Trasiërs en de Galliërs. Yn 'e Aldheid waard yn 'e regel net folle ûnderskie makke tusken fijanlike soldaten en de fijanlike boargerbefolking. Wol wie it sa dat froulju en bern minder faak om hals brocht waarden, mar oan 'e oare kant wiene seksueel misbrûk en it ta slaaf meitsjen fan sokke froulju en bern doedestiden rûnom akseptearre ferskynsels. Soms wie it ta slaaf meitsjen fan froulju sels it doel fan in wapene konflikt, lykas by de Sabynske Fammerôf, in grutskalige ûntfiering fan Sabynske froulju troch de stifters fan Rome.

Amerikaanske soldaten, kriichsfinzen nommen troch de Dútsers ûnder it Ardinnenoffinsyf.

Midsiuwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Midsiuwen fûn der in rige godstsjinstoarloggen plak wêrby't it doel net wie om 'e fijân te ferslaan, mar om him út te rûgjen. Dêrby waarden yn 'e regel gjin kriichsfinzenen nommen; wa't him oerjoech waard almeast deade of, as er gelok hie, ta slaaf makke. Sokke konflikten waarden krústochten neamd. Se waarden holden troch de kristlike befolking fan Jeropa, en wiene yn 'e regel rjochte tsjin 'e moslims yn it Heine Easten, Noard-Afrika en op it Ibearysk Skiereilân, al waarden de joaden en de eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse kristenen dy't dy kusten út libben, likemin ûntsjoen. Om 1240 hinne wie de Albiginzyske Krústocht lykwols rjochte tsjin 'e kataren fan Súd-Frankryk, dy't der in ôfwikende foarm fan it kristendom op nei holden. By de belegering fan 'e stêd Béziers waard de pauslike legaat Arnaud Amalric troch in ûnderhearrige frege hoe't se de kataren en de goede roomsen útinoar hâlde koene as se de stêd ienris ynnommen hiene. Dêrop andere Amalric: "Deadzje se allegear mar; God ken syn eigen der wol út."

By normale Midsiuwske konflikten, d.w.s. wêrby't beide partijen it roomsk-katolisisme oanhongen, koene eallju rekkenje op in hoaske behanneling as se finzen nommen waarden. Sokken waarden fêstholden oant harren famylje in lospriis betelle hie, en dan frijlitten. Faak waard harren frege harren earewurd te jaan dat se net besykje soene te ûntkommen, wêrnei't se fierders as gasten ynstee fan finzenen behannele waarden. Sa waard de Frânske kening Jan II yn 1356 yn 'e Slach by Poitiers troch de Ingelsen kriichsfinzen nommen, wêrnei't er fjouwer jier lang yn Ingelân fêstholden waard. Yn 1360 waard er frijlitten om syn eigen lospriis fan 3 miljoen kroanen byinoar te skraabjen. Dêrby gie syn twadde soan, Loadewyk fan Anzjû, foar him yn 't plak yn Ingelske kriichsfinzenskip. Nei't dyselde lykwols yn 1363 syn wurd brutsen hie en ûntsnapt wie, kearde Jan II frijwillich nei Ingelân werom om dy skande út te wiskjen.

Kriichsfinzenen offere troch de Azteken.

Foar gewoane soldaten wie kriichsfinzenskip yn 'e Midsiuwen lykwols in hiel oar ferhaal. Yn 1415, nei de Slach by Agincourt, waarden in protte Frânske kriichsfinzenen troch de Ingelsen deade, út wraak foar in oanfal dy't de Frânsen ûnder de slach útfierd hiene op 'e bagaazjetrein fan it Ingelske leger, wêrby't in soad jonges en oare non-kombattanten ombrocht wiene. Boppedat wie it sa dat de ûnskreaune regels foar it omgean mei kriichsfinzenen net allinnich net gouwen as de tsjinpartij in oare religy oanhong, mar likemin as de tsjinpartij gjin akseptearre maatskiplike struktuer hie, sa't by de Fryske Frijheid it gefal wie. Fryske kriichsfinzenen yn 'e Frysk-Hollânske oarloggen hoegden sadwaande oer it algemien gjin goede behanneling fan 'e Hollanners te ferwachtsjen.

Yn oare parten fan 'e wrâld gie it der like rûch om en ta. Yn Japan bestie alhiel gjin tradysje fan it loskeapjen fan kriichsfinzenen. Dêr waard men achte en fjochtsje troch oant de dea; wa't him oerjoech waard ornaris stânrjochtlik eksekutearre. Under de Mongoalen wie it sa dat eltse stêd dy't him net daliks oerjoech, folslein útmoarde waard. En yn Midden-Amearika wiene de Azteken allegeduerigen yn oarloch mei harren buorfolken, mei as doel om oan libbene kriichsfinzenen te kommen, dy't se offerje koene oan 'e goaden. Foar de werynwijing fan 'e Grutte Piramide fan Tenochtitlan waarden neffens de Azteekske oerlevering yn 1487 yn fjouwer dagen tiid teminsten 80.400 minsken offere, wêrfan't fierwei it meastepart út kriichsfinzenen bestie.

Amerikaanske militêren dy't krekt frijlitten binne út Noardfjetnameeske kriichsfinzen-skip, yn 1973.

Moderne tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1648 waard by de Frede fan Westfalen, dy't in ein makke oan sawol de Tritichjierrige Oarloch yn it Dútske Ryk as oan 'e Tachtichjierrige Oarloch yn 'e Nederlannen, fêstlein dat kriichsfinzenen tenei oan 'e ein fan in oarloch sûnder losjild te easkjen frijlitten wurde moasten om werom te kearen nei harren heitelân.

Yn it koloniale Noard-Amearika waarden blanke kriichsfinzenen faak opnommen yn 'e Yndiaanske stamme dy't harren finzen nommen hie, fral as it om froulju of bern gie. Faak barde dat tsjin 'e wil fan sokke finzenen, en der besteane ferskate geskriften fan blanke froulju dy't letter ûntkamen of frijlitten waarden en harren ûnderfinings optekenen, lykas dy fan Mary Rowlandson, dy't yn 1671 finzen nommen waard ûnder de saneamde Oarloch fan Kening Filips. Mar der wiene ek blanke finzenen dy't har folslein oanpasten en in Yndiaanske identiteit oannamen. Sa wie it blanke Sjâny-opperhaad Blauwe Jas nei alle gedachten fan oarsprong in kriichsfinzen nommen Amerikaanske soldaat (dy't in blauwe unifoarmjas droech).

In Noardlike soldaat nei syn frijlitting út it Konfederearre Andersonville, yn 1865.

De lange perioaden fan oanhâldende oarlochfiering ûnder de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1776-1783) en de Oarloggen fan de Frânske Revolúsje en de oanslutende Napoleontyske Oarloggen (1793-1815) late ta in systeem fan útwikseling fan kriichsfinzenen wylst it militêre konflikt noch trochgie. Under de Amerikaanske Boargeroarloch rûn dat systeem yn 1863 op 'e non doe't de Konfederaasje wegere en lit swarte kriichsfinzenen gean. Doe't it Konfederearre regear him yn 1864 betocht, besleat it Noarden op advys fan 'e generaal en lettere presidint Ulysses S. Grant om it oanbod fan it op 'e nij útwikseljen fan kriichsfinzenen (no ynkl. swarte soldaten) ôf te slaan. Want, sa sei Grant, it Noarden koe der wol oer om syn soldaten yn kriichsfinzenskip te litten, mar de Konfederaasje, dy't in folle lytsere befolking hie, waard dêr slim troch rekke.

Tanksij dy ûnmeilydsume opstelling kamen fan 'e yn totaal 409.000 kriichsfinzenen út 'e Amerikaanske Boargeroarloch 56.000 om, wat delkomt op 10% fan 'e ferliezen út 'e hiele oarloch. Benammen Kamp Sumter, in kriichsfinzenekamp by Andersonville, yn Georgia, waard datoangeande berucht. Fan 'e 45.000 Noardlike kriichsfinzenen dy't dêr fêstholden waarden, stoaren der 13.000, oftewol 28%. Mar yn it Noarden wiene de libbensomstannichheden yn 'e kriichsfinzenekampen suver like min. Yn Kamp Douglas, by Chicago, krepearre yn ien wintermoanne 10% fan 'e Konfederearre finzenen, en yn it Tichthûs fan Elmira, yn 'e steat New York, lieten 2.963 finzenen it libben, of 25%, wat in hast like heech persintaazje is as yn Andersonville.

Tweintichste iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjin it begjin fan 'e tweintichste iuw wie it foar in elk dúdlik dat der regels opsteld wurde moasten foar de behanneling fan kriichsfinzenen. Haadstik II fan 'e taheakke by de Haachske Konvinsje fan 1907 gie dêr yn detail op yn, en itselde ûnderwerp waard fierder útpluze troch de Sjenêfske Konvinsje fan 1929 en nochris hielendal op 'e nij besjoen troch de Tredde Sjenêfske Konvinsje, út 1949. Kêst 4 fan dat ferdrach beskermet kriichsfinzen nommen militêren, guon guerriljastriders en beskate soarten boargers. De regeljouwing trêdet yn wurking sadree't men finzen nommen is en duorret oan it momint fan frijlitting. Fan in finzene kin ûnder de Sjenêfske Konvinsje inkeld frege wurde dat hy of sy syn namme, bertedatum, militêre rang en (ynsafier't dat fan tapassing is) tsjinstnûmer jout.

Lang net alle stridende partijen hâlde har lykwols oan 'e Sjenêfske Konvinsjes, sels net as harren regearings dy ferdraggen ûndertekene en ratifisearre hawwe. Sa waarden yn 'e Twadde Wrâldoarloch likernôch 3,3 miljoen Russyske kriichsfinzenen fermoarde troch de nazys, dy't harren ynsetten foar it ferrjochtsjen fan slave-arbeid en harren twongen om harsels dea te wurkjen. Hoewol't Dútslân de Sjenêfske Konvinsje ûndertekene hie, brûkte men de wegering fan 'e Sovjet-Uny om datselde te dwaan as in ferlechje om mei de Russyske kriichsfinzenen te dwaan wat men mar woe. Dútske militêren en soldaten fan Dútske bûnsgenoaten (lykas Itaalje, Roemeenje en Hongarije) waarden yn Russyske kriichsfinzenskip suver like min behannele. Fan alle Russen yn Dútske kriichsfinzenskip kaam yn 'e Twadde Wrâldoarloch 57,5% om, en fan alle Dútsers yn Russyske kriichsfinzenskip 35,8%.

Oare kant de wrâld behannele ek Japan alle kriichsfinzenen abominabel. Sineeske, Amerikaanske, Australyske, Britske, Kanadeeske, Britsk-Yndyske, Nederlânske, Nijseelânske en Filipynske soldaten yn Japanske kriichsfinzenskip stiene bleat oan mishanneling, bestraffing sûnder reden of útlis, wreedheden yn it algemien, moard, twangarbeid, medyske eksperiminten, úthongering, ûnthâlding fan medyske behanneling en sels kannibalisme. It meast beruchte gefal fan twangarbeid wie de oanlis fan 'e Birmaspoarwei, wêrby't tûzenen finzenen omkamen. Fan 20 maart 1943 ôf hie de Japanske Keizerlike Marine oarders om alle fijanlike militêren dy't op see finzen nommen wiene, te eksekutearjen.

Britsk-Yndyske kriichsfinenen eksekutearre troch de Japanners.

Neffens de útkomsten fan in ûndersyk troch it Tribunaal fan Tokio lei it stjertesifer fan Westerske kriichsfinzenen yn 'e jappekampen op 27,1%, sân kear sa heech as ûnder Westerske kriichsfinzenen dy't fêstholden waarden troch de Dútsers of de Italjanen. It stjertesifer foar Sineeske kriichsfinzenen wie noch folle heger, mei't yn in rjochtline fan it Japanske regear dy't op 5 augustus 1937 troch keizer Hirohito ûndertekene wie, steld wie dat de Sjenêfske Konvinsje net gou foar Sineeske finzenen. Sadwaande waarden nei de Japanske oerjefte 37.583 finzenen út Grut-Brittanje en it Britske Ryk frijlitten, 28.500 út Nederlân en 14.473 út 'e Feriene Steaten, mar net mear as 56 út Sina.

Ek nei de Twadde Wrâldoarloch waard de Sjenêfske Konvinsje noch ferskate kearen brutsen, û.m. ûnder sokke grutte konflikten as de Koreaanske Oarloch en de Fjetnamoarloch, mar ek ûnder de Nederlânske Polysjonele Aksjes yn Nederlânsk-Ynje. Under de Earste Yndosineeske Oarloch sneuvelen fan 'e 16.500 Frânske soldaten dy't ferslein waarden yn 'e Slach by Dien Bien Phu, yn Noard-Fjetnam, goed 3.000 yn 'e striid, wylst hast alle 11.721 manskippen dy't har oerjoegen yn Noardfjetnameeske kriichsfinzenskip omkamen. Ek yn resintere konflikten, lykas de Bosnyske Boargeroarloch (1992-1995) en de Srylankaanske Boargeroarloch (1983-2009) waarden op grutte skaal kriichsfinzenen mishannele en fermoarde. Ek in Westerske grutmacht as de Feriene Steaten, dy't oars minskerjochten heech yn it findel hat, makke him skuldich oan mishanneling en marteling fan Iraakske kriichsfinzenen yn 'e berucht Abu Ghraib-finzenis.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.