Kataren

Ut Wikipedy
It Kataarske Krús

De term Kataar komt fan it Grykske wurd Katharos wat 'skjin' betsjut. De Kataren wiene oanhingers fan in Kristlike gnostyske beweging, dy't him tusken de 11e en de 14e iuw foaral yn Súd-Frankryk, Itaalje, Spanje en Dútslân útwreide hie. Faak wurdt ynstee fan Kataren ek wol de namme Albiginzers brûkt, dat in ferwizing is nei de Súd-Frânske stêd Alby, eartiids in bolwurk fan it Katarisme. De Kataren binne yn in bloedige krústocht útmoarde.

Learstellings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De krekte learstellings fan de Kataren binne net alhiel dúdlik. Letter binne der ferskillende splintergroepkes west dy’t elk harren eigen regels hienen.

De beweging hat sterk beynfloede west troch eartiidske gnostyske skriften en troch in Bulgaarske groep, de Bogomilen. Dat wienen foaral dualistyske leauwigen. It dualisme is dan ek in wichtich elemint yn de Kataarske teology bleaun. De wrâld is boas, wylst god en de himel goed wienen. De kataren hienen de sakraminten en de hiërargy fan de katolike tsjerke ôfskaft en ek it uterlik fertoan wie der net by. Neffens de Kataarske teology bestiet der in dualistyske kosmos, dêr't de God fan it nije testamint as hearsker fan de spirituele wrâld foaroer de boaze god (satan) fan de stoflike wrâld stiet. Alles dat taastber is, ek it minsklik lichem, makket diel út fan dy boaze skepping.

Dizze wize fan nei de wrâld sjen, kin ferbân hâlde mei de hurde wrâld fan dy tiid. Minsken hienen te lijen ûnder it jok fan it feodale stelsel. En de ienichste manear om't hjirfan te ûntsnappen wie troch de dea. En dat wylst de katolike tsjerke nei in godlike oarde ferwiist. Dat makket it, dat de midsiuwske minsken it stelsel akseptearren. De Kataarske wize fan leauwen wie faaks it antwurd op alle minsklike ellinde fan dy tiid. De Kataren beskôgen wrâldlike dingen lykas seks, lúkse en wille as in skieding tusken materiaal en de geast. De Kataren woenen graach kieze foar de geast.

De Kataren beskôgen harren sels as de wiere kristlike tsjerke. Jezus Kristus hat in sintrale rol spile yn harren leauwen. Foar harren is Kristus as de echte soan fan God nei de stoflike wrâld stjoerd om dêr de spirituele ferlossing te ferkundigjen. De Kataren leauden yn it Nije Testamint en dan foaral it evangeelje fan Jehannes.

De Kataren brûkten de bibel ek, mar leinen dat oars út as bygelyks de Katolike tsjerke. Wat sy foaral hiel wichtich fûnen wie it idee dat de geast sterker wêze moast as it fleis. Hja wienen fan betinken dat as minsken it goeie paad folgen en in goed minske wienen se fan de boaze wrâld nei de himel gean koenen.

De Kataren binne yn twa groepen ferdield, de gewoane leauwigers en de perfekten (sjoch ûnderoan dizze side). Mei it oanfarden fan de Konsalamentum in soart Sakramint wat troch hânoplizzing ûntfongen wurde koe, krige men de status fan Perfectus.

Kataren dy't ferjage wurde

Yn tsjinstelling mei de Katolike tsjerke preken de Kataarske preesters yn de folkstaal. Earmoede, beskiedenheid en soberens ek tsjinoer de seksuele behoeften is as ideaal nei stribbe.

Der is yn al dy jierren in soad skreaun oer de Kataren. De âldste boarnen hoege net altyd betrouber te wêzen. Lykas de bewearing dat de Kataren kontakt hienen mei de oarde fan de Timpeliers, en dat se de hillige Graal hawwe soenen, is spekulaasje.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kataarske learstellings komme oarspronklik út East-Jeropa en is troch hannelsrûtes ferspriede. Omdat it Bogomielske leauwen fan Traasje liket op dat fan de Kataren, wurde de Kataren yn de midsiuwen ek wol Bougres neamd, wat Bulgaren betsjut. Der binne in oantal autentike teksten oerbleaun wêrûnder ‘rituelen fan de Kataren yn Lyon’ en it nije testamint. De oarspronklike boarnen befêstigje dat de Kataren tsjin de doetiidske Katolike tsjerke wienen. Sy fûnen de preesters en geastliken korrupt. De Kataarske beweging moat dan ek as in protestbeweging sjoen wurde.

De earste Frânske Kataren ferskynden tusken 1012 en 1020 yn de provinsje fan Limousin. Guon wurde ûntdekt yn it jier 1022 yn Toulousse, sy wurde dea makke. De synoades fan Charroux en Vienna yn 1028 feroardiele de waaksende beweging. Yn de 11e iuw wurde prekers fan de Katolike tsjerke stjoerd om de Kataren wer op it rjochte paad te krijen.

Dôchs wurde de Kataren sterker. Foaral troch beskermhear hartoch Willem fan Akwitaanje en oare eallju. De befolking is foaral ûnder de yndruk fan de anty-pauslike preken fan Piter fan Bruys en Hindrik fan Lausanne yn de provinsje fan Perigord.

De provinsje fan Languedok yn Oksitaanje, Súd-Frankryk wurde yn de 12e iuw it earste bolwurk fan de Kataren. De Oksitaanske kultuer belibbet ek troch de ynfloed fan de Kataren in bloeitiid. Mar de Frânske kening besjocht it mei in soad jaloezy, wylst de paus yn Rome net ûnferskillich sjocht nei it machtsferlies fan de Katolike tsjerke yn Oksitaanje.

In koalysje fan de kening, Noard-Frânske eallju en de Paus liede yn 1208 ta de earste krústocht tsjin de Kataren. Dit alles ûnder lieding fan Simen de Montfort IV. De massaslachting fan de ynwenners fan Beziers, dêr’t mear as 20.000 minsken op 22 july 1209 fermoarde binne, heart ta ien fan de grutste grouweldieden yn de Jeropeeske skiednis. Yn de stêd Beziers wienen net allinnich mar Kataren. De pauslike gesant hie sein: 'moardzje se allegear út, God werkent syn eigen bern wol'. De earste krústocht einige yn 1212.

De twadde krústocht begûn yn 1226 ûnder de lieding fan de Frânske kening Loadewyk VIII. Mar hy ferstoar ûnderweis nei Súd-Frankryk. De tredde en lêste krústocht yn it jier 1244 ferneatige de lêste grutte bolwurken fan de Kataren. De kastielen fan Montségur en Quéribus wurden finaal ôfbrutsen. De Kataarske gemeente fan Montallou en omjouwing wurdt yn 1320 troch de ynkwisysje fermoarde. De lêste Kataar is yn 1321 ferband, hy wie Guillame Bélibaste.

It Kataarske kastiel Queribus

Organisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hierargyske organisaasje lit de ûntwikkeling sjen fan de Kataarske beweging. Uteinlik hawwe sy ek keazen foar in typyske tsjerklike struktuer. De Kataarske tsjerke hie in lyts liederskip. Der wie in biskop en syn plakferfanger, en in brede basis fan leauwers. De Kataarske biskop hie minder foech en funksjes as in biskop yn de Katolike tsjerke. De biskop naam it earste plak yn by alle rituelen. Fierders die in biskop neat, hy wie gewoan haad fan de gemeente.

Earst keazen gemeenteleden de biskop. Letter yn de 13e iuw wie dat net mear sa. Sy folgen de Katolike tsjerke. Allinnich biskoppen mochten oare biskoppen wije. De twa plakferfangers fan in biskop wurde de jongere en de âldere soan neamd.

De Perfekty[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Perfekty (froulike foarm: Perfectae) of "goed minsk", wienen de eigentlike leden fan de Kataarske tsjerke. Der binne mooglik nea mear as 10.000 Perfektyf west, guon deskundigen tinke net mear as 4000.