Bagaazjetrein

Ut Wikipedy
In trein stekt de beferzen Mississippy oer
Skilderij fan Carl Christian Anton Christensen

In bagaazjetrein of ek wol koartwei in trein wie foarhinne it almeast út kapweinen besteande befoarriedingskonfoai fan in militêre ienheid. Der waard fan in trein sprutsen om't de weinen yn in lange rige efterinoar oan rieden; dizze betsjutting fan it wurd is feitliks âlder as de hjoeddeiske treinen, dy't dernei ferneamd binne. Op dreech begeanber terrein bestiene bagaazjetreinen trouwens ek wol út rigen pakezels of mûldieren, of yn woastinige kriten út karafanen kamielen.

Hoewol't in leger of lytsere militêre ienheid yn it ferline syn iten faak byinoar 'foerazjearre' op it lân dêr't sa'n ienheid trochhinne marsjearre (wat delkaam op it bestellen fan 'e pleatslike befolking), wiene der altyd dingen dy't net foerazjearre wurde koene en dy't de soldaten ek net yn har bepakking meinmme koene. Sokke dingen waarden dan ferfierd troch de bagaazjetrein, dy't altyd efteroan yn 'e marsfolchoarder kaam. Yn 'e Midsiuwen gie it dêrby bygelyks om foarrieden pylken foar de bôgesjitters of it harnas fan 'e ridders (swiere izerne platen dy't net foar de poerlegrap droegen waarden, mar inkeld as men de striid oangie). Letter, doe't fjoerwapens útfûn waarden, ferfierden de bagaazjetreinen benammen munysje. Ek de persoanlike bagaazje fan ofsieren reizge yn 'e regel mei de bagaazjetrein mei.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.