Eastenryk-Hongarije
|
Eastenryk-Hongarije wie it twadgrutste lân fan Jeropa om 1900 hinne en hat gâns ynfloed hân op polityk-ekonomysk mêd yn Jeropa.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan Eastenryk-Hongarije giet werom nei de 16e iuw, mar Eastenryk bleau oant 1806 de machtichste steat fan it Hillige Roomske Ryk, Hongarije foel dêr bûten, Bohemen net. Nei de Frânske Revolúsje rjochte de Eastenrykske polityk him mear op Hongarije, mar de Hongaren hienen net deselde rjochten. Nei it ferlies fan Eastenryk tsjin Prusen yn 1866 wie it Eastenrykske regear net langer by steat om de Hongaren te negearjen. Yn it Eastenryksk-Hongaarsk Kompromis (de Ausgleich) fan 1867 krige Hongarije deselde status as Eastenryk, dat late ta in dûbelmonargy. Njonken de Eastenrikers en Hongaren wienen der oare etnyske groepen dy't meiïnoar de mearderheid fan de befolking foarmen; hja hienen lykwols gjin rjochten en sa boaze de rebûlje oan. De Eastenrykske Frans Jozef I wie foar desintralisaasje en selsbestjoer foar Slavyske folken. Ek omdat dêrtroch de ynfloed fan de Hongaren beheind wurde soe. Lykwols kearden de Eastenrykske en Hongaarske elite de desintralisaasje plannen op. Troanopfolger Frans Ferdinand stipe de Slavyske folken mei desintralisaasje plannen, lykwols waard er fermoarde yn 1914 yn Sarajevo. Dy moard wie de oantrún foar strideraasjes tusken ferskillende etnyske groepen, en by eintsjebeslút late dat ta de Earste Wrâldkriich. Eastenryk-Hongarije fertocht Servje fan de moard op de troanopfolger en krige dêrby stipe fan it Dútske Keizerryk. Servje krige stipe fan Ruslân. Eastenryk-Hongarije ferlear de Earste-Wrâldkriich en yn 1918 hold de Eastenryksk-Hongaarske dûbelmonargy op te bestean.
Dieling 1918
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De neikommende lannen wienen oant 1918 part fan Eastenryk-Hongarije:
Gebieten fan Eastenryk-Hongarije dy't anneksearre waarden troch oare lannen:
- Eastenryk-Hongarije
- Histoarysk lân yn Jeropa
- Skiednis fan Eastenryk
- Skiednis fan Hongarije
- Skiednis fan Tsjechje
- Skiednis fan Slowakije
- Skiednis fan de Oekraïne
- Skiednis fan Poalen
- Skiednis fan Kroaasje
- Skiednis fan Sloveenje
- Skiednis fan Roemeenje
- Skiednis fan Bosnje-Hertsegovina
- Skiednis fan Servje
- Skiednis fan Jeropa
- Keizerryk
- Keninkryk
- Balkan
- Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1867
- Bestjoerlike ienheid opheft yn 1918