Springe nei ynhâld

De Bjirmen (krite)

Ut Wikipedy

De Bjirmen foarmje in lânstreek yn it noardwesten fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân. Mei de oantsjutting wurdt yn it foarste plak ferwiisd nei de doarpen Easterbierrum, Seisbierrum en Pitersbierrum en omkriten (en âldtiids ek it ferdronken Westerbierrum), mar by útwreiding kin it ek opfet wurde as namme foar it hiele eardere Barradiel, dus de doarpen Furdgum, Kleaster-Lidlum, Minnertsgea, Tsjummearum en Winaam ynbegrepen.

It wurd 'Bjirmen' is in fonetysk ôfsliten fariant fan 'Bierrumen'. 'Bierrum' komt fan it Aldfryske berim, fan bere, dat "hûs" of "skuorre" betsjut. Mei de útgong -im betsjut it sokssawat as by de huzen, wat ferlykber is mei de betsjutting fan De Bieren ûnder Waaksens, Bierum yn Grinslân en Loga Berum yn East-Fryslân.

De Bjirmen foarmje in krite mei in dúdlike eigen identiteit binnen it Klaaifryske gebiet, ynklusyf in eigen subdialekt, it Bjirmsk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: