Kleaster-Lidlum

Kleaster-Lidlum is in buorskip mei doarpsstatus yn 'e gemeente De Waadhoeke. Foar de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 hearde it ta Frjentsjerteradiel, en foar de weryndieling fan 1984 foel it ûnder Barradiel. Kleaster-Lidlum leit likernôch twa kilometer súdeast fan it folle gruttere Easterbierrum, dêr't it foar in soad dingen op oriïntearre is. De buorskip hie op 1 jannewaris 2014 38 ynwenners.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Kleaster-Lidlum diel út fan de gemeente Barradiel.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fan 1254 ôf stie hjir it norbertiner kleaster Vallis Mariae of Mariëndelle. It wie yn 1182 út Mariëngaarde wei stifte as kanunnikekleaster, en lei yn it earstoan wat tichter by de Waadsee oan de Kapellewei, mar it opkommen fan de see makke ferpleatsing djipper it lân yn needsaaklik. Nei ien fan de beide oprjochters waard it ek wol Lidlum neamd. Letter brochten se it ûnder de Norbertiner oarder.
Fanwege oerstreamingsgefaar waard it kleaster yn 1232 mear it lân yn setten, en yn 1254 ûnder Sibo Deimta, de fiifde abt fan it kleaster, nochris. Yn de 13e iuw waard it kleaster nau belutsen by it ûnderhâlden fan de seediken fan de Middelsee, en kaam hast hiel Boksum oan it kleaster. Yn it omwâle kleaster wennen doe sawat 600 minsken. Fan it kleaster út waarden de parochys fan Lytsewierrum, Eastersee, Berltsum, Seisbierrum, Spannum, Winsum, Tsjummearum, Menaam, Boazum, Wjelsryp, Hjerbeam, Húns, Baard, Easterlittens, Britswert en Hoarn op Skylge betsjinne. As Norbertiner kleaster keas it de kant fan de Fetkeapers en stried it ûnder oare tsjin de Roarda's fan Tsjummearum, mei de Sjaardema's fan Frjentsjer en sels mei de skiere muontsen fan it kleaster Blomkamp.
Djiptepunt yn de skiednis fan it kleaster wie de moard op abt Eelko Liaukama op de úthôf yn Boksum op 22 maart 1332. Eelko protestearre tsjin it sûpen en fleis iten yn de hillige fêsteltiid troch de bruorren. De manlju koenen dizze 'bekrompen' krityk net ferneare en sloegen harren geastlike heit mei in kneppel dea. Gjin bargehaskes mar wite roazen kamen út de mouwen fan syn pij foar ‘t ljocht. Eelko waard yn it lekegedielte fan de tsjerke begroeven en as martelder fereare. As sillige Eelko fan Liauckema komt hy noch altyd foar yn de hilligenkalender fan de Oarder fan Prémontré.
Yn 1572 waard it kleaster plondere en ferwoaste. Caspar de Robles werstelde de oarder foar koarte tiid, mar om 'e nocht. It besit fan it kleaster gie yn 1580 oer nei de Steaten fan Fryslân.
Lykas bygelyks Kleaster Eanjum hie it kleaster ek stimrjocht en in eigen himrik neist de oare doarpen fan Barradiel. It hie de njoggende stim fan de gritenij mei in oantal fan 9 stimmen.
Hjoeddeistige sitewaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Hjoed oan 'e dei jouwe de ynwenners fan Kleaster-Lidlum har almeast by it oanbuorjende Easterbierrum. Der bestiet ien feriening foar Doarpsbelang Easterbierrum/Kleaster-Lidlum, en elts jier yn juny wurdt in mienskiplik doarpsfeest holden, organisearre troch de Kristlike Oranjeferiening fan Easterbierrum/Kleaster-Lidlum.
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Konkelswei, Lidlumerwei, Mûntsewei.