Oerlis:Kleaster-Lidlum

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

'Doarpsrjocht'. Wat is dat ek wer? Drewes (oerlis) 12 nov 2016, 22.06 (CET)[beäntwurdzje]

It rjocht om blauwe kombuorden te pleatsen en in eigen himrik binnen in gemeente te hawwen. Utbuorrens hawwe wite kombuorden en hearre ta de himrik fan in (oar) doarp. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 nov 2016, 11.31 (CET)[beäntwurdzje]
Tank. Doarpsstatus dus. Drewes (oerlis) 13 nov 2016, 17.04 (CET)[beäntwurdzje]
@Drewes:@Ieneach fan 'e Esk:: Jim hawwe it der hjir al ris earder oer hân, mar ik soe hjir mei oan de slach en sjoch by de ôfbylden fan Kleaster-Lidlum in wyt plaknammeboerd. De gemeentenamme Waadhoeke stiet der ûnder dus dan kin dat boerd noch net hiel lang lyn delset wêze. Op googlemaps hat it in eigen himrik, mar hjir wurdt it in buorskip neamd. Neffens it lemma wennen der yn 2003 mar 17 minsken. Der hat neitiid noch wat nijbou west tink, want no wenje der 40 minsken. Mar myn fraach is oft it op basis fan it wite boerd no wol in doarp is?--RomkeHoekstra (oerlis) 11 aug 2023, 14.16 (CEST)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra, neffens Plaatsengids is it in buorskip mei in eigen postkoade, dus dan is it offisjeel in wenplak. Op de gemeenteside fan de Waadhoeke kin 'k neat fine. Plakken mei wite kombuorden hawwe ornaris gjin doarpskearn, mar kinne per definysje wol doarp wêze, sjoch hjirre dêr't in likense gefal fan wie. Kneppelfreed (oerlis) 11 aug 2023, 16.43 (CEST)[beäntwurdzje]
Ja dat is ek sa, dat mei Gersleat-Polder fûn ik ek al sa nuver. Ik ha der hjoed eefkes troch hinne west, mar dat Kleaster-Lidlum bestiet allinne mar út keale stikken lân mei wat hjir en dêr wat pleatsen en in grutte ierappelfabryk. Ik bliuw it mar in frjemd spul finen dat soks in doarp hjitte kin. As ik it goed begryp bepaalt de eigen postkoade dat it in doarp is, ek al hat de gemeente dêr in wyt boerd delset. Jo kinne dan dus hast stelle dat net mear de gemeente, mar de PTT by de ynfiering fan postkoades doarpsstatussen ferliende.--RomkeHoekstra (oerlis) 11 aug 2023, 19.05 (CEST)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra: Dit is in diel fan Fryslân dêr't ik noris bekend bin, en ik kin befêstigje wat Kneppelfreed hjir seit: Kleaster-Lidlum hat gjin doarpskearn. It is útsoarte net mear as in B-wei mei út en troch ien of mear huzen deroan en fierders wat pleatsen. Dat paad is in soarte fan slûprûte tusken Doanjum en Easterbierrum en lit dan Tsjummearum links lizze, dêr't de grutte(re) dyk lâns giet. Ik hearde der dan ek nij fan op doe't ik jierren lyn op 'e Wikipedy seach dat Kleaster-Lidlum in eigen himrik hie. Ik hie it altyd as diel fan Easterbierrum beskôge. Dat wie noch yn 'e tiid fan Frjentsjerteradiel, en dat wite komboerd is net nij, dat stie der foar de oprjochting fan 'e Waadhoeke ek al. Se hawwe inkeld de gemeentenamme feroare (of it hiele boerd ferfongen, dat kin fansels ek). Oft it as doarp of buorskip sjoen wurde moat, is my dus net alhiel dúdlik, mar feit is dat it in eigen himrik hat (dy ynfo komt fan it CBS, sjoch de gearfetting fan it kaartsje hjirre). As it net ûnder in oar doarp falt (= yn 'e himrik fan in oar doarp leit) moat it, tink ik, logyskerwize wol in selsstannich doarp wêze. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 aug 2023, 00.04 (CEST)[beäntwurdzje]
Wat doarp is en wat net is yn guon gefallen wat dizenich. Ik hie altyd begrepen dat in plak mei in tsjerke in doarp is en in plak sûnder tsjerke in útbuorren of buorskip. Ik tink it de gemeente ferskilt wat se as doarp en net as doarp beskôgje. De PTT en CBS hawwe harren eigen definysjes. Wat de kombuorden oanbelanget is dat in plak mei in beboude kom in blau boerd hat en in plak sûnder beboude kom in wyt boerd, as it in doarp of buorskip is makket net út. Sa binne der yn Fryslân noch wol mear fan sokke gefallen. Guon dy't ik sa út 'e holle betinke kin, lizze by Snits yn 'e omkriten lykas Tsjalhuzum, Kûfurderrige, Ypekolsgea en Idzegea yn de gemeente Súdwest, earder yn Wymbritseradiel. Dy wurde ek as doarpen sjoen, alhoewol't se net mear in nustje huzen oan 'e dyk en pleatsen binne, mei Tsjalhuzum noch in tsjerketoer en Idzegea in klokkestoel. Ik tink sokke plakken hawwe yn it ferline in doarp west, dêrom hawwe se noch hieltyd in eigen himrik, wylst guon, lykas Ingwier by Makkum yn eardere Wûnseradiel, syn doarpstatus ferlern hat. Dus dêrom wurde measten fan sokke plakken noch hieltyd yn de oanbelangjende gemeente as doarp beskôge. En de nije fúzjegemeenten, yn it gefal fan Kleaster-Lidlum Waadhoeke en yn gefal fan myn foarbylden yn Súdwest hawwe dat fan de eardere gemeenten oernommen. Dus ja, Kleaster-Lidlum is offisjeel in doarp. Kneppelfreed (oerlis) 12 aug 2023, 05.42 (CEST)[beäntwurdzje]