Springe nei ynhâld

Oerlis:Gersleat

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Gersleat-Polder

[boarne bewurkje]

Ik sit wat mei Gersleat-Polder: neffens de kaart op Google falt it yn 'e himrik fan Gersleat en ik rekkenje dêrom Gersleat-Polder ta Gersleat. It plak hat ek in wyt komboerd, in boerd dus fan in buorskip. Dochs wurdt der op it Nederlânsktalige artikel skreaun dat de gemeente it as doarp beskôget. Hja ha yn Gersleat-Polder krekt in nij doarpshûs krige dêr't ek de fuotbalklub Gersleat fuotballet, ik gean der fan út dat dat it doarpshûs fan Gersleat is. As immen tinkt dat it oars is, wolle jimme dan eefkes lûd jaan? RomkeHoekstra (oerlis) 13 jul 2023, 22.08 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeie @RomkeHoekstra, ja it is wol wat in yngewikkeld rommeltsje dêr. Neffens hjir en hjir is it yndie in selsstannich doarp. It hat wite kombuorden om't it doarp gjin offisjele beboude kom hat. Kneppelfreed (oerlis) 13 jul 2023, 22.34 (CEST)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra: Ik woe wol dat ik jo helpe koe, mar ik bin dêr hielendal net bekend. Op 'e kaart liket Gersleat mar in skytplakje, dat it wol my net oan dat se dêr twa doarpshuzen hawwe. Jo riddenearring liket my dêrom logysk ta. Wat dy wite kombuorden oangeane, dy hearre yndie in buorskip oan te jaan, mar ik wit dat yn it ferline de gemeente It Bilt Nij-Altena ek al as doarp behannele foar't it blauwe kombuorden krige, dus dat komt faker foar. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 jul 2023, 22.35 (CEST)[beäntwurdzje]