Teatlum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Teatlum yn 2009
De Dowehok mei stoarmskea yn 1973

Teatlum, ek Dowehok neamd, is in poldermole en ryksmonumint út 1800 besuden it doarp Tsjom yn de gemeente Frjentsjerteradiel.

De spinnekopmole Teatlum bemealde eartiids de Kramershoeke, in partikuliere polder fan ûngefear 68 ha dy't ek wol Dowehok of Dowedak neamd waard. Om 1960/1961 krige de mole in foarsjenning wêrmei't hy ek middels trekker-oandriuwing mealle koe. De mole ferlear by in stoarm op 2 april 1973 syn wjukkekrús en boppe-as. Teatlum, dy't eigendom is fan de gemeente Frjentsjerteradiel, waard yn 1986 restaurearre. De mole is tsjintwurdich mealree yn sirkwy.

By Tsjom stiet noch in twadde spinnekopmole, Fâtum.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]