Springe nei ynhâld

Mealree

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mealree yn sirkwy)
Twa moles op Antigua dy't net mealree binne ...
... en ien dy't dat al is, de Aeolus yn Flaardingen

Mealree is in term dy't brûkt wurdt foar it beskriuwen fan moles. At in mole mealree is, wol dat sizze dat de mole yn in steat ferkeart dy't goed genôch is om mealle te kinnen. De konstruksje fan de mole moat hjirfoar yn goede steat wêze en de draaiende ûnderdielen, lykas in mealynrjochting, of de ynrjochting foar it ferpleatsen fan wetter (poldermole), of it slaan fan oalje (oaljemole) moatte oanwêzich wêze en wurkje kinne.

By poldermoles dy't wol mealree binne, mar dêr't de histoaryske wetterrinnen troch it feroare lânskip of it feroare polderpeil net funksjoneel mear fan binne, wurde de wetterrinnen soms sa feroare dat de mole itselde wetter rûnpompt. Dit hjit mealree yn sirkwy. Hjirmei wurdt foarkomd dat de kondysje fan de mole troch stilstân efterút giet, wylst de omlizzende fivers en sleatten baat hawwe by wetter dat yn beweging is.