Tsjerke tusken de Diken

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Tsjerke tusken de Diken
Nij Altoenae, Tsjerke tusken de Diken.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Waadhoeke vlag.svg Waadhoeke
plak Nij Altoenae wapen.svg Nij Altena
adres Schuringawei 20
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
boujier 1928
arsjitekt J. Bosma, Drachten
webside Side tsjerklike gemeente

De Tsjerke tusken de Diken is de monumintale tsjerke fan de grifformearde PKN-gemeente fan Nij Altena. Op 18 febrewaris 2018 fierde de gemeente harren iuwfeest.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik wiene de ynwenners tsjerklik oanwiisd op Sint Anne. Alhoewol't der sûnt 1913 al in gebou fan de Feriening foar Kristlike Belangen beskikber wie, krige it doarp pas mei de ynstituearring fan de "Grifformearde tsjerke Alde- en Nije Bildtdyk" yn 1918 foar it earst in tsjerkje oan de Schuringawei. Oant de foltôging fan dat gebou tsjerkten de grifformearden yn de boereskuorre fan Johannes Swart. De nijbou wie lykwols fuortendaliks al oan de krappe kant, wylst it ledetal oanwoeks. Al op 17 augustus 1925 waard de earste stien lein foar de hjoeddeiske tsjerke neffens in ûntwerp fan J. Bosma út Drachten, dy't yn 1928 foltôge waard..

Yn 2005 frege de grifformearde tsjerke de PKN-status oan. Yn dy tiid krige de tsjerke ek de tsjintwurdige namme.

De tsjerke waard yn 2012 renovearre. Stuollen ferfongen de âlde tsjerkebanken en it ynterieur waard op 'e nij farve. Fierder is der wurke oan in nije flier, oare ferwaarming en is der in keuken set. Earder wie de kreake yn de tsjerke al fuortwurke. De tsjerke jout plak oan 108 minsken mei in útwreidingsmooglikheid.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel boppe de kânsel waard yn 1928 troch de firma Valckx & Van Kouteren & Co. út Rotterdam boud. Bakker & Timmenga (Ljouwert) restaurearre it ynstrumint yn 1999.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: