Fruchtbere Grônd

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Fruchtbere Grônd
Fruchtbere Grûn
plak en tiid
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flagge fan de Waadhoeke.PNG De Waadhoeke
plak Oude Bildtzijl vlag.svg Aldebiltsyl
holden yn 7 jirpelskuorren
   oan 'e Aldebiltdyk
datum 21 juny15 july 2018
bysûnderheden
oanlieding LF2018
soarte evenemint tentoanstelling
org. troch Stifting Biltske Jirpelwiken
offisjele webside
www.bildtseaardappelweken.nl/.../fruchtbere-grond

Fruchtbere Grônd (Biltsk foar: "Fruchtbere Grûn") wie in tentoanstelling dy't mids 2018 yn 'e Fryske lânstreek It Bilt holden waard yn it ramt fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018. It evenemint hie de foarm fan in keunstrûte dy't by sân jirpelskuorren oan de Aldebiltdyk yn Aldebiltsyl lâns rûn. Fan 21 juny oant en mei 15 july wiene dêr keunstwurken te sjen fan 44 keunstners út Fryslân, út 'e krite West-Fryslân yn Noard-Hollân en út 'e Dútske gebieten East-Fryslân en Noard-Fryslân. It wurk wie spesjaal foar dizze gelegenheid makke, en de keunstners hiene har ynspirearje litten troch it oansjen fan It Bilt.

De útstalling Fruchtbere Grônd waard organisearre troch de Stifting Biltske Jirpelwiken (BAW), en hearde ta it bredere LF2018-ûnderdiel Potatoes Go Wild. De tentoanstelling wie gearstald troch Anita van Os, de eigneresse fan Galery De Roos van Tudor yn Ljouwert (oarspronklik yn Frjentsjer), en fan 2013 oant en mei 2016 de konservator fan 'e Keunstmoanne It Amelân. De Stifting BAW woe mei Fruchtbere Grônd (en mei it projekt Potatoes Go Wild yn it algemien) de bân tusken keunst en lânbou ta útdrukking bringe, om sa mear begryp te kweken tusken boer en konsumint.

Fruchtbere Grônd wie hielendal fergees tagonklik. Behalven útstallings fan keunstwurken omfieme it evenemint ek demonstraasjes yn ferskate techniken troch keunstners dy't op lokaasje kamen te wurkjen. Fierders wiene der optredens fan dichters dy't út eigen wurk foarliezen en waarden der lêzings holden oer it tema fan de tentoanstelling: de bân tusken keunst en lânbou. Ferspraat oan de Aldebiltdyk wiene fierders mear as tritich byldhouwurken opsteld, benammen yn de foartunen fan 'e monumintale pleatsen. De bylden bleaune oant 10 septimber stean.

Fruchtbere Grônd foel yn goede ierde, en mocht sa'n 25.000 besikers ferwolkomje, dy't net inkeld út Fryslân, mar ek út oare dielen fan Nederlân en soms út it bûtenlân kamen. Opfallend wie dat it publyk hast like ûnder de yndruk wie fan 'e jirpelskuorren sels as fan de keunst dy't dêr útstald wie. It bliek tige wurdearre te wurden dat it, alteast in part fan 'e tiid, mooglik wie om yn petear te gean mei de keunstner sawol as de boer dy't eigner fan 'e jirpelskuorre wie. De Stifting BAW seach dan ek mei grutte tefredenheid op it evenemint werom. Neitiid ferhuze de Fruchtbere Grônd foar it meastepart nei it Slot Evenboarch, yn it Eastfryske Lier. Fan begjin augustus oant 28 oktober koe it publyk dêr deis tusken 10.00 en 18.00 oere telâne.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ――, Exposities op 't Bildt goed bezocht, yn: de Frjentsjerter Krante, 25 july 2018, s. 13.
  • ――, "Fruchtbere Grônd", yn: de Frjentsjerter Krante, 20 juny 2018, s. 15.
  • ――, "Fruchtbere Grônd" verhuist naar Leer, yn: de Ljouwerter Krante, 9 augustus 2018, s. 13.
  • ――, Tentoonstellingen Fruchtbere Grônd goed ontvangen, yn: van Wad tot Stad, 24 july 2018, s. 7.