De Flearen

Ut Wikipedy

De Flearen is in buorskip yn de gemeente De Waadhoeke. De Flearen wurdt ta de himrik fan Tsjom rekkene. Moderne kaarten neame de húsnammen Greate Vlearen en Klein Vlearen. De kaart fan 1664 jout opdat stee de delsettingsnamme De Vlaeren. Om 1700 wurde Vlaaren en Kl. Vlaaren ûnderskieden. Eekhoff (1852) staveret Vlaren en Kl. Vlarent wylst de kaart fan 1853 de delsettingsnamme De Vlaren jout. De âldste fermelding is Flaeren (1511).
Mooglik wie Sidlum in âldere en/of mooglike alternative namme foar Greate Vlearen en liket Klein Vlearen earder ek Sikkingaburen neamd te wêzen. In namme as Vlaren kaam op folle mear plakken yn Fryslân foar. Yn dizze namme liket de meartalsfoarm fan it elemint flear (Sambucus) as namme yn swang rekke. It is mear wierskynlik dat it besibbe fladder (sompich gebiet) hjir fan tapassing is.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: