Springe nei ynhâld

Sylhaven

Ut Wikipedy
De haven fan Karolinensyl mei op de eftergrûn de syl

In sylhaven of slûshaven is it oerhearskjende haventype oan de Noardseekust yn de Fryske lannen, benammen yn East-Fryslân. Yn in syl, dat foar de ûntwettering fan in yndike stik lân tsjinnet, spuit it trochrinnende wetter it Waad yn it spuiende wetter foarmet in soarte fan in wetterstream yn it Waad. Dizze streamen en de oanslutende befarbere wetter yn it efterlân, de djippen, bygelyks de Dokkumer Djip, makken it plak by de syl gaadlik foar in haven. Om trochfeart troch de syl mooglik te meitsjen, boude men sûnt de 15e iuw sylpoarten en tunneleftige ferwulften. Lytse platboaiemskippen koene my omhelle mêsten hjirtrochhinne farre. Sûnt de 18e iuw begûn men mei de bou fan iepene silen mei klapbrêgen. Hjirtrochhinne koene sylskippen mei steande mêsten farre.

Yn East-Fryslân binne der ferskate plakken mei de oantsjuttende namme noch hieltyd yn gebrûk, bygelyks Grytsjesyl, Dornumersyl, Karolinensyl, Horumersyl, ensfh. Yn Westerlauwersk Fryslân binne de Dokkumer Nije Silen in foarbyld. In soad plakken hawwe harren havenfunksje lykwols ferlern.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]