Greetsiel

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Grietsjesyl)
Jump to navigation Jump to search
Greetsiel
De haven fan Greetsiel
De haven fan Greetsiel
Sifers
Ynwennertal 1450 (2012)
Oerflak 15,17 km²
Befolkingstichtens 96 / km²
Hichte 1 m
Polityk
Lân flagge fan DútslânDútslân
Dielsteat Nedersaksen
Landkreis Landkreis Aurich
Oar
Webside Webstee
Kaart fan Krummhörn

Greetsiel is in havenplakje yn Dútslân. It plak leit oan de Leybocht yn it westen fan East-Fryslân. Der wenje likernôch 1.600 minsken.

Greetsiel is fierhinne it meast toeristyske plak fan de gemeente. Neist it toerisme spilet de garnalefiskerij ek in wichtige rol yn de lokale ekonomy.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme Greetsiel komt foar it earst foar yn brieven út 1388 (Okko I tom Brok). Skippen út Hamburch leinen doe yn de haven fan Greetsiel tsjesyl foar anker en moasten tol betelje.

It plak waard fan it domein Appingen út stifte troch de Sirksena's, in East-Fryske haadlingefamylje. Doe't Appingen hieltyd minder wichtiger waard, waard Greetsiel it plak fan de haadlingen.

Greve Edzard I waard yn 1462 yn de stins fan de Sirksena’s berne. Under dizze hearskippij soe East-Fryslân rinne fan de Wezer oant Grins. Yn 1547 waard Ubbo Emmius yn Greetsiel berne.

Greetsiel leit sûnt 1972 yn de gemeente Krummhörn, dêrfoar wie it plak in selsstannige gemeente.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Ynwennertal
1821 722
1848 931
1871 898
1885 815
1905 754
1925 925
1933 1124
Jier Ynwennertal
1939 1278
1946 1547
1950 1679
1956 1461
1961 1366
1970 1569
1980 1529
Jier Ynwennertal
1990 1391
2000 1552
2005 1588
2006 1534
2012 1450

Wichtige plakken en gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Twillingmûnen fan Greetsiel.

Greetsiel is hjoed de dei in toeristysk plak mei in stik as wat toeristyske attraksjes. Bygelyks:

  • De haven fan Greetsiel
  • De Twillingmûnen.
  • De tsjerke.
  • De Poppingas Alde Bakkerij.
  • De âlde syl (1798)
  • De nije syl (1887)

Ferkear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ôfstân ta de steden Emden en Norden is 15 en 20 kilometer. Fan 1906 oant 1963 hat der in meterspoarferbining mei Pewsum en Emden west. Tsjintwurdich fersoargje bussen de ferbinings mei dizze plakken en mei Norden.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]