Leybocht

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
East-Fryslân mei de Leybocht.

De Leybocht is in baai yn East-Fryslân, Dútslân. Nei de Doalert is de Leybocht de grutste yn it gebiet, omdat de Jadeboezem historysk sjoen net ta East-Fryslân rekkene wurdt.

Lokaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De baai leit yn it westen fan East-Fryslân, tusken Grytsjesyl en Norddeich. 25 kilometer westlik fan Aurich en 18 kilometer noardlik fan Emden. Mei in lingte fan likernôch 5 kilometer en in breedte fan 4 kilometer is de Leybocht sawat 20 kante kilometer grut.

In kaart fan East-Fryslân, makke troch Ubbo Emmius om 1600 hinne.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de stoarmfloeden fan 1374 en 1376 ûntstie de baai mei in oerflak fan likernôch 129 kante kilometer. De baai rike doe fan Grytsjesyl yn it westen oant Marienhave yn it easten, en fan Norden yn it noarden oant Canhusen yn it suden.

Yn de iuwen dêrnei waarden grutte parten fan de baai ynpolderre, sa dat de Leybocht sûnt 1950 harren hjoeddeiske grutte behelle hat. De lêste lânwinning op de baai waard dien yn de jierren 1947 - 1950 mei de bou fan de Störtebekerdyk, wêrmei de Leybochtpolder yndykt waard. Dat in grut part fan it lân ynpoldere is noch goed te sjen op kaarten. Yn it gebiet steane amper doarpen of hûzen.

Yn de jierren nei de lêste ynpolderingen hawwe der plannen west om de hiele baai yn te polderjen. Sa kin de dyklinie bot ferkoarte wurde en kin it lân better beskerme wurde tsjin de see. Dizze plannen binne nea trochset op grûn fan natuerbeskerming.

Hjoeddeiske sitewaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foto út 2009 fan de Leybocht.

De Leybocht leit tsjintwurdich yn it Nasjonaalpark Niedersächsisches Wattenmeer en is ûnderdiel fan Sône I. Dit hâld yn dat yn it grutste part fan it jier it gebiet net tagonklik is foar besikers. Allinnich op markearde diken meie minsken komme.

De Leybochtpolder waard yn 1950 oanlein en is hjoed de dei in stedsdiel fan Norden.

In wichtig toeristenplak oan de Leybocht is it plake Grytsjesyl.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]