Norddeich
Appearance
Norddeich is in stedsdiel fan de stêd Norden. It stedsdiel hat sa'n 1.750 ynwenners en leit yn it noardwesten fan Eastfryslân direkt oan de Waadsee. Fan Norddeich ôf is der in fearboatferbining mei de eilannen Júst en Nordeneach. Yn Norddeich sels binne ek ferskillende fasiliteiten foar it toerisme, bygelyks in strân en in seehûnesintrum.