Springe nei ynhâld

Krummhörn

Ut Wikipedy
Krummhörn
   Gemeente yn Dútslân
Fjoertoer fan Pilsum.
Fjoertoer fan Pilsum.
Emblemen
               
Sifers
Ynwennertal11.354 (31 desimber 2025)[1]
Oerflak159,21 km²
Befolkingsticht.74 ynw./km²
Hichte0 m boppe seenivo
Polityk
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
lânkring Auwerk
Gemeenteyndieling19 Ortsteile
Oar
AdresRathausstraße 1
26736 Krummhörn
Koördinaten53° 26' N 7° 5' E
KfzAUR, NOR
Gemeindeschlüssel03 4 52 014
Postkoade26736
Stifting1972
Offisjele webside
www.krummhoern.de
Kaart
Krummhörn (Nedersaksen)
Krummhörn
Kaart
Fjoertoer fan Pilsum.
Lokaasje gemeente Apen yn 'e lânkring Aurich

Krummhörn is in gemeente yn de Dútske dielsteat Nedersaksen mei in oerflak fan goed 159 km². Bestjoerlik heart de gemeente by de lânkring Auwerk. Krummhörn leit yn East-Fryslân en hat 11.354 ynwenners (31 desimber 2025).

De gemeente hat in sterk agrarysk karakter en toerisme is fral yn it fiskerplak Greetsiel wichtich. De bewenners hawwe fral harren wurk yn Emden en in grut part fan 'e befolking is forins. Hast elts doarp hat in histoaryske tsjerke en de âldste stamt út de 13e iuw. Fral de krústsjerke fan Pilsum is ferneamd.

Histoarysk-geografysk is it gea tusken Greetsiel en Oldersum bekend as Krummhörn, in krite dat de hjoeddeiske gemeenten Krummhörn, Hinte, Emden en parten fan Moormerland omfiemet. De namme Krummhörn betsjut krûme hoeke (Krûmharne).

Mear as trije iuwen lang hat de haadlingefamylje fan 'e Sirksena's út Greetsiel greven en letter foarsten fan Eastfryslân levere.

Iuwenlang foarme natoerlik leech lizzend lân en de ôfwetteringskanalen, dy't Krummhörn as in ticht netwurk trochkrúste, de wichtichste ferkearsier. Oer sleatten en kanalen wiene net allinnich doarpen, mar ek in soad pleatsen mei de stêd Emden en it havenplak Greetsiel ferbûn. Benammen it boatferkear mei Emden wie fan grut belang. Doarpsskippers soargen foar it befoarriedzjen fan de doarpen mei guod út 'e stêd en leveren oarsom lânbouprodukten ôf, mei saneamde loogskippen ("loog" bestjut doarp, ferlykje it Grinslânske loug). Oant yn 'e 20e iuw soargen dy loogskippen út Krummhörn foar in soad warberens op de kanalen nei Emden.[2] Pewsum wie oer it Pewsumer Djip en it Larrelter Djip ferbûn mei de seehavenstêd en is dat winliken hjoed-de-dei noch hieltyd, hoewol't it Knockster Djip, dat yn 'e 19e iuw ferbrede waard, sûnt in ferbining foarmet tusken de Pewsumer en Larrelter Djip.

Turf, dy't benammen yn de Eastfryske feangebieten wûn waard, spile iuwen in wichtige rol as brânje foar de ynwenners fan Krummhörn. De turfskippen ferfierden it materiaal oer it Eastfryske kanaalnetwurk nei de doarpen fan Krummhörn. Op harren weromwei nei de feangebieten namen de turfskippers gauris klaaigrûn út 'e mersk en de dong fan it fee mei, dêr't se thús harren ôfgroeven feangebieten mei bedongen.[3]

De gemeente Krummhörn is yn 1972 ûntstien út in gemeentlike weryndieling; 19 ûnôfhinklike gemeenten binne doe gearfoege.

Gemeentlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kaart fan Krümmhörn.

De gemeente Krummhörn bestiet út 19 doarpen (ynwennertallen fan 2018):

De gemeenteried bestiet út 30 sitten, plus de sit foar de keazen boargemaster, dy't ek riedslid is. Gearstalling:

Ferneamde persoanen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Krümmhörn, ferzje 31 maaie 2024.

  1. ↑ Landesamt für Statistik Niedersaksen
  2. ↑ Harm Wiemann, Johannes Engelmann: Alte Straßen und Wege in Ostfriesland. Selbstverlag, Pewsum 1974, side 169 (Ostfriesland im Schutze des Deiches; 8)
  3. ↑ Gunther Hummerich: Die Torfschifffahrt der Fehntjer in Emden und der Krummhörn im 19. und 20. Jahrhundert. Yn: Emder Jahrbuch für historische Landeskunde Ostfrieslands, diel 88/89 (2008/2009), siden 142–173

Krummhörn
Haadplak: Pewsum
Doarpen: Campen (mei Heiselhusen) • Canum • Eilsum • Freepsum • Greetsiel • Grimersum • Groothusen • Hamswehrum • Jennelt • Loquard • Manslagt • Pilsum • Rysum • Upleward • Uttum • Visquard • Woltzeten • Woquard
· · Berjocht bewurkje
Eastfryslân
Flagge fan de Eastfryslân
Flagge fan de Eastfryslân
Auwerk (haadstêd) - Baltrum - Berumbur - Blomberg - Boarkum - Brinkum - Bunde - Detern - Dornum - Dunum - Emden - Esens - Eversmeer - Filsum - Firrel - Friedeburg - Großefehn - Großheide - Hage - Hagermarsch - Halbemond - Hesel - Hinte - Holtgast - Holtland - Ihlow - Jemgum - Júst - Krummhörn - Langereach - Leezdorf - Lier - Lütetsburg - Mariënhafe - Moormerland - Moorweg - Nenndorf - Neuharlingersiel - Neukamperfehn - Neuschoo - Norden - Norderney - Nortmoor - Ochtersum - Osteel - Ostrhauderfehn - Rechtsupweg - Rhauderfehn - Schwerinsdorf - Schweindorf - Spikereach - Stedesdorf - Südbrookmerland - Upgant-Schott - Uplengen - Utarp - Weener - Werdum - Westerholt - Westoverledingen - Wiesmoor - Wirdum - Wittmund
· · Berjocht bewurkje