Grimersum

Ut Wikipedy
Gemeente Krummhörn mei Grimersum
Tsjerke fan Grimersum

Grimersum is in plak yn de Dútske gemeente Krummhörn, dielsteat Nedersaksen. Dit Eastfryske plak leit sa'n 15 kilometer noardwestlik fan Emden en hat 577 ynwenners (2012).

It doarp heart, lykas it tichteby lizzende Groothusen, ta de langhalige terpdoarpen dy't yn de iere 8e iuw oan seeaarms en bochten opsmiten binne as hannelsplakken foar de tanimmende oerseeske hannel fan de Fryske boerekeaplju. It doarp wurdt dominearre troch de âlde tsjerke.

Op de kwelder tusken Wurdum en Grimersum lizze 75 meter út elkoar twa terpen mei in ovale foarm en in hichte fan 3,4 oant 4,7 meter. It is it stee fan in midsiuwske boarch dy't yn 1379 ferwoastge waard. De boarch wie it stamslot fan de aadlike haadlingefamylje Beninga, dêr't de skiedskriuwer Eggerik Beninga ek ta hearde. Ut archeologysk ûndersyk docht bliken dat it gebou likernôch 44 meter lang wie en 11 meter breed.

Oan de eastein fan de terp kin it plak fan in twadde boarch oanwiisd wurde. Hy is let-midsiuwsk en boud neidat it stamslot fernield wie. De oerbliuwsels fan de boarch binne troch Jörg Saathoff bleatlein en katalogisearre.

Berne yn Grimelsum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]