Manslagt

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Wapen fan Manslagt
Gemeente Krummhörn, East-Fryslân
Tsjerke fan Manslagt

Manslagt is in doarp yn de Dútse gemeente Krummhörn, tusken Pilsum en Groothusen, net fier fan Greetsiel yn de dielsteat Nedersaksen, en hat 450 ynwenners.

Oer de betsjutting fan de namme binne de gelearden it net iens.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Manslagt wie oarspronklik in eilân yn in seeynholte by Sielmönken en wie besit fan haadlingefamylje Beninga. Troch it houlik fan erfdochter Gela von Manslagt mei Enno von Greetsiel kaam it gebiet oan de famylje Sirksena en waard letter bedike. Westlik fan it doarp stie yn de twadde helte fan de 14e iuw in boarch, dy't oan de aadlike famylje Beninga hearde. De sealtsjerke mei mei syn koarstek út de 14e iuw hat letgoatyske skaaimerken. De preekstoel waard yn 1714 yn Amsterdam makke. It doopfond is fan Bentheimer sânstien en is wierskynlik âlder as de kânsel. De âldste opskriften fan de grêfstiennen yn de tsjerke jouwe de jiertallen 1599 en 1637.

Persoanen út Manslagt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]