Springe nei ynhâld

Christlich Demokratische Union Deutschlands

Ut Wikipedy
Christlich Demokratische Union
Partijlieder Armin Laschet
Partijfoarsitter
Oprjochting 1945
Haadsit Berlyn
Ledetal 484.397 (2012)
Jongereinorganisaasje Junge Union
Rjochting Sintrumrjochts
Ideology Kristendemokrasy Konservatisme Liberalisme
Wittenskiplik buro
Europeeske fraksje Europeeske Folkspartij
Ynternasjonaal gearwurkingsorgaan Ynternasjonale Kristendemokraten, Ynternasjonale Demokratyske Uny
Webside www.cdu.de
It Konrad-Adenauer-Haus is it partijhûs fan it CDU yn Berlyn

De Christlich Demokratische Union Deutschlands (CDU, Kristlik Demokratyske Uny fan Dútslân) is in politike partij yn Dútslân. De partij is fuort nei de Twadde Wrâldkriich stifte troch Konrad Adenauer yn 1945 en oppenearret him as in mijen kristlike en grutste konservative sintrum-rjochtse partij. Nei de fal fan de Berlynske Muorre is East-Dútske CDUD gearrane mei it CDU mar de namme feroare net. Yn Beieren ha se gjin CDU mar de CSU, de Kristlik-Sosjale Uny yn Beieren. De CDU en CSU binne nau besibbe oaninoar en wurkje gear op federaal nivo. De CDU/CSU hat folgelingen ûnder katoliken, protestanten, lanlike belangen en leden fan alle ekonomyske klassen. De partij is oer it algemien konservatyf op ekonomysk en sosjaal mêd en identifisearret har mear mei de roomsk-katolike en protestanske tsjerken as de oare grutte partijen. It partijprogramma is earder pragmatysk as ideologysk.

Partijstruktuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eltse dielsteat hat syn eigen CDU ôfdieling, útsein Beieren (dêr ha se de CSU). Yn Nedersaksen ha se troch histoaryske ûntjouwings trije CDU ôfdielings, Hannover, Braunschweig en Oldenburg. Yn Nedersaksen hawwe hjit de partij offisjeel de CDU in Niedersachsen.

Besibbe organisaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Besibbe organisaasjes oan it CDU binne:

  • Junge Union (JU), de jongereinôfdieling foar it CDU en CSU
  • Christlich-Demokratische Arbeitnehmerschaft (CDA), in tradisjonele loftse feriening foar kristlik-demokratyske arbeiders
  • Evangelischer Arbeitskreis der CDU/CSU (EAK, tegearre mei CSU), fertsjinwurdiging fan de protestantske minderheid yn de partij
  • RCDS (Ring Christlich Demokratischer Studenten), studinteferiening fan de partij

Foarsitters en sekretarissen-generaal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarsitters fan de CDU nei 1950

1950-1966Konrad Adenauer
1966-1967Ludwig Erhard
1967-1971Kurt Georg Kiesinger
1971-1973Rainer Barzel
1973-1998Helmut Kohl
1998-2000Wolfgang Schäuble
2000-2018Angela Merkel
2018-2021Annegret Kramp-Karrenbauer
sûnt 2021Armin Laschet

Sekretarissen-generaal fan de CDU

1967-1971Bruno Heck
1971-1973Konrad Kraske
1973-1977Kurt Biedenkopf
1977-1989Heiner Geißler
1989-1992Volker Rühe
1992-1998Peter Hintze
1998-2000Angela Merkel
2000-2000Ruprecht Polenz
2000-2004Laurenz Meyer
2005-2005Volker Kauder
2005-2009Ronald Pofalla
2009-2013Hermann Gröhe
2013-2018Peter Tauber
2018-2018Annegret Kramp-Karrenbauer
sûnt 2018Paul Ziemiak

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]