Springe nei ynhâld

Moormerland

Ut Wikipedy
Moormerland
Tsjerke fan Gandersum
Flagge Wapen
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Sifers
Ynwennertal 23.875 (31.12.2020)
Oerflak 122,14 km²
Befolkingstichtens 195 / km²
Hichte 1 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.moormerland.de
Lokaasje Moormerland yn de lânkring Lier

Moormerland is in ienheidsgemeente yn de lânkring Lier yn East-Fryslân dy't yn t ramt fan in gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen 1973 út tsien fan oarsprong selsstannige doarpen foarme waard. Hy is mei 23.875 ynwenners foar Eastfyske en ek Nedersaksyske begripen in reedlik ticht befolke gemeente, dêr't er it tichts befolke yn it súdeasten, grinzgjend oan de stêd Lier, is. Hy is nei de stêd (Kreisstadt) Lier de twadgrutte gemeente yn de lânkring en nei Emden, Auwerk, Lier en Norden, noch foar Wittmund, Weener en Wiesmoor de fyfde grutte gemeente yn Eastfryslân. It haadplak fan de gemeente is Warsingsfehn.

De namme Moormerland komt fan de âlde Fryske goa Moarmerlân dy't yn de snuorje fan de Fryske Frijheid it gebiet fan de gemeente, mar ek dy fan de stêd Lier, de gearwurkingsgemeente Hesel en de gemeenten Nortmoor en Filsum omfieme. It Moarmerlân wie it heitelân fan de skaai fan de haadlingsfamylje Ukena dy't yn de iere fyftjinde iuw in ynfloedrike rol yn de skiednis fan East-Fryslân spile hawwe. It goa is njonken Oerledingerlân, Reiderlân en Lengenerlân ien fan de fjouwer histoaryske lânskippen fan de lânkring Lier. It doarp Oldersum wie in wichtich hannelsplak oan de Iems en waard bekend om it Oldersumer Kollokwium, dat de oanset joech ta de reformaasje yn East-Fryslân

De ekonomy fan de gemeente bestiet benammen út de lânbou, toerisme en de middenstân, dy't bestiet út produksje, ambachten en hannelsûndernimmings. De gemeente is yn haadsaak in forinzegemeente fan de oanbuorjende stêden Lier en Emden.

Moormerland leit noardlik fan de stêd Lier en wurdt yn it westen begrinzge troch de Iems. Oan dy rivier lizze âlde terpdoarpen lykas Rorichum, Oldersum en Gandersum. Op 'e hichte fan it lêste doarp is der sûnt 2002 in keardaam yn de Iems (Emsperrwerk). Fierders bestiet it grutste part fan de gemeente út feangrûn dêr't in soad doarpsnammen fan ôflaat binne. De A31 rint troch de gemeente hinne.

Yn Moormerland wurdt it Eastfrysk Plat, njonken it Heechdútsk, sprutsen. Troch it flechtsjen fan Nederlânske protestanten yn de tiid fan de Reformaasje waard it Nederlânsk ek in soad brûkt. Yn de herfoarme tsjerken fan de gemeente waard it Nederlânsk sels as fiertaal brûkt. Yn de njoggentjinde iuw oriïntearre East-Fryslân him folle mear op Dútslân en kamen der mear Dútsktalige dûmnys yn de tsjerken. Yn 1936 waard it Nederlânsk ûnder it nazy-bewâld sels ferbean. Hjoed-de-dei spilet it Nederlânsk amper in rol mear, mei útsûndering fan de ynfloed dy't it hân hie op it pleatslike dialekt.

It Platdútsk, dêr't it Eastfrysk Plat ûnder falt, is hjoed-de-dei yn de gemeente ferankere. Tsjerketsjinsten en brulloften wurde wol yn it Platdútsk holden.

Feankanaal yn Jheringsfehn
Histoarysk begraafplak by Jheringsfehn
Tsjerke fan Tergast

De gemeente Moormerland bestiet út alve doarpsgebieten (Ortschaften):

doarpsgebiet ynwenners byhearrende doarpen
Warsingsfehn 7593 Warsingsfehnpolder, Rorichmoor
Neermoor 4641 Neermoor-Kolonie
Veenhusen 3898 Veenhusen-Kolonie
Jheringsfehn 2448 – gjint –
Oldersum 1516 – gjint –
Boekzetelerfehn 760 Boekzeteler Hoek
Hatshausen 576 Ayenwolde, Büschersfehn, Königshoek
Tergast 489 – gjint –
Rorichum 424 – gjint –
Terborg 109 Sautelersiel
Gandersum 89 – gjint –
Gesamt 22.543

Gearstalling gemeenteried

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeenteried bestiet út 34 keazen leden, plus in sit foar de keazen boargemaster. De ried bestiet sûnt de ferkiezings op 12 septimber 2021:

Partij 2021 2016
SPD 15 16
CDU 10 12
Freie Wählergemeinschaft Moormerland (WML) 4 1
Bündnis 90/Die Grünen 4 3
FDP 1 1

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Moormerland
Haadplak: Warsingsfehn
Doarpen: BoekzetelerfehnGandersumHatshausenJheringsfehnNeermoorOldersumRorichumTerborgTergastVeenhusen
· · Berjocht bewurkje