Oerledingerlân
It Oerledingerlân (Dútsk: Overledingerland of ek Overledingen en op de heechdútske skriuwwize: Oberledingerland, Oberledingen) is in histoarysk gebiet yn it súdlike diel fan East-Fryslân en foarmet it súdeastlike diel fan 'e lânkring Lier. De namme betsjuttet Lân oer de Leda, dat wol sizze súdlik fan it rivierke de Leda. Yn it westen leit de grins fan Oerledingerlân oan de Iems.
Lokaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Hjoeddedei omfettet it gebiet de gemeenten Rhauderfehn, Ostrhauderfehn en Westoverledingen mei it plak Nettelburg fan de stêd Lier. Eartiids hearde ek it skiereilân yn de stêd Leer by it Oerledingerlân, om't de bocht yn de Leda pas yn lettere tiden trochstutsen is.
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Nederdútsk is ek yn dizze tiden hjir noch jimmeroan in omgongstaal.
Leauwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ynwenners fan Oerledingerlân binnen yn mearderheid protestantsk. Yn de omkriten van de Iems binne lykwols noch inkelde herfoarme gemeenten, mar fierder oerhearsket it lúthersk. Ek binne der hjir en dêr noch gemeenten fan katholiken en frije tsjerken. Yn it suden en yn it easten rint in skerpe grins mei gebieten dêr't it katolike leauwe stân holden hat.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Oerledingerlân is ien fan de fjouwer histoaryske lânskippen op it fêste lân fan 'e tsjintwurdige lânkring Lier. It hearde yn de iere midsiuwen ta it karolingyske Iemsgou, mar wist him yn de 13e iuw as in selsstannige Fryske gemeente oan ûnderhearrich bestjoer te ûntlûken. Krekt lykas yn de oare Fryske dielen holde it klassike feodalisme hjir gjin stân. Ek Oerledigerlân hearde yn de tiid fan de Fryske frijheid ta it bûn fan de Upstalbeam.
Mei de hearskippij fan de Hamburgers en de haadlingen kaam yn de 15e iuw in ein oan de selsstannichheid. Te neamen binne yn dit ferbân Tom Brok, Focko Ukena en de Cirksena's. Om't hjir in sintrale hearskippij fan haadlingen brek wie en allinnich inkelde doarpshaadlingen harren fêstigje koene, lei it Oerledingerlân der foar fijannen ûnbeskerme by. Doe't de tiid fan haadlingen einige, gyng it Oerledingerlân op it Greefskip Eastfryslân oer.