Jheringsfehn
Jheringsfehn | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Lier | |
Gemeente | Moormerland | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.440 (31-12-2016) | |
Oerflak | 10,55 km² | |
Befolkingsticht. | 231 / km² | |
Hichte | 2 m | |
Oar | ||
Postkoade | 26802 | |
Koördinaten | 53° 19′ 7″ NB, 7° 31′ 7″ EL |
Jheringsfehn is in feanterijdoarp yn de gemeente Moormerland yn de lânkring Lier yn East-Fryslân. Yn 2016 telde it doarp 2.440 ynwenners op in oerflak fan 10,55 km².
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jheringsfehn is in streekdoarp dy't oan it Jheringsfehnkanaal leit, en ek by de sydkanalen dy't fan noardwest nei súdeast rinne: Hookswieke, Georgswieke, Rudolfswieke, Alte Beekswieke en Neue Beekswieke, op in hichte tusken 2,4 en 3,5 meter boppe seenivo. It doarp leit sa'n twa kilometer eastlik fan Warsingsfehn en sa'n fjouwer kilometer westnoardwestlik fan Hesel.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste kolonist wie Paul Harsebroek, in dykskommissaris út Emden wei. Hy bemachtige sa'n 25 hektare feangrûn, de saneamde Bullenmeede foar 100 Reichstaler. It gebiet waard tenei de Hook (de hoeke) neamd, om't er yn in hoeke tusken Boekzetelerfehn en Neuefehn leit. Op 16 oktober 1660 sleat Harsebroek in erfpachtkontrakt foar 100 deimêd sompelân dy't er oan syn lân tafoege. It ynkommen fan it turfstekken smiet lykwols net folle op, dat der ta late dat Harsebroek yn finansjele swierrichheden belâne, en de erfpacht net mear betelje koe en lang om let yn 1741 rekke er fallyt. Yn de dêrop folgjende fallisemintsproseduere bemachtige Rebecca Ritzius Dam, famkesnamme Warsing, it lân fan Harsebroek. Frou Ritzius droech it lân yn 1742 oer oan har skoansoan Sebastian Eberhard Jhering, in rjochtsgelearde en amtner. Jhering wie al bekend mei it lân, om't er dy yn 1739 opmjitten hie. Hy wreide syn gebiet út mei 100 hektare dy't lykwols by syn dea yn 1759 noch net oanmakke wie. De namme "Jheringsfehn" ferskynt foar it earst yn 1772 doe't Rudolf Philipp Jhering der 300 deimêd yn erfpacht oan tafoege.
Jehringsfehn wie in selsstannige gemeente en hearde doe by de lânkring Auwerk oant 1 jannewaris 1973 doe't er yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen mei tsien oanswettende gemeenten gearfoege waard ta de nije gemeente Moormerland en part fan de lânkring Lier waard.
Untwikkeling ynwennertal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ynwennertal naam bot ta nei de Twadde Wrâldkriich troch it fêstigjen fan Dútsers út de eastlike gebieten fan it Dútske Ryk by it ferdriuwen fan de Dútsers dêrwei.
Jier | 1788 | 1813 | 1821 | 1848 | 1871 | 1885 | 1905 | 1925 | 1933 | 1939 | 1946 | 1950 | 1956 | 1961 | 1970 | 2016 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwennertal | 133 | 398 | 443 | 911 | 1135 | 1287 | 1400 | 1641 | 1734 | 1691 | 1992 | 2162 | 1895 | 1923 | 2104 | 2440 |
Kultuer en it besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Jheringsfehn.
Jheringsfehn is in typysk feandoarp mei lintbebouwing by in kanaal del. It doarp hat in sportferiening en in lutherske tsjerkegemeente, dêr't ek Boekzetelerfehn ta heart. De Jehannestsjerke waard yn 1864 wijd en stiet yn it midden op de grins tusken de twa doarpen yn. It besjen wurdich is it histoaryske begraafplak op de Hookwieke mei syn âlde grêfstiennen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webstee fan de gemeente Moormerland
- Beskriuwing fan Jheringsfehn yn de histoaryske doarpsdatabank fan it Ostfriesische Landschaft
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen, sjoch Einzelnachweise op dizze side. |
Moormerland | ||
---|---|---|
Haadplak: Warsingsfehn | ||
Doarpen: Boekzetelerfehn • Gandersum • Hatshausen • Jheringsfehn • Neermoor • Oldersum • Rorichum • Terborg • Tergast • Veenhusen | ||
· · |