Gemeente (Dútslân)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Fertikale bestjerslagen yn Dútslân
De Römer, it stedhûs fan Frankfurt am Main sûnt 1405

De gemeente yn Dútslân (Dútsk: Gemeinde of Kommune) is de leechste bestjoerslaach. Yn jannewaris 2021 wiene der 10.790 selsstannige stêden en gemeenten, dêr't der 2.054 stêden fan binne. In gemeente en stêd kinne de twadde, tredde, fjirde of fyfde laach wêze, ôfhinklik fan de status fan de gemeente en de dielsteat, dêr't de gemeente yn leit. Yn de stedssteaten Berlyn en Hamburch binne se de twadde laach, om't de stêden net allinnich in gemeente, mar ek in dielsteat foarmje. Ek yn Bremen foarmje se de twadde laach, mar dy dielsteat bestiet út twa stêden.

Yn de oare dielsteaten steane de gemeenten ûnder de bestjoerslaach fan de lânkring - Landkreis, of yn Sleeswyk-Holstein en Noardryn-Westfalen, en earder yn Prusen Kreis neamd. Guon gemeenten binne yn gemeenteferbannen - Gemeindeverband, yn Nedersaksen Samtgemeinde, oansletten, dêr't se guon administrative taken mei-inoar diele.

Ornaris wurde stedsgemeenten oantsjutten as Stadt en plattelânsgemeenten as Gemeinde. De heechste mjitte fan selsstannigens fan in gemeente binne de stêden dy't net in part fan in lânkring binne, de Kreisfreie Stadt (kringfrije stêd). Yn guon dielsteaten hawwe se, ôfhinklik fan harren grutte, mear selsstannigens, sa as de Große Kreisstadt (grutte kringstêd).

De grutste gemeente is Berlyn, mei likernôch 3.600.000 ynwenners, en de lytste gemeente is Groue yn Noard-Fryslân mei 11 ynwenners.

Wetjouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeenten binne de ûnderste bestjoerslaach yn Dútslân. Neffens de grûnwet fan de Bûnsrepublyk (kêst 28) moatte se in demokratyske struktuer hawwe. Hja binne ferantwurdlik foar alle saken fan de pleatslike mienskip. Harren macht wurdt lykwols beheind troc de federale wetjouwing en de wetjouwing fan de oanbelangjende dielsteaat. De Kommunale Selbstverwaltung betsjut dat yn gemeenten yn eigen behear itjinge dien wurdt dêr't oars de dielsteat fearnatwurdlik foar wêze soe. De gemeente hat allinnich in útfierende taak, en is in gemeenteried yn dy sin gjin folksfertsjintwurdiging.

De dielsteat is der in Gemeindeordnung of Kommunalferfassung, dêr't de dielsteat yn regelet wat de taken fan de gemeenten binne en hokker struktuer se hawwe moatte. Yn dy wetjouwing kin in gemeente syn eigen regels fêststelle. Fúzjes fan gemeenten wurde troch in dielsteatwet regele.

In gemeente hat syn eigen budzjet en mei belesting heffe. Typysk ferplichte taken fan in gemeente binne berneopfang, it hûsfestjen fan skoallen, bestriden fan rampen en rioelearing. Gruttere gemeenten kinne op frijwillich grûnwurk soargje foar merken, museums, sosjale saken, iepenbier ferfier, ensafuorthinne.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch Einzelnachweise op dizze side.