Tergast
Tergast | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Lier | |
Gemeente | Moormerland | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 457 (31-12-2016) | |
Oerflak | 9,95 km² | |
Befolkingsticht. | 46 / km² | |
Hichte | 4 m | |
Oar | ||
Postkoade | 26802 | |
Koördinaten | 53° 20′ 12″ NB, 7° 22′ 10″ EL |
Tergast is in doarp (Ortschaft) yn de gemeente Moormerland yn de lânkring Lier yn East-Fryslân. Yn 2016 hie it doarp 457 ynwenners op in oerflak fan 9,95 km².
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp leit twa kilometer noardeastlik fan Oldersum op in fiif meter hege sânkop (geest) yn it feangebiet fan East-Fryslân oan de rjochterouwer fan de Iems.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1401 waard it doarp as "Gast" foar it earst neamd yn in skinkingsoarkonde fan it kleaster Langen. It doarp wie mooglik al âlder. It begryp "Gast", ôflaat fan "Geest" betsjut in hichte fan sângrûn yn it omlizzende flakke feanlân. It foarheaksel "Ter" betsjut sokssawat as "op 'e". Dus Tergast betsjut "op 'e geest/sânrêch".
Yn de midsiuwen hearde it gebiet fan de ûnderrin fan de Iems ta de Fryske goa Emsigerlân. Yn 1447 waard Hoytet Tammana as in haadling yn Tergast neamd. Stikmannich jierren letter wie it karspel Tergast part fan de hearlikheid Oldersum.
It karspel Tergast hearde yn de midsiuwen ta de proasdij Lier yn it bisdom Múnster. Nei alle gedachten waard der yn de earste helte fan de trettjinde iuw de tsjerke fan Tergast boud op it heechste punt fan de doarpsheuvel. Nei de Reformaasje waard de tsjerke fan Tergast evangelysk-grifformeard. Al yn 1590 waard der in skoalle en in skoalmaster yn Tergast neamd.
Buorskippen en pleatsen om Tergast binne: Tergaster Hammrich, Hohewarf, Rothebahn, Imkehörn, Sünnenblink, Tergaster Grashaus en Sieve, in earder foarwurk fan it Johanniterkommanderij Hasselt.
Op 1 jannewaris 1973 waard Tergast yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen in part fan de gemeente Moormerland.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webstee fan de gemeente Moormerland
- Kronyk Tergast
- Beskriuwing fan Tergast yn de histoaryske doarpsdatabank fan it Ostfriesische Landschaft
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen, sjoch Einzelnachweise op dizze side. |
Moormerland | ||
---|---|---|
Haadplak: Warsingsfehn | ||
Doarpen: Boekzetelerfehn • Gandersum • Hatshausen • Jheringsfehn • Neermoor • Oldersum • Rorichum • Terborg • Tergast • Veenhusen | ||
· · |