Springe nei ynhâld

Canum

Ut Wikipedy
Kaart fan Krmmhörn

Canum is in doarp yn de Dútske gemeente Krummhörn, dielsteat Nedersaksen, en hat 300 ynwenners (2006). It plak moat it fan it toerisme hawwe.

Canum wurdt foar it earst neamd yn 950, mar doe as Caninghem. Letter waard de namme ek wol oars stavere; er is faaks ôflaat fan de famyljenamme Caning. Boppe op de terp waard yn de 13e iuw de tsjerke set, letter kaam der in klokketoer neist. Al yn 1581 krige Canum in skoalle, dy't no as lykhûs tsjinst docht. Lykas yn de measte plakken fan Krummhörn ferlear ek Canum yn de 19e iuw in protte fan syn ynwenners. Yn de jierren 1967 oant 1969 kaam der in brânwarkazerne en in doarpshûs.

Tsjerke fan Canum

De tsjerke is yn de twadde helte 13e iuw yn letromaanske styl boud. De tsjerke hat ien romte en stiet op it heechste punt fan de terp. Apart yn de bouskiednis is dat de yngong in de rin fan de tiid hieltyd wer ferpleats waard. It gebou hat fierders ribferwulften. Yn 2010 krige de tsjerke in nij oargel.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]