Jennelt
Jennelt is in doarp yn de gemeente Krummhörn yn East-Fryslân en telt 384 ynwenners (2008).
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jennelt is wierskynlik ôflaat fan de namme Geinleth, it betsjut „oan de oare kant fan de wetterrin“
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De terp Jennelt lei oan de noardrâne fan de Sielmönker Bucht, dy't yn de rin fan de midsiuwen bedike waard. De aaifoarmige terp fan 550 m lingte leit yn súdwest-noardeastlike rjochting.
Jennelt wie it besit fan de haadlingefamylje Beninga fan Grimersum. De omlizzende hearlikheid Jennelt hearde doe oan de famylje fan Ewsum,[1] [2] dy't it foar 1599 oan in neisiet fan de Beninga-haadlingen, Wilhelm zu Innhausen und Knyphausen, ferkochten. Oant yn de 20e iuw bleau Jennelt as Fideikommiss (guod wat allinne erfd, mar net ferkocht wurde kin) fan dit âlde Fryske skaai.[3]
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Evangelysk-reformeare tsjerke, om 1300 hinne boud, mei de grêven fan de aadlike famylje Innhausen und Knyphausen
- Kapel fan de Evangelisch-Freikirchlichen Gemeinde Jennelt / baptisten
- It oargel makke troch Johann Friedrich Constabel
Persoanen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dodo Frijhear fan Innhausen en Knyphausen, bekende fjildhear út de Tritichjierrige Oarloch
- Dietrich Janßen-Jennelt, skilder en learaar
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|