Hinte

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Hinte
Gemeente Hinte
Gemeente Hinte
Sifers
Ynwennertal 7.008 (2015)
Oerflak 48,06 km²
Befolkingstichtens 146 / km²
Hichte 0 m
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Leechsaksen
Landkreis Landkreis Aurich
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside Webstee fan de gemeente Hinte
Tsjerke fan Hinte

Hinte is in plak en gemeente yn East-Fryslân, behearrend ta de Landkreis Aurich yn de dielsteat Nedersaksen. It plak Hinte leit 6 km noard fan Emden en 20 km súdwestlik fan de distrikshaadstêd Aurich.

De earste skriftlike fernijing fan Hinte (Hinuti) wie om it jier 1000. Yn 1312 wurdt it plak Hinte neamd. Hinte hie twa burchten, ferlykber mei de Grinslannert Boarchen, dêr't de grutste fan noch bestiet en al sûnt 1567 troch deselde famylje bewenne wurdt.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente Hinte grinzget oan Emden, Krummhörn, Wirdum (Samtgemeinde Brookmerlân) en Súdbrookmerlân.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It plak jildt as ekonomysk swak. Der is in lyts yndustryterrein. Fierders binne lânbou en toerisme fan belang. De measte ynwenners fan Hinte wurkje lykwols yn Emden.