Springe nei ynhâld

It Admiraliteitshûs

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Museum It Admiraliteitshûs)
It Admiraliteitshûs

It Admiraliteitshûs, ek bekend as Museum Dokkum, is in museum oan de Djipswâl yn Dokkum. It museum sit yn in pear histoaryske pannen wêrûnder it eardere Admiraliteitshûs út 1618. De Admiraliteit wie ornearre ta beskerming fan de hannelsfeart. Troch it tichtslykjen fan de haven ferhuze de Admiraliteit fan Fryslân yn 1645 nei Harns.

Yn 1963 kaam it museum yn it Admiraliteitsgebou mei syn moaie dekoraasjes. De monumintale yngong fan it Admiraliteitshûs leit oan de binnentún fan it museum. It pân is in ryksmonumint.

Tema is de kultuer en de skiednis fan Dokkum en Noardeast-Fryslân. Der binne âlde foarwerpen, folkskeunst en Frysk diggelguod te sjen. Boppedat is der in kolleksje tekstyl en in grutte kolleksje Frysk sulver.

Yn in âld pakhûs is in tentoanstelling oer Bonifatius, oer syn libben en syn betsjutting foar Dokkum.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: