Springe nei ynhâld

Súdafrikaanske Republyk

Ut Wikipedy
Zuid-Afrikaansche Republiek
Flagge fan de Súdafrikaanske Republyk Wapen fan de Súdafrikaanske Republyk
Lokaasje fan de Súdafrikaanske Republyk om 1890 hinne
Taal Nederlânsk (skreaun); Afrikaansk (sprutsen)
Haadstêd Pretoria
Steatsfoarm Republyk
Tal ynwenners -
Oerflak 262.499
Tiidrek 1852 - 1877

1881 - 1902

Munt Súdafrikaansk pûn

De Súdafrikaanske Republyk (Nederlânsk: Zuid-Afrikaansche Republiek; Z.A.R), ynformiel ek bekend as de Transfaal Republyk, wie in ûnôfhinklike republyk dy’t troch de Foartrekkers benoarden de Faalrivier stifte waard. It lân komt oerien mei de hjoeddeiske Súd-Afrikaanske provinsje Transfaal. De republyk hat noch gjin 50 jier bestien en kaam yn 1902 ta in ein nei dat Brittanje de republyk yn de Twadde Boerekriich ferslagge. Goud waard yn 1886 ûntdutsen yn Johannesburg en earder yn oare gebieten as Pelgrimsrus.

Yn 1888 waard it Nederlânsk as ienichste amtlike taal fan it lân erkend. Dit waard fêstlein yn Wet 10 fan 1888: “De Hollandsche taal is de officieele taal des lands. Alle andere talen zijn vreemde talen”. De wet hat fierder ek bepaald dat alle amtlike dokuminten, kennisjouwings, tsjinstbrieven “en andere schrifturen van ambtenaren” yn it Nederlânsk skreaun en opsteld wurde moasten. Ek alle merkemasters fan de feilings moasten Nederlânsk prate, alhoewol’t hja it rjocht hienen om nei dat it yn it Nederlânsk sein wie ek yn in oare taal te werheljen. It Nederlânsktalige “Volkslied van Transfaal” wie fan 1875 oant 1902 amtlik yn gebrûk.

De Transfaal-regio wurd al tûzenen jierren bewenne troch foarâlden fan de Khoisan en troch Izertiidrekfoarâlden fan hjoeddeisk Bantûtalige Súdafrikanen, bygelyks Sotho, Swaty, Tswana, Pedi, Venda en Transfaal-Ndebele minsken. Oan it begjin fan de 19e iuw wie it gebiet, dat letter de Súdafrikaanske Republyk wurde soe, it thús fan tûzenen delsettings, wêrûnder Dithakong, wêrfan it ynwennertal oerienkaam mei it tal ynwenners fan Kaapstêd yn dy tiid. De ynwenners fan dy doarpen en stêden hâlden harren dwaande mei buorkjen, mynbou, it meitsjen fan metalen ark en lange ôfstân hannel. Yn 1817 waard it gebiet oanfallen troch Mzilikazi, in earder luitenant fan Zulu-kening Shaka. Nei in koarte alliânsje mei de Transfaal-Ndebele waard Mzilikazi lieder fan it Ndebele-folk. Mzilikazi’s ynfaasje fan de Transfaal wie de begjin fan in searje fan oarloggen, forsearre migraasjes en hongersneed, in barren dy’t letter bekend wurde soe as de Difaqane. Yn de Transfaal soarge de Difaqana derfoar dat de doarpen en stêden, it politike systeem en de ekonomy ferswakken en fersteurd rekken, wêrtroch it gebiet maklik te kolonisearjen wie foar de Europeeske kolonisten dy’t koart dêrnei yn it gebiet oankomme soenen.

By it ynlûken fan de Transfaal troch de Ndebele lutsen de oerbleaune Venda nei it noarden nei Waterberg en Zoutpansberg. Mzilikazi makke syn haadkertier noardlik fan de Magaliesberg deunby it hjoeddeiske Pretoria, mei in wichtige militêre bûtenpost om de hannelsrûtes nei it noarden te beskermjen. By it ferôverjen fan de Transfaal sleaten in soad minsken fan de ferôvere Sotho-Tswana en oare stammen harren oan by de Ndebele. Fan 1827 oant likernôch 1836 dominearre Mzilikazi it súdwesten fan de Transfaal. Foar dy tiid wie de regio tusken de rivieren de Faal en Limpopo kwealik bekend by Europeanen, mar yn 1829 krige Mzilikazi besite fan Robert Moffat en fan doe ôf oant 1836 kamen Britske hannelers út en troch it lân besykjen.

Yn de 1830’s en 1840’s kamen ôfstammelingen fan Nederlânske kolonisten, bekend as Boeren en Voortrekkers, fan de Britske Kaapkoloanje nei it gebiet. It wie it begjin fan wat bekend wurde soe as de Grutte Trek. Mei harren militêre technology oermasteren se relatyf maklik grûn op de lokale machten en foarmen se ferskate lytse Boere republiken yn gebieten dy’t krekt bûten it Britske bewâld leinen, sûnder in sintrale oerheid.

Fan 1835 oant 1838 stutsen Boeren de Faal oer en kamen se yn striid mei de Ndebele. Op 16 oktober 1836 waard in groep Boeren, ûnder lieding fan Andries Hendrik Potgieter, oanfallen troch in Ndebelemacht fan likernôch 5.000 minsken, dy’t al it fee fan Potgieter feroveren. Ien fan de lieders fan de Sotho-Tswana, Moroko fan it Rolongfolk, dy’t earder flechte wie foar de Difaqana nei it suden en dêr de delsetting Thaba Nchu stifte, stjoerde nij fee nei Potgieter sadat hy him weromlûke koe nei Thaba Nchu wêr’t de Sotho-Tswana lieder him fiedsel en feiligens bean. Yn jannewaris 1837, waard in alliânsje fan 107 Boeren, sechtich Rolong en fjirtich Kleurlingen stifte, dy't in kommando organisearren ûnder lieding fan Potgieter en Gert Maritz. Se foelen Mzilikazi’s delsetting oan. Mzilikazi flechte yn 1838 nei it noarden, noch benoarden de Limpopo om nea werom te kommen. Andries Hendirk Potgieter dy’t dêrnei in oankundiging útkommen wêryn hy ferklearre dat it lân dat Mzilikazi ferlitten hie oan de Boeren joech, wêrby hy gjin lânrjochten oan de Sotho-Tswana joech, it folk dat him earder noch rêd hienen en him stipe jûchen yn de striid tsjin Mzilikazi en de Ndebele. Nei dat de kleems fan de Ndebele en Sotho-Tswana beronge wienen, lutsen in soad Boere-boeren nei de Faal oer en besetten se parten fan de Transfaal, faaks deunby doarpen fan de Sotho-Tswana. Nei dit gebiet kamen ek leden fan ferskate Sotho-Tswana stedsteaten dy’t yn de tiid fan de Difaqana flechte wienen.

De earste Europeeske delsetting noardlik fan de Faal wie makke ûnder Potgieter syn lieding. Yn maart 1838 gie hy nei Natal, en besike hy it ôfslachten fan Piet Retief en syn kameraden troch de Zulu’s te wrekke. Mar oergeunstich troch de adorearring fan Gert Maritz troch de Boeren yn Natal, gie Potgieter gau werom nei de Drakensberg en yn novimber 1838 stiften hy en syn folgelingen oan de iggen fan de rivier de Mooi in delsetting, Potchefstroom, as earbetoan oan Potgieter. Dizze groep stifte in basisfoarm fan in oerheid en yn 1840 ûntwikkele him dit ta in losse konfederaasje mei de Boeren fan de Natalia Republyk en ek mei Boeren súdlik fan de Faal, wêrfan it haadkertier yn Winburg lei. Mar yn 1842 wegeren Potgieter’s folgelingen om de Boeren fan Natalia stipe te jaan dy’t yn striid wienen mei de Britten. Oant 1845 behâlde Potgieter syn bewâld oer beide kanten fan de Faal. Om út hannen fan de Britten te bliuwen en om tagong te krijen ta de bûtenwrâld lutsen Potgieter en tal fan syn folgelingen nei de Delagoabaai. Potgieter festige him yn de Zoutpansberg, wylst oare boeren de kar makken om harren haadkertier op de hellingen fan de Drakensberg te fêstigje, wêr’t hja in doarp stiften mei de namme Andries Ohrigstad. In soad minsken waarden hjir siik en it doarp waard ferlitten, krekt wat heger waard in nij doarp stifte, wat de namme Lydenburg krige, nei it lijen wat se yn it eardere doarp trochstean moasten. Undertusken waarden de súdlike gebieten dy’t earder ferlitten wienen troch Potgieter oermastere troch oare Boeren. Yn 1848 krige Andries W. J. Pretorius it bewâld oer de kolonisten yn Potchefstroom.

Op 17 jannewaris 1852 ûndertekene it Feriene Keninkryk it Ferdrach fan Sânrivier op de Konvinsje fan Sânrivier mei likernôch 5.000 Boerefamyljes (likernôch 40.000 minsken), wêrmei harren ûnôfhinklikheid erkend waard yn de regio noardlik fan de Faal. De Oranje Frijsteat, in suster Boererepublyk, krige yn deselde tiid ek selsstannigens. Mar wylst de Trasnfaal ûnôfhinklikheid krige wienen se in fier fan feriene folk. Doe’t Pretorius lieding joech oan de ûnderhannelings dy’t laden ta de ûndertekening fan it Ferdrach fan Sânrivier dy’t hy dit sûnder tastimming te freegjen fan de folksried. Potgieter en syn folgelingen beskuldigen Pretorius derfan dat hy alle macht oer it lân nei him ta luts. Doch ratifisearre de folksrie, op in gearkomste yn Rustenburg op 16 maart 1852, de konvinsje, wêrnei Potgieter en Pretorius op de moarn fan deselde dei yn it publyk elkoar fermoedsoenen. Beide lieders wienen oan de ein fan harren karriêre; Potgieter ferstoarn yn maart en Pretorius yn july 1853.

Marthinus W. Pretorius, de soan fan Andries Pretorius, waard de opfolger fan syn heit. Taak fan him wie om de ûnienigens by de ynwenners fuort te heljen. Yn 1856 waard in searje fan publike gearkomsten hâlden, organisearre troch Pretorius, yn oare parten fan de Transfaal om te diskussearjen of it net de tiid wurden wie om in sterke sintrale oerheid te stifte, ynstee fan de pititerige distriktsoerheden dy’t der oant doe ta wienen. It resultaat wie dat in represintatyf kongres fan delegearden keazen waard, dy’t de foech hienen om in grûnwet op te stellen.

Yn desimber 1856 wie der in gearkomste fan it Transfaal kongres yn Potchefstroom, yn trije wike tiid waard in modelgrûnwet foar it lân makke. De namme Zuid-Afrikaansche Republiek waard keazen as namme fan de steat, in nije grûnwet bepaalde dat der in nije folksried kaam wêryn minsken keazen wurde moasten troch de ynwenners foar in perioade fan twa jier en de funksjes fan de wetjouwende macht waarden fêststeld. De administrative autoriteit moast by in presidint komme, dy’t stipe krige fan in bestjoerskolleezje. Der waard besletten dat leden fan de folksrie en fan it kolleezje lid wêze moasten fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke en fan Europeeske komôf kamen. Gelykheid tusken kleurlingen en wite minsken waard net tastien yn de tsjerke en de steat.

Om harren posysje fierder te fersterken besocht Pretorius om in uny mei de Oranje Frijsteat oan te gean, mar dit slagge net. Omdat freedlike besikings net slaggen pleatsten Pretorius en Paul Kruger harren sels oan de top fan in kommando dy’t de Faal oerstutsen om de Oranje Frijsteat ta in uny te twinge, mar ek dit slagge net. Yn Transfaal waard lykwols it tal foarstanners foar in uny hieltyd grutter en yn 1860 wienen Zoutpansberg en Lydenburg opnaam yn de republyk. De stêd Pretoria, nij stifte en neamd nei Andries Pretorius, waard ta sit fan de oerheid makke en as haadstêd oanwezen. De tsjerklike besikings om te kommen ta feriening wienen net like súksesfol. De Separatistyske Reformearre Tsjerke fan Nederlân hie in jonge studint fan syn doktrines, Postma, nei it gebiet stjoerd, dy’t yn novimber 1858 dûmny fan Rustenburg waard. Yn it neikommende jier waard yn in algemien tsjerke kongres trachte om alle tsjerkgemeenten te feriene yn ien mienskiplike tsjerke, mar Postma’s tsjerkerie wegere dit. Fan doe ôf hat de Separatistyske Tsjerke in ûnôfhinklik bestean. Paul Kruger, dy’t deunby Rustenburg libbe, waard in grut oanhinger fan de nije tsjerke.

Pretorius waard, wylst hy noch presidint fan de Transfaal wie, keazen ta presidint fan de Oranje Frijsteat. Dêrop, yn febrewaris 1860, gie Pretorius mei ferlof en besike hy op ‘e nij om ta in uny tusken de twa republiken te komme. Mar Pretorius hie de Transfaal noch net ferlitten doe’t hy krityk krige fan Cornelis Potgieter en syn folgers yn Lydenburg, de Lydenburggroep. Potgieter hie de miening dat de uny in stik mear foardielen foar de Oranje Frijsteat opsmite soe as foar de minsken fan Lydenburg. Neffens Potgieter wie it yllegaal dat immen tagelyks presidint fan de Súdafrikaanske Republyk en de Oranje Frijsteat wie. Oan de ein fan it ferlof fan Pretorius, nei in gearkomste mei de folksrie, besleat hy om ûntslach te nimmen as presidint fan de Transfaal. J. H. Grobelaar, dy’t yn de ferlofperioade fan Pretorius oanwezen wie as presidint, waard frege om te bliuwe. De folgelingen fan Pretorius waarden no tige lulk op de Lydenburggroep en in massagearkomste waard organisearre yn Potchefstroom yn oktober 1860, wêr’t besletten waard dat: a) De folksried gjin fertrouwen mear krige; b) dat Pretorius presidint fan de Súdafrikaanske Republyk bliuwe koe en dat hy in ferlofperioade fan in jier krige om ta in uny mei de Oranje Frijsteat te kommen; c) dat Stephanus Schoeman de presidint wurde soe yn de ferlofperioade fan Pretorius; en d) dat foar it weromkommen fan Pretorius om syn taken wer op him te nimmen in nije folksried keazen wie.

It ûntdekken fan goud yn Tait dy’t presidint Pretorius yn april 1868 der ta setten om in ferklearring út te bringen wêryn syn gebiet útwreide waard nei it westen en noarden wêrtroch de goudfjilden en in stik fan Bechuanalân ûnder syn bewâld kamen. Deselde ferklearring wreide it territoarium fan de Transfaal út nei it easten, wêrtroch in part fan de Delagoabaai by de Transfaal kaam. De eastlike ekspânsje wie it ferfolch fan besikingen dy’t koart dêrfoar dien wienen, op inisjatyf fan in Skot, om in hannelsrûte lâns de rivieren dy’t nei de Delagoabaai lieden op te setten. It plan wie ek yn oerienstimming mei de winsk fan de Republyk om in seehaven te krije. It plan slagge lykwols net. Dêr boppe op laat de ferklearring fan Pretorius ta argewaasje by de Britten, ûnder oanfiering fan Sir Philip Wodehouse, en by de consul-generaal fan Portegal foar Súd-Afrika. De grins yn it easten waard mei in ferdrach mei Portegal yn 1869 fêststelt, de Boeren moasten de Delagoabaai ferlitte. De grins yn it westen waard yn 1871 behannele.

Yn 1871 waard Thomas François Burgers ta presidint fan de Súdafrikaanske Republyk keazen, mar yn dizze tiid wie de Transfaal noch hieltyd, yn tsjinstelling ta de Oranje Frijsteat, in frij rommelich organisearre steat en in lân sûnder gearhing. It wie ek de tiid dat it Britske regear fan Benjamin Disraeli besleat dat der in Súdafrikaanske federaasje, ûnder Britsk bewâld, komme moast, wêrby’t de beide boererepubliken gearfoege wurde moasten. De diamantfynsten by Kimberley yn de Oranje Frijesteat moatte hjir net los fan sjoen wurde.

Presidint Burgers besike it gefaar te kearen troch bannen op te bouwe mei oare machten, bygelyks Nederlân en Portegal, en plannen te meitsje foar in treinferbining nei de Portegeeske haven yn Lourenço Marquez, it hjoeddeiske Maputo. Dit wie it Britske regear min nei de sin en mei gebrûk fan it feit dat Burgers in relative bûtensteander wie dy’t fan de konservative rûnte yn de republyk net in soad stipe krige, stjoerde Londen op 20 jannewaris 1877 Sir Theophilus Shepstone nei Pretoria om oer it sear yn petear te gean. Mar ynstee dêrfan rôp hy de anneksaasje ôf, de wiken dêrnei wie de sitewaasje yn it lân foar de measte minsken net klear.

It duorre oant desimber foar dat ûnder de Transfalers te sprekken wie fan ferset. De boeren sêgen de anneksaasje as in died fan agresje en protestearren. By Paardekraal, it hjoeddeiske Krugersdorp, fûn in grutte saamtrek (Afrikaansk foar "gearkomste") plak wêr’t in trijemanskip oansteld waard, beasteande út S.J.P. Kruger, P.J. Joubert en M.W. Pretorius. Op 16 desimber 1880 waard de ûnôfhinklikens fan de republyk op ‘e nij útrôpen, mei as gefolch it útbrekken fan de Earste Boerekriich. Der ûntstiene opskuorren en op 27 febrewaris 1881 waarden de Britten by Majuba mei oertsjûging ferslein. Yn augustus folge de Konvinsje fan Pretoria wêrby de Britten op ‘e nij de ûnôfhinklikheid fan de republyk erkenden, wol ûnder Britsk bewâld. De republyk krige har folsleine ûnôfhinklikheid werom yn 1884 mei de Konvinsje fan Londen, mar net foar lang. De Goudkoarts brocht in tafloed fan gjin-Boere Europeeske kolonisten (dy’t de namme uitlanders krigen fan de Boeren), wêrtroch't de republyk ynstabyl rekke.

Wol kaam der yn dy tiid stipe fan bûten út. Yn Nederlân en Dútslân soarge de nije ûnôfhinklikheid fan de republyk en de moed wêrmei de Boeren tsjin de supermacht fan dy tiid striden in weach fan belangstelling opkommen. Der ûntstie sels in lytse stream emigraasje nei de Súdafrikaanske Republyk. Alhoewol’t de oantallen net grut wiene, wiene de nijkommers fan grut belang foar de Transfaal, omdat hja mei administrative kennis oankamen dêr’t yn de republyk grut ferlet fan wie.

Ek it âlde idee fan de spoarline nei de Portegeeske kust waard wer opbrocht, ek hjiryn spilen de Nederlanners in wichtige rolle. Tige dreech kaam de Nederlandsch-Zuid-Afrikaansche Spoorwegmaatschappij (NZASM) ta stân, dy’t op like drege wize begûn oan de bou fan de spoarline. De omstannichheden fan de spoarwei-arbeiders wiene min, mar de NZASM wie in dúdlike fertoaning fan Nederlânsk belang by it Súdafrikaanske barren. In soad Nederlanners dy’t yn dy tiid nei Afrika lutsen kamen by dizze maatskippij oan it wurk, wêrûnder ek Cor van Gogh, it broerke fan skilder Vincent van Gogh.

Presidint Paul Kruger.

Yn Transfaal wie wis net eltsenien sa bliid mei de grutte ynfloed út it fiere Nederlân, mar presidint Kruger koe him gjin bettere stipe winskje. Mei de stok fan de treinferbining efter de doar koe hy de Britten ta betteren hannelfoarwearden en tariven twinge.

It Britske bestjoer yn Kaapstêd, ûnder Cecil Rhodes en Alfred Milner, dy’t plannen hiene foar in Britsk ryk fan Kaapstêd oant Kairo, stipe yn 1896 in steatsgreep fan de Uitlanders tsjin de Súdafrikaanske Republyk. Dizze Jameson Raid mislearre lykwols. De Ingelske gûverneur Milner brûkte de uitlanderswierricheid as in middel om Kruger ûnder druk te setten troch de Uitlanders, dy’t foar it meastepart Ingelsktalich wienen, stimrjocht te easken by de ûnderhannelings yn Bloemfontein.

Nei de steatsgreep wienen der berjochten dat Dútslân de boererepublyk beskerming jaan woe, eat dat de Britten net lije woene. Yn 1899 brochten de Britten in legermacht gear by de grins mei de boererepubliken Transfaal en de Oranje Frijsteat. Benaud foar de anneksaasje kommendeweis besleaten de Boeren sels de oanfal yn te setten tsjin de Britske koloanjes, dizze oanfal wie de begjin fan de Twadde Boerekriich.

De Twadde Boerekriich ferrûn net sa’t de Britten it harren yntocht hienen. De Boeren wisten it terrein in stik better te brûken as de Britten. Uteinlik setten de Britten de taktyk fan de ferskroeide ierde yn, wêrby’t de Britten in wichtige nijichheid úttocht hiene; konsintraasjekampen.

Yn maaie 1902 joegen de lêste Boeren harren oer, treurjend om de dea fan 26.000 Boeren, wêrûnder benammen froulju en bern dy’t ferstoarnen yn de Britske konsintraasjekampen. De ûnôfhinklike Boererepublyk, de Transfaal, wie net mear, de regio waard part fan it Britske Ryk. Yn 1910 waard de Transfaal ien fan de fjouwer provinsjes fan de nij stifte Uny fan Súd-Afrika, in Britsk dominion.

De presidinten fan de Súdafrikaanske Republyk wienen:


Presidint Foto Tiidrek Noat
Marthinus Wessel Pretorius
6 jannewaris 1857–15 septimber 1860 1e presidint fan de Súdafrikaanske Republyk
Johannes Hermanus Grobler
15 septimber 1860–6 desimber 1860 Waarnimmend presidint fan de Súdafrikaanske Republyk
Stephanus Schoeman
6 desimber 1860–17 april 1862 2e presidint fan de Súdafrikaanske Republyk
Willem Cornelis Janse van Rensburg
18 april 1862–10 maaie 1864 3e presidint fan de Súdafrikaanske Republyk
Waarnimmend oant 23 oktober 1863
Marthinus Wessel Pretorius
10 maaie 1864-22 novimber 1871 4e presidint fan de Súdafrikaanske Republyk
Daniël Jacobus Erasmus
21 novimber 1871-1 july 1872 Waarnimmend presidint fan de Súdafrikaanske Republyk
Thomas François Burgers
1 july 1872–12 april 1877 5e presidint fan de Súdafrikaanske Republyk
Britske anneksaasje (12 april 1877-8 augustus 1881)
Trijemanskip
8 augustus 1881–9 maaie 1883 Foarme nei in opstân op 13 desimber 1880
Paul Kruger
9 maaie 1883-31 maaie 1902
Left the Republic on 10 September 1900
6e presidint fan de Súdafrikaanske Republyk
Schalk Willem Burger
10 septimber 1900–31 maaie 1902 Waarnimmend presidint fan de Súdafrikaanske Republyk

Flagge fan de Súdafrikaanske Republyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Flagge fan de Súdafrikaanske Republyk.

De flagge fan de Súdafrikaanske Republyk bestie út trije horizontale streken yn de kleuren read, wyt en blau, nei de kleuren fan de Nederlânske flagge, dêrby kaam noch in fertikale rjocht oereinsteand grien flak oan de kante de mêst. De flagge hie de bynamme Vierkleur.

De eardere nasjonale flagge fan Súd-Afrika (fan 1928 oant 1994) hie, as skaaimerk yn de middelste streek, in horizontale flagge fan de republyk.

  • Davenport, T.R.H. (1978). South Africa. A modern history.
  • Pakenham, Th. (1979). The Boer War.
  • Pakenham, Th. (1991). The scramble for Africa 1876-1912. London, Abacus.
  • Wesseling, H.L. (1991). Verdeel en heers. De deling van Africa 1880-1914. Amsterdam.
  • Wilson, M. en Thompson, L. (1971). The Oxford history of South-Africa II: 1870-1966. Oxford, Clarendon.