Kaapstêd

Ut Wikipedy
Kaapstêd
Cape Town Montage.png
Flagge Wapen
Gjin Flagge (Bekend).PNG Coat of arms of Cape Town, South Africa.jpg
Sifers
Ynwennertal 433.688 (2011)
Oerflak 2460 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 1100 / km²
Stêdekloft 3.740.026 (2012)
Hichte 0–1590 m
Polityk
Lân Flag of South Africa.svg Súd-Afrika
Provinsje West-Kaap
Gemeente Kaapstêd
Oar
Stifting 6 april 1652
Tiidsône UTC+2
Koördinaten 33° 55' SB, 25° 26' EL
Webside www.capetown.gov.za
Lokaasje yn West-Kaap

Kaapstêd (Afrikaansk: Kaapstad, Ingelsk: Cape Town, Kosa: iKapa), mei de bynamme de Moederstad, is it haadplak fan de provinsje West-Kaap en is it wetjaand sintrum fan Súd-Afrika. Hy is mei Bloemfontein (rjochterlike macht) en Pretoria (útfierende macht) ien fan de haadstêden fan Súd-Afrika. It is de twadde stêd fan it lân.

De stêd leit yn de fierst súdwestlike punt fan Súd-Afrika en wie oarspronklik in ferfarskingspost foar Nederlânske skippen ûnderweis nei East-Afrika, Ynje of it Fiere Easten. Teffens wie it plak ien fan de earste permaninte Jeropeeske delsettingen besuden de Sahara. De Nederlanners yn tsjinst fan de Vereenigde Oost-Indische Compagnie makken dêr foar it earst kontakt mei de lieder fan de Goringkhoina in 1652.

Fan in lytse havenstêd oan de Tafelbaai waakste Kaapstêd ta de grutste stêd fan Súd-Afrika, mar rekke dat plak kwyt oan Johannesburg yn 1887 troch de goudkoarts nei de Witwatersrand. By de folkstelling fan 2001 die bliken dat Kaapstêd de grutste Afrikaanskpratende mienskip fan it lân wie mei 1,2 miljoen minsken.

Kaapstêd is in populêre ynternasjonale bestimming foar toeristen om reden fan de natuer yn de omkriten en syn lizzing oan de foet fan de ferneamde de Tafelberch.

Yn 2010 wie Kaapstêd ien fan de stêden dêr't it WK fuotbal spile waard.

Kaapstêd fan de Tafelberch ôf sjoen

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons Commons: Kaapstêd – foto, fideo en harktriemmen
Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.