Springe nei ynhâld

De GFR

Ut Wikipedy
De GFR
De Fryske oersetting, útjûn troch Utjouwerij Regaad.
De Fryske oersetting, útjûn troch Utjouwerij Regaad.
algemiene gegevens
oarspr. titel The BFG
auteur Roald Dahl
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre berneboek, fantasy
1e publikaasje 1982, Londen
oarspr. útjwr. Jonathan Cape (útjouwerij)
kodearring
ISBN 0 22 40 20 404
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De GFR
publikaasje 2016, Grins
útjouwer Utjouwerij Regaad
oersetter Martsje de Jong
ISBN oers. 978-9 08 21 97 044

De GFR, yn it oarspronklike Ingelsk: The BFG, is in berneboek fan 'e hân fan 'e Britske skriuwer Roald Dahl (1916-1990). De titel is in ôfkoarting foar "Grutte Freonlike Reus" (yn it Ingelsk: "Big Friendly Giant"). It boek is eins in útwreiding fan in koart ferhaal dat ûnderdiel útmakke fan Dahl syn berneboek Danny, the Champion of the World, út 1975. It ferhellet oer de lytse Sofie, in Ingelsk weesfamke, dat freonskip slút mei in reus. The BFG waard foar it earst publisearre yn 1982, by de Londenske útjouwerij Jonathan Cape, mei yllustraasjes fan sir Quentin Blake. It boek ûntjoech him ta in wiere klassiker, dêr't tsjin 2009 allinnich al yn it Feriene Keninkryk 37 miljoen eksimplaren fan ferkocht wiene. De Fryske oersetting, fan Martsje de Jong, ferskynde yn 2016.

Dahl droech The BFG op oan syn dochter Olivia, dy't yn 1962 mei sân jier ferstoar oan in harsensûntstekking dy't feroarsake wie troch de mûzels.

Sofie (yn it Ingelsktalige orizjineel stavere as Sophie) is in weesfamke dat op in nacht net sliepe kin as se op bêd leit yn har weeshûs. As der bûtendoar in frjemd ljocht skynt, giet se derôf om út it rút te sjen, en sa wurdt se in ûnbidich grutte man gewaar dy't de strjitte delgiet. It is in reus mei yn 'e iene hân in koffer en yn 'e oare eat dat derút sjocht as in trompet. Hy sjocht dat Sofie nei him sjocht; it famke giet halje-trawalje wer op bêd en ferskûlet har ûnder de tekkens, mar dat helpt net, want de reus docht it rút iepen, lûkt de tekkens fansiden en plôket har sa fan har bêd ôf. Hy lûkt har troch it iepensteande rút nei bûten ta en ûntfiert har troch mei har fuort te draven. Dat giet alderûnbidichste hurd, en as er úteinlik ho hâldt, binne se oanbelâne yn in oar lân. De reus nimt Sofie mei nei binnen ta yn in reuseftige grot, dy't syn wente blykt te wêzen.

As de reus Sofie dêr delset, smeket se him om har libben te sparjen, mei't se mient dat er fan doel is en yt har op. Mar de reus laket en leit har út dat hy gjin minsken yt, hoewol't alle oare reuzen dat wol dogge. Sofie hat dêrom gelok dat se him troffen hat, de GFR, de Grutte Freonlike Reus. Mar om't se him sjoen hat, moat se no foar altyd by him bliuwe, want gjin inkele oare minske mei fan it bestean fan reuzen ôfwitte. Fierders drukt er har mei klam op it hert dat se nea op eigen manneboet syn grot ferlitte moat, om't syn buorlju har sûnder mis opfrette sille as se har fange.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn 'e grot komt Sofie better mei de GFR yn 'e kunde. Hy leit har út wat er oan it dwaan wie mei de koffer en de trompet: hy fangt dreamen, slacht se op yn syn grot, en jout de goede dreamen mei it trompeteftige ynstrumint troch oan bern fan oer de hiele wrâld, wylst er de nachtmerjes ferneatiget. De GFR yt inkeld saneamde 'snoaskommers'. Dat binne reuseftige, walchlik útsjende, streekte en mei warten oerdutsen komkommereftige grienten, dy't neffens Sofie smeitsje nei kikkerthûden en rotte fisk en neffens de GFR nei kakkerlakken en 'slymflibers'.

Op in stuit stoarmet der in oare reus de grot yn, dy't de Bloedtaper hjit. Sofie ferskûlet har yn in snoaskommer en wurdt op in hier nei opiten troch de Bloedtaper, mar as dy foar it ferstân kriget dat de GFR inkeld snoaskommers hat, walget er derfan en jout er him wer ôf. As Sofie neitiid oanjout dat se toarst hat, traktearret de GFR har op frisfrinken dat er 'fripsdripper' neamt, en dat lûdroftige ôfskiterigens feroarsaket om't de bubbels omleech sinke ynstee fan omheech te kommen. De GFR omskriuwt wat dan resultearret as 'sûsklappers'.

De oare moarns nimt de GFR Sofie mei nei Dreamelân om mear dreamen te fangen. Underweis wurdt er, om't er de lytste fan alle reuzen is en der boppedat noch nuvere gewoanten op nei hâldt ek, narre troch de oare reuzen en yn 't bysûnder troch harren lieder, de Fleislapefretter, dat de grutste en gefaarlikste reus fan allegear is. Ienris oankommen yn Dreamelân lit de GFR oan Sofie sjen hoe't er dreamen fangt, mar by fersin snipt er in nachtmerje, dy't er neitiid by de sliepende Fleislapefretter ynblaast, mei as gefolch dat de oare reuzen ûnderling deilis reitsje.

Sofie bepraat de GFR om 'e keninginne fan Grut-Brittanje om help te freegjen, sadat de oare reuzen finzen nommen wurde kinne. Mei har kennis fan 'e Londenske binnenstêd liedt se him nachts nei Buckingham Palace ta, dêr't de GFR in nachtmerje by de keninginne ynblaast dy't har bewust makket fan it gefaar dat de minskeslinende reuzen foar har lân foarmje. As de keninginne wekker wurdt út har eange dream, sit Sofie yn har sliepkeamer te wachtsjen om te befêstigjen wat de keninginne krekt te witten kommen is. Om't de dream ek kennis fan Sofie en har oanwêzigens yn 'e keninklike sliepkeamer omfette, leaut de keninginne har en stimt se dermei yn om te praten mei de GFR.

Nei dat petear stjoert de keninginne in hiel eskader helikopters mei werom nei it reuzelân, dêr't de oare reuzen fêstbûn wurde yn harren sliep. De Fleislapefretter wurdt healwei dat proses wekker en ûntkomt hast, mar Sofie en de GFR kinne him mei wurden wol oer en witte him foar it lapke te hâlden sadat er him oerjout. Hingjend ûnder de helikopters wurde de reuzen oerbrocht nei Londen, dêr't se finzen set wurde yn in djip gat en inkeld noch snoaskommers te iten krije. Neitiid wurdt der in reuseftich kastiel boud as wente foar de GFR, mei in lytse wenhûs der fuort njonken foar Sofie. Dêr libje se noch lang en lokkich wylst se geskinken ûntfange út alle lannen dy't ea it slachtoffer west hawwe fan 'e plondertochten fan 'e fleisitende reuzen. De GFR beslút in boek te skriuwen oer syn aventoeren mei Sofie, dat identifisearre wurdt as de roman dy't de lêzer no krekt útlêzen hat.

Oersettings, prizen en erkenning

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2009 wiene fan The BFG allinnich al yn it Feriene Keninkryk 37 miljoen eksimplaren oer de toanbank gien, wylst elts jier wrâldwiid op 'e nij mear as 1 miljoen eksimplaren ferkocht waarden. Tsjin 2016 wie it boek yn teminsten fjirtjin talen oerset:

The BFG hat ferskate prizen wûn, lykas de Deutscher Jugendliteraturpreis foar it bêste berneboek fan it jier, dy't yn 1985 binnenhelle waard troch de Dútsktalige oersetting, en de BILBY Award, dy't it boek yn 1991 taparte waard. Yn 2003 berikte The BFG it 56e plak yn The Big Read, in reuseftige opinypeiling mank it Britske publyk troch de BBC, mei as doel om 'e populêrste roman fan it Feriene Keninkryk fêst te stellen. Yn 2012, doe't it School Library Journal in opinypeiling ûnder syn lêzers hold, waard The BFG troch Amerikaanske skoalbern op it 88e plak set yn in top 100 fan alderbêste jeugdromans aller tiden.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The BFG waard yn 2016 ûnder de titel De GFR yn it Frysk oerset troch Martsje de Jong. Dy fertaling waard útbrocht by Utjouwerij Regaad te Grins, mei yllustraasjes fan Hilda Groenesteyn. De boekfersoarging waard dien troch Peter Boersma en it printwurk wie yn 'e hannen fan Drukkerij Douma yn Dokkum. De útjefte waard mei mooglik makke troch finansjele stipe fan 'e Provinsje Fryslân, it Pot-Cuperus Fûns, de S.E. Wendelaar Bonga Stichting, it Feitsma Fûûns fwar it Frysk, de Boersma-Adema Stichting en de Douwe Kalma Stifting. In twadde printinge fan 'e oersetting ferskynde yn 2017. Om De GFR útjaan te meien, moast Regaad lang en yngeand op 't aljemint mei fertsjintwurdigers fan The Roald Dahl Literary Estate, dy't de auteursrjochten beheart. It heakke benammen om't Regaad eigen yllustraasjes tafoegje woe, wylst (ynsafier't neigien wurde kin) alle oare oersettings de plaatsjes fan sir Quentin Blake út it Ingelsktalige orizjineel oernommen hawwe. Yllustratrise Groenesteyn fielde sadwaande by dizze put in flinke druk op har skouders. Uteinlik waarden mear as sechstich fan har kleuretekenings yn kryt en akrylferve oan De GFR tafoege.[1]

stripferhaal
toanielstik
films

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Oenema, Rixt, De GVR praat nu ook heerlijk 'bryk' Fries, yn: de Ljouwerter Krante, 20 septimber 2016.


Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.