Joop Atsma

Ut Wikipedy
Joop Atsma

Johannes Jan (Joop) Atsma (Surhústerfean, 6 july 1956) is in Fryske politikus en sportbestjoerder. Hy sit sûnt juny 2015 yn de Earste Keamer út namme fan it CDA en is sûnt 1994 foarsitter fan de KNWU, de Keninklike Nederlânske Hurdfytsuny.

Joop Atsma waard berne as soan fan de molkfeehâlder Piter Atsma en Tsjitske van der Meer. Nei it atheneum begûn hy oan in stúdzje Skiednis oan de Ryksuniversiteit Grins, mar hy makke dy net ôf. Yn 1978 begûn syn karriêre as sjoernalist: hy wurke foar it ANP, NOS, Frysk Deiblêd, Nijsblêd fan it Noarden, De Feanster en Omrop Fryslân.

Fan 1989 ôf wurke Atsma by de KNWU: earst as foarsitter seksje amateurhurdfytsen en letter as foarsitter. By de Olympyske Spullen fan Seoel (1988), Barselona (1992), Atlanta (1996) en Sydney (2000) wie Atsma chef d'équipe fan it hurdfytsen.

Atsma begûn syn politike wurkpaad as steatelid en fraksjefoarsitter yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn 1998 waard Atsma yn de Twadde Keamer keazen (waard lid oant oktober 2010). Opfallend wie dat hy syn eed yn it Frysk ôflei. Yn de Twadde Keamer holdt hy him dwaande mei, lânbou, fiedselkwaliteit, media en mynbou. Dêrneist is er foarsitter fan de fêste kommisje foar Ferkear en Wettersteat en ûnderfoarsitter fan de fêste kommisje foar Folkssûnens, Wolwêzen en Sport.

Atsma waard fan oktober 2010 oant novimber 2012 steatssekretaris fan Ynfrastruktuer en Milieu yn it kabinet-Rutte I. Yn 2013 hie Atsma in cameo yn 'e film Leve Boerenliefde fan Steven de Jong.

Joop Atsma is sûnt 16 desimber 1982 troud mei Tea van der Schaaf.