Springe nei ynhâld

It Libben fan in Labbekak

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Diary of a Wimpy Kid (boek))
It Libben fan in Labbekak
Foarside fan 'e Fryske oersetting, yn 2018 útjûn troch Uitgeverij De Fontein.
Foarside fan 'e Fryske oersetting,
yn 2018 útjûn troch Uitgeverij De Fontein.
algemiene gegevens
oarspr. titel Diary of a Wimpy Kid
auteur Jeff Kinney
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre jeugdliteratuer
skreaun 1998-2006
1e publikaasje 2007, New York
oarspr. útjwr. Amulet Books
rige
rige It Libben fan in Labbekak
● foarich diel (1e diel)
● folgjend diel Diary of a Wimpy
   Kid: Rodrick Rules
kodearring
ISBN 978-0 14 33 03 831
oersetting nei it Frysk
Fryske titel It Libben fan in Labbekak
publikaasje 2018, Utert
útjouwer Uitgeverij De Fontein
oersetter Martsje de Jong
ISBN oers. 978-9 02 61 46 312

It Libben fan in Labbekak, yn it oarspronklike Ingelsk: Diary of a Wimpy Kid ("Deiboek fan in Suffert" of "Deiboek fan in Swakkeling"), is in jeugdboek fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer Jeff Kinney. It is in satirysk-reälistyske komeedzje oer de aventoeren fan 'e skoaljonge Sjoerd Sjollema, foar bern út 'e heechste groepen fan 'e basisskoalle en de brêgeklasse fan it fuortset ûnderwiis. It boek is skreaun yn in lettertype dat op hânskrift liket, en wurdt oanhâldend ûnderbrutsen troch yllustraasjes dy't Kinney ek sels makke hat. It Libben fan in Labbekak is it earste diel fan 'e boekesearje mei deselde namme, dêr't yn 2018 it trettjinde diel fan útkaam. It boek waard foar it earst yn 2007 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Amulet Books en helle daliks de bestsellerlist fan The New York Times. It waard oerset yn 59 talen;[1] sa ferskynde it yn 2009 yn it Nederlânsk as Het Leven van een Loser. Yn 2010 waard it ferfilme as Diary of a Wimpy Kid. De Fryske oersetting ferskynde yn 2018 by Uitgeverij De Fontein.

Sjoerd Sjollema (yn 'e oarspronklike, Ingelsktalige ferzje: Greg Heffley) is de middelste soan yn in húshâlding mei trije bern. Hy hat in âldere broer, Ronald (Rodrick), dy't in klier is dy't him geregeldwei in streek leveret, en in jongere broer, Minne (Manny), dy't yn 'e grûn bedoarn wurdt troch harren heit en mem. Mem is frijwat bepopkjend en bringt Sjoerd dêrmei geregeld yn ferlegenheid foar syn leeftydsgenoaten oer, wylst heit Jan Sjollema de keazen libbensstyl fan Sjoerd, dy't benammen bestiet út it spyljen fan fideospultsjes, ôfkart.

Op syn nije skoalle, it Krúswei Kolleezje, slacht Sjoerd benammen om mei syn bêste freon, Doede Donker (Rowley Jefferson). Wa't er yn 't bysûnder besiket te ûntrinnen is in jonge by him út 'e buert, dy't fanwegen syn skeinspruten 'Sprútsje' (Fregley) hjit en fanwegen syn aparte hâlden en dragen in sosjale paria is. In oar ding dêr't om tocht wurde moat, is in fiis stik tsiis dat al in healjier op it asfalt fan it basketbalperk fan 'e skoalle leit. De skoalbern hawwe nammentlik de 'Tsiis Tik' betocht: wa't 'de Tsiis' oanrekke hat, wurdt mijd as hied er de pest, oant it him slagget om in oarenien oan te reitsjen (dy't op dat stuit net de fingers krúst hâldt) en sa de tik troch te jaan. De lêste dy't de Tsiis Tik hie, hat nei Grins ta ferhúzje moatten om der fan ôf te kommen.

Yn 't earstoan is Sjoerd der net wis fan oft er syn freonskip mei Doede wol oanhâlde moat, om't Doede mar frijwat ûnfolwoeksen út 'e hoeke komme kin, wat weromslacht op Sjoerd. Mar hy hat fertrouwen yn syn eigen fermogen om populêr te wurden, en beslút dat dat fermogen grut genôch is om Doede syn misslaggen te trochstean. Om populêr te wurden ûndernimt Sjoerd ferskate dingen. Sa besiket er om 'e nocht om skathâlder fan 'e learlingeried te wurden en ek jouwe hy en Doede harren op foar it wrakselteam fan 'e skoalle. It wrakseljen jout Sjoerd lykwols al rillegau oer, nei't er in potsje fan Sprútsje ferlern hat.

Mei Halloween geane Sjoerd en Doede by de doarren lâns om snobbersguod, mar se krije it oan 'e stôk mei in groepke âldere jonges dy't harren bespuitsje mei in brânblusser folle mei wetter. Sjoerd besiket harren ôf te skrikken troch dermei te driigjen dat er de plysje skilje sil, mar dat wurket averjochts, en dan komme de jonges harren efternei. Hy en Doede sykje beskûl yn it hûs fan Sjoerd syn beppe oant de kust feilich is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As syn mem him twingt om mei te dwaan oan de wintermusical fan 'e skoalle, dêr't dat jiers De Tovener fan Oz spile wurdt, sabotearret Sjoerd syn audysje, sadat er de rol fan ien fan 'e beammen kriget, dy't aldergeloks net hoege te sjongen. Dêrmei liket er mei de skrik frij te kommen, mar dat beteart oars as de regisseur fan 'e musical, frou Noordmans, beslút dat alle akteurs de kâns krije moatte om in stikje te sjongen, en dêrom spesjaal foar de 'beammen' in liet ynfoeget. As Sjoerd syn broer Ronald in fideokamera meinimt nei de foarstelling begrypt Sjoerd dat it him syn hiele fierdere libben efterfolgje sil as er it ûnnoazele ferske fan frou Noordmans sjongt. Syn oplossing is om him gewoan stil te hâlden, mar as de oare 'beammen' dat merke, hâlde dy ek op fan sjongen. Sjoerd makket it dêrnei noch minder troch de yrritante haadrolspylster fan it stik, Pytsje Feenstra (Patty Farrel), te bekûgeljen mei rekwisiten. As de oare 'beammen' har yn dy striid minge, einiget de foarstelling yn gaos.

De kryst draait foar Sjoerd út op in teloarstelling as mem de pakjes trochinoar helle hat, en it foar him bedoelde fideospultsje by in goed doel bedarre is. Oan 'e ein fan 'e krystfakânsje spylje Sjoerd en Doede in spul wêrby't Doede by de heuvel del riidt en Sjoerd him mei in bal fan 'e fyts besiket te goaien. Uteinlik rekket de bal ynstee fan Doede sels it foartsjil, mei as gefolch dat Doede mei fyts en al oer de kop slacht. Hy brekt dêrby de earm, en as er nei de fakânsje op skoalle ferskynd mei de earm yn it gips, wurdt er ynienen it mulpunt fan belangstelling foar alle famkes, dy't bygelyks syn skoalboeken foar him drage en him syn iten opfuorje. Dat giet sa mâl dat Sjoerd der jaloersk fan wurdt.

Nei't Doede syn earm wer genêzen is, jouwe hy en Sjoerd harren op as oerstekhelpen om jongere bern feilich oer in drokke wei te bringen. Dat betsjut wol dat se moarns wat earder fan bêd ôf moatte, mar dêr stiet foaroer dat se oan 'e ein fan 'e net sa ynspannende put in beker waarme sûkelarjemolke krije. Op in middei, as Sjoerd Doede syn jas liend hat, hellet er in kweajongesstreek út troch de bern dy't er oer de wei helpe moat, efternei te sitten mei in grouwe wjirm dy't er opkrigen hat mei in tûkje. In frou út 'e buert, dy't it foarfal by har foar de hûs barren sjocht, skillet de skoalle op en jout oan 'e rektor troch wat se sjoen hat. Mar om't Sjoerd Doede syn jas oanhie, fersint it frommes har en wiist se Doede oan as de skuldige.

As Doede by menear Wijnstra op it matsje roppen wurdt, begrypt Sjoerd krekt wat der bard is. Hy pakt der de hiele fierdere dei mei om wat er dwaan sil. Hy freget syn mem om rie sûnder har alles te fertellen, en sy seit dat er it goede dwaan moat. Mar Sjoerd wit dat der dan fierder gjin waarme sûkelarjemolke mear foar him yn sit. Dat, as er dy nachts wekker leit, beslút er dat it goede yn dit gefal is om Doede derfoar opdraaie te litten. Nei't Doede straf krigen hat fan Wijnstra, makket Sjoerd lykwols de flater om him te fertellen hoe't it sit mei de saak. Hy beslút dermei te sizzen dat se beide wat leard hawwe: Sjoerd dat er dat soarte keunsten net by frou Anema foar de ruten úthelje moat, en Doede dat er net oan Jan en alleman syn jas útliene moat. Hy fynt fan himsels dat er dat moai ûnder wurden brocht hat.

De oare deis wurdt Sjoerd by Wijnstra roppen en út syn funksje as oerstekhelp set, om't Wijnstra "út in anonime boarne" fernommen hat wa't de wiere skuldige is oan it ynsidint mei de wjirm. Dat betsjut de ein fan 'e freonskip tusken Sjoerd en Doede. Wylst Doede ynienen maten wurdt mei Kees Lap (nota bene Sjoerd syn reservefreon!) besiket Sjoerd Doede dúdlik te meitsjen dat er gjin ferlet fan him hat, troch freonen te wurden mei Sprútsje. Dat beteart lykwols min.

As Doede ek noch de nije striptekener fan 'e skoalkrante wurdt, in baantsje dat Sjoerd graach hawwe wollen hie, geane de beide eks-freonen nei skoaltiid by it basketbalperk mei-inoar op 'e fûst. Wylst se de hannen fol hawwe oaninoar, komme de âldere jonges opdaagjen dy't harren mei Halloween efternei sieten. Dy gripe harren en twinge Doede om 'e helte fan de Tsiis op te iten, dy't dêr noch altyd op 'e grûn leit. Sjoerd moat de oare helte opite, mar hy makket de jonges wiis dat er allergysk is foar suvelprodukten. Ta syn eigen ferheardens leauwe se dat ferlechje en litte him gean, wylst Doede dan ek de rest fan de Tsiis opite moat. Neitiid bliuwt de ferdwining fan de Tsiis net ûnopmurken. De oare bern witte dat Doede en Sjoerd by de Tsiis oan it fjochtsjen wiene, en it leit foar de hân dat ien fan harren beiden no de Tsiis Tik hat. Dan seit Sjoerd dat hy de Tsiis oppakt en yn it jiskefet smiten hat. Nimmen wol dan noch mei him omgean, behalven Doede, want troch Sjoerd syn leagen wurde de beide jonges wer freonen.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Diary of a Wimpy Kid waard begjin desimber 2018 ûnder de titel It Libben fan in Labbekak yn it Frysk oerset troch Martsje de Jong. Dy fertaling waard útbrocht by Uitgeverij De Fontein te Utert, dy't yn 2009 ek de Nederlânsktalige oersetting Het Leven van een Loser publisearre hie. De Fontein naam sels it inisjatyf ta de ferfrysking, en krige dêrfoar by beskate praktyske saken help fan 'e Afûk.[2] Skriuwer Jeff Kinney, stie fjouwerkant efter it plan foar in fertaling yn it Frysk, om't er besefte hoe wichtich oft it foar bern is om yn harren eigen memmetaal te lêzen. Dêrom skonk er de rjochten foar de Fryske oersetting fergees oan De Fontein.[3] Yn earste ynstânsje waard in oplaach fan 800 eksimplaren printe.[2] Yn 'e dagen foar it Sinteklaasfeest helle De Fontein auteur Jeff Kinney nei Fryslân ta om it boek te promoatsjen. Dyselde waard op 4 desimber yn Teäter Snits bestoarme troch 600 jonge fans,[1][2] en op 5 desimber hold er mei Klokhuis-presintator Habtamu de Hoop as tolk in synjearsesje yn 'e haadfêstiging fan Boekhannel Van der Velde, oan 'e 'stille kant' fan 'e Nijstêd yn Ljouwert, dêr't lange rigen foar stiene.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 ――, Schrijver Jeff Kinney bestormd door fans, yn: de Ljouwerter Krante, 5 desimber 2012, s. 1.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 Haagsma, Jacob, Joelen om een jeugdboekenauteur, yn: de Ljouwerter Krante, 5 desimber 2012, s. 29.
  3. Vries, Sietse de, In oersetting is kânsriker as in orizjineel, yn: de Ljouwerter Krante, 14 desimber 2018, bylage Freed, s. 8-9.


Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.